De Australyske poarperhin (Porphyrio melanotus) is in fûgel út 'e famylje ralfûgels (Rallidae).

Ferskining De poarperhin is in tige grutte ralfûgel mei in lingte fan 45 oant 50 sintimeter. De boppedielen binne donker en de ûnderkant is skimerjend blau en pears. De sturtfearren binne wyt, dy't by it rinnen op en del bewege. De grutte snaffel en it reade skyld boppe de holle binne read, lykas ek de poaten mei syn lange teannen.

Fersprieding en habitat thumb|left|Djoeiende Australyske poarperhinnen. De fûgel wurdt ferdield yn fiif ûndersoarten:

Porphyrio melanotus melanopterus: Sulawesi, de Molukken , de Lytse Sûnda-eilannen en Nij-Guineä Porphyrio melanotus pelewensis: Palau Porphyrio melanotus melanotus: noardlik en eastlik Austraalje, Tasmaanje, Norfolk, Lord Howe, Nij-Seelân, de Kermadeceilannen en de Chathameilannen. Porphyrio melanotus bellus: Súdwestlik Austraalje. Porphyrio melanotus samoensis: Salomonseilannen, Nij-Kaledoanje, Fidzjy en Samoä.

Status De Australyske poarperhin wurdt troch de IUCN as in ûndersoarte fan 'e gewoane poarperhin (Porphyrio porphyrio). Dêrfandinne is der gjin beöardieling fan 'e status fan 'e fûgel.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Poarperhin Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Fidzjy Kategory:Lânseigen fauna yn Samoä Kategory:Lânseigen fauna yn Palau Kategory:Lânseigen fauna yn Norfolk (eilân) Kategory:Lânseigen fauna yn Lord Howe Kategory:Lânseigen fauna yn de Kermadeceilannen