Noardergrêft (Dokkumersk en offisjeel: Noardergracht) is in grêft yn de gemeente Dongeradiel. De Noardergrêft is it noardlikste rak fan de stêdgrêft om Dokkum. Nei it easten is it neikommende rak de Hurdridersgrêft, nei it westen de Parkstergrêft.
De namme Noardergracht jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Noordergracht.
Sjoch ek Fryske wetters
Kategory:Dokkum Kategory:Kanaal yn Dokkum (gemeente) Kategory:Kanaal yn Dongeradiel Kategory:Kanaal yn Noardeast-Fryslân