Foarfallen Attila ferienigt alle Hunnen ûnder ien gesach. Neffens de leginde wurdt op de berch fan San Marino in kleaster stiften. Europa Regila (441 - 448) folget syn heit Hermerik op as kening oer it Suevenryk. Hy ferbynt him oan de Bagaudae (boeren dy't net om lyk wolle) yn Gallaecia (Noard-Spanje) en feroveret Sevilla, de haadstêd fan Hispania Baetica. It Romeinske leger wurdt suver hielendal fan it Iberysk Skiereilân ferdreaun.

Perzje

Kening Yazdagird II fan Perzje slút nei in koarte kriich in fredesferdrach mei it East-Romeinske Ryk. Theodosius II seit dat er gjin fersterkings oan de ryksgrins bouwe litte sil.

Berne

Ferstoarn Hermerik, kening fan de Sueben (datum ±)

Kategory:5e iuw