De Kleasterfeart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De kleasterfeart rint nei in kleasterterp fan Aldekleaster by Hartwert nei de omkriten fan Boazum. Tsjintwurdich is de feart it westlike ferlingde fan de Hidaarder Feart by Hidaard nei de Boalserter Feart. Oan de Alde Kleasterfeart stiet de wynmotor Hartwert.

De namme Kleasterfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Oude Kloostervaart.

Kategory:Hartwert Kategory:Kanaal yn Wymbritseradiel (oant 1984) Kategory:Kanaal yn Wymbritseradiel Kategory:Kanaal yn Boalsert (gemeente) Kategory:Kanaal yn Hinnaarderadiel Kategory:Kanaal yn Littenseradiel Kategory:Kanaal yn Súdwest-Fryslân