De griiskoppoarperhin (Porphyrio poliocephalus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae).

Ferskining thumb|left|Fûgel yn Yndia. Griiskoppoarperhinnen binne wetterfûgels mei donkere, skimerjende indigo- of pearse fearren mei reade snaffels en in read skyld op 'e foarholle. Alhoewol't de kleur fan 'e fearren regionaal ferskilt, binne de rêch en wjukken oer it generaal donkergrien of brún mei in griene glâns. It boarst en de kop fariearret fan ljochtblau oant griis. De sturt is koart en helderwyt oan 'e ûnderkant. Se ha lange oranjereade poaten. Fersprieding It grutste diel fan it ferspriedingsgebiet fan 'e soarte leit fan it easten fan Pakistan oer it Yndysk subkontinint oant Súdeast-Aazje. Nei it westsen ta lizze fan dat gebiet in oantal lokale ferspriedingsgebieten oant it suden fan Turkije.

Birds of the World neamt de folgjende ûndersoarten:

Porphyrio poliocephalus caspius (Hatert, 1917) – Kaspyske See, Noardwest-Iran en Turkije. Porphyrio poliocephalus seistanicus (Sarudny & M. Härms, 1911) – Súdeast-Turkije oant de Kaspyske See, Noardwest-Iran, Irakoant Pakistan en Noardwest-Yndia. Porphyrio poliocephalus poliocephalus (Latham, 1801), nominaatfoarm – Yndia en Sry Lanka oant súdwest-Sina en noardlik Tailân, de Andamanen en Nikobaren. Porphyrio poliocephalus viridis (Begbie , 1834) – Súdlik Myanmar oant Sintraal- en Súdlik Yndosina, it Maleizysk Skiereilân en Noard-Sumatra

(Viridis stiet net yn 'e Avibase-database, Caspius stiet net yn 'e IOC Worldbirdlist.)

Eksoat Yn Florida is in útwreidzjende populaasje, ôfkomstich fan healwei de jierren 1990 ûntsnapte finzen fûgels. Yn 'e jierren 2006-2008 binne tûzenen fûgels fongen om it bist dêr út te roegjen, mar de maatregels hienen in minimaal effekt en de fûgel wie al te talryk. It útroegingsprogramma waard dêrom stopset. De grutste populaasjes binne yn Miami, Fort Lauderdale en de Everglades te finen.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Poarperhin Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten