thumb|right|260px|Queen-konsert yn Frankfurt, 1984 Queen is in Ingelske rockband oprjochte yn 1970 yn Londen. De band brocht yn 1973 syn debútalbum Queen út. Queen hat fjirtjin studio-albums en tsien live-albums útbrocht.

Skiednis It iere begjin Yn 1968 besleaten Brian May en Tim Staffell, beide studint yn Londen, in groep te foarmjen. May hong in advertinsje op it kolleezjeprikboerd foar in type "Ginger Baker/Mitch Mitchell"-drummer. In studint toskhielkunde, mei de namme Roger Taylor, die audysje en krige it plak efter de drums. Se neamden de groep Smile. Yn 1969 tekenen se in kontrakt by platemaatskippij Mercury Records. Hjir diene se harren earste ûnderfining op yn in opnamestudio (Trident Studios), en krigen fan platelabel Mercury, de kâns in 7 ” single út te bringen. Dy waard allinnich yn Amearika útbrocht en troch de platemaatskippij net promoate. De trochbrek bleau út.

Queen Yn 1970 besleat Smile om der de brui oan te jaan, want der like neat te barren foar de band. Bassist Staffell gie fuort en sleat him oan by in bân mei de namme Humpy Bong. Farrokh Bulsara gie by syn band Wreckage wei en sleat him oan by May en Taylor en it begjin wie dêr. Fia audysjes waard in Mike Grose de earste basgitarist fan Queen dy't in moanne bleau. Farrokh Bulsara feroare syn namme yn Freddie Mercury en stelde foar om ûnder de namme Queen fierder te gean, mei om 't dit moai paste by de nûmers White Queen en The March of the Black Queen dêr 't May en Mercury respektyflik mei dwaande wiene. John Deacon waard frege om audysje te dwaan as bassist nei fjouwer tydlike bassisten (ûnder oare Barry Mitchell). Yn febrewaris 1971 kaam Deacon as bassist by Queen.

In 1972 tekene Queen syn earste platekontrakt by it label EMI. En brocht yn 1973 harren earste album Queen út. Dit album mei de earste single Keep Yourself Alive smiet fuortendaliks al in beskieden sukses op, en gie de band foar it earst op toernee as foarprogramma fan de band Mott the Hoople. Nei dit toernee gie Queen wer de studio yn om it twadde studio-album op te nimmen. Op dit album mei de namme Queen II dat yn 1974 útkaam stie de earste echte hit fan Queen, de single Seven Seas of Rhye behelle yn Ingelân de top tsien fan de hitlisten. Yn novimber 1974 folge it tredde studio-album al, Sheer Heart Attack mei hjir op de single Killer Queen de trochbrek fan Queen op de Jeropeeske fêste wâl. Meardere grutte hits folgen wêrûnder Bohemian Rhapsody yn 1975 it nûmer stie wrâldwiid heech yn de hitlisten. Yn 1989 nei it útbringen fan it tolfde studio-album The Miracle kundige de band oan net mear sa wiidweidich op toernee te gean om't hja dêr te âld foar wiene. Mar yn werklikheid hie Mercury doe al sûnensproblemen. Yn 1991 kaam it tretjinde studio-album Innuendo beide albums mei teksten dy't al ferwiisden nei it siikwêzen fan Freddie Mercury. Yn in offisjeel parseberjocht dat op 23 novimber fan dat jier útbrocht waard, ferklearre de sjonger dat hy aids hie. Goed 28 oeren letter, op 24 novimber 1991 om 19.00 oere hinne, ferstoar Mercury oan in longûntstekking as gefolch fan aids.

Queen nei Freddie Mercury Op 20 april 1992 waard der in betinkingskonsert organisearre foar de ferstoarne sjonger. In ferskaat oan artysten en bands diene hjir oan mei, Elton John, Metallica, Seal, George Michael, David Bowie, Liza Minnelli en Guns N' Roses. Nei it konsert waard wurke oan harren alderlêste album, dat ûnder oare materiaal befette wat yn de lêste libbensmoannen fan Mercury opnommen waard. It waard yn 1995 útbrocht. Made yn Heaven wie in oade oan Mercury en befettet A winter's tale (it lêste liet dat Mercury noch skreaun hat), Mother Love (it lêste wat Mercury noch ynsongen hat flak foar syn dea) en oare nûmers.

Yn 1997 waard der noch in nûmer útbrocht, nammentlik No-One But You (Only The Good Dy Young ), wat in oade wie oan Mercury. Yn 1997 wie ek it lêste optreden dêr 't alle oerbleaune leden fan Queen mei-inoar op it poadium stiene. It wie de premjêre fan in foarstelling fan Béjart Ballet, dêr 't ek de muzyk fan Queen yn sintraal stie. Tegearre mei Elton John brochten se The Show Must Go On. Nei dit optreden, hat bassist John Deacon himsels weromlutsen út it iepenbiere libben en hat sûnt noch mar sporadysk kontakt mei Brian May, Roger Taylor en manager Jim Beach. Hy stapte yn 1997 út de band omdat er fynt dat Queen yn it sin brocht wurde moast sa't de band yn har heechtiidsdagen wie.

Hoewol't Queen lang ferline tiid like te wêzen, bleau de fraach nei de muzyk bestean. Nei oanlieding fan de wrâldwiid útfierde musical We will rock you, giene de oerbleaune bandleden op syk nei immen dy't it plak efter de mikrofoan ynnimme koe. Yn earsten kamen se út by Paul Rodgers sjonger fan de band Bad Company. Mei Rogers is oant 2009 toert en in studio-album opnaam, The Cosmos Rocks únder de namme Queen + Paul Rodgers.

Nei Paul Rodgers moast der wer socht wurde nei in sjonger, mei in grut berik. dizze sjonger waard by tafal fûn yn Adam Lambert in dielnimmer fan de telefyzje talintejacht American Idol de Amerikaanske ferzje fan it Nederlânske telefyzjeprogramma Idols. Yn novimber 2011 trede Adam Lambert foar it earst op mei de bandleden fan Queen. Op 2 oktober 2020 waard it album Live Around the World útbrocht, in kompilaasjealbum mei opnamen fan in greep út de 218 konserten dy't Queen + Adam Lambert oant dy tiid ta byinoar jûn hawwe.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Queen13 july 1973EMIKeep Yourself Alive,LiarQueen II8 maart 1974Seven Seas of RhyeSheer Heart Attack8 novimber 1974Killer Queen,Now I'm HereA Night at the Opera21 novimber 1975Bohemian Rhapsody,You're My Best FriendA Day at the Races10 desimber 1976Somebody to Love,Tie Your Mother Down,Teo Torriatte (Let Us Cling Together),Good Old-Fashioned Lover Boy,Long AwayNews of the World28 oktober 1977We Are the Champions,Spread Your Wings,It's LateJazz10 novimber 1978Bicycle Race,Don't Stop Me Now,Mustapha,JealousyThe Game30 juny 1980Crazy Little Thing Called Love,Save Me,Play the Game,Another One Bites the Dust,Need Your Loving TonightHot Space21 maaie 1982Under Pressure (mei David Bowie),Body Language,Las Palabras de Amor,Calling All Girls,Staying Power,Back ChatThe Works27 febrewaris 1984Radio Ga Ga,I Want to Break Free,It's a Hard Life,Hammer to FallA Kind of Magic2 juny 1986One Vision,Princes of the Universe,A Kind of Magic,One Year of Love,Friends Will Be Friends,Pain Is So Close to Pleasure,Who Wants to Live ForeverThe Miracle22 maaie 1989ParlophoneI Want It All,Breakthru,The Invisible Man,Scandal,The MiracleInnuendo4 febrewaris 1991Innuendo,I'm Going Slightly Mad,Headlong,These Are the Days of Our Lives,The Show Must Go OnMade in Heaven6 novimber 1995Heaven for Everyone,A Winter's Tale,Too Much Love Will Kill You,I Was Born to Love You,Let Me Live,You Don't Fool Me

Live-albums Album Utbrocht op Label Live Killers22 juny 1979EMILive Magic1 desimber 1986At the Beeb4 desimber 1989Band of JoyLive at Wembley '8626 maaie 1992ParlophoneQueen on Fire –Live at the Bowl4 novimber 2004Queen Rock Montreal29 oktober 2007Hungarian Rhapsody:Queen Live in Budapest20 septimber 2012IslandLive at the Rainbow '748 septimber 2014VirginA Night at the Odeon –Hammersmith 197520 novimber 2015On Air4 novimber 2016

Soundtrack-album Film Album Utbrocht op Label SinglesFlash GordonFlash Gordon8 desimber 1980EMIFlash

Kompilaasje-albums Album Utbrocht opGreatest Hits26 oktober 1981Greatest Hits II28 oktober 1991Classic Queen10 maart 1992The 12" Collection1992Queen Rocks3 novimber 1997Greatest Hits III9 novimber 1999Stone Cold Classics11 april 2006The A–Z of Queen,Volume 110 july 2007Absolute Greatest16 novimber 2009Deep Cuts,Volume 1(1973–1976)14 maart 2011Deep Cuts,Volume 2(1977–1982)27 juny 2011Deep Cuts,Volume 3(1984–1995)5 septimber 2011Icon11 juny 2013Queen Forever10 novimber 2014Bohemian Rhapsody:The Original Soundtrack19 oktober 2018Greatest Hits in Japan15 jannewaris 2020

Keppeling om utens Offisjele tourneesite Site mei Queenteksten Official International Queen Fan Club, Offisjele fanclubsite Queen Concerts, Wiidweidich oersjoch konserten

Kategory:Ingelske rockband Kategory:Band oprjochte yn 1970