right|thumb|250px|Jehan Willem Frisotroch Bernard Accama Jehan Willem Friso (Dessau, 4 augustus 1687 - Strijensas, 14 july 1711), foarst fan Nassau-Dietz (1696-1711), Prins fan Oranje (1702-1711), steedhâlder fan Fryslân (1707-1711) en Grinslân (1708-1711), wie de âldste soan fan Hindrik Kasimir II en Henriëtte Amalia.

Libben Nei de dea fan syn heit yn 1696 waard Jehan Willem Friso beneamd as foarst fan Nassau-Dietz en steedhâlder fan Fryslân en Grinslân. Omdat er noch minderjierrich wie fungearre syn mem oant 1707 as regintes. As ienich erfgenamt fan syn efterneef steedhâlder Willem III krige hy yn 1702 de titel Prins fan Oranje derby.

De Spaanske Suksesjekriich As Generaal fan it Staatsleger die Jehan Willem Friso mei oan de Spaanske Suksesjekriich. Troch in misbegryp tusken him en de Britske kommandant, Marlborough ferlearen tûzenen Nederlanners it libben yn de slach by Malplakwet op 11 septimber 1709. Lykwols behelle hy yn dizze bluodderige fjildslach de oerwinning.

Op 14 july 1711 op wei nei De Haach foar besprekkings oer in erfkwestje, kaam de doe 23-jierrige Jehan Willem Friso troch ferdrinking om by it oerstekken fan it Hollânsk Djip by Moerdijk nei Strijensas. Koart dêrnei op 1 septimber 1711, waard syn soan Willem IV berne. Op 25 febrewaris 1712, goed 7 moannen nei syn dea, waard Jehan Willem Friso begroeven yn de Grutte of Jakobinertsjerke yn Ljouwert.

Houlik en bern Jehan Willem Friso troude op 26 april 1709 mei Maria Louise (1688-1765). Ut dat houlik waarden twa bern berne: Anna Charlotte Amalia (1710-1777), Willem IV Karel Hendrik Friso (1711-1751) thumb|right|30px|''>

Kategory:Prins fan Oranje Kategory:Foarst fan Nassau-Dietz Kategory:Greve fan Oranje-Nassau Kategory:Markys fan Feare en Flissingen Kategory:Greve fan Bueren en Leardaam Kategory:Greve fan Fianden Kategory:Greve fan Katzenelnbogen Kategory:Greve fan Spiegelberg Kategory:Boarchgreve fan Antwerpen Kategory:Baron fan Beilstein Kategory:Baron fan Breda Kategory:Baron fan Dyst Kategory:Baron fan Grave en it Lân fan Cuijk Kategory:Baron fan Herstal Kategory:Baron fan Iselstein Kategory:Baron fan Kranendonk en Eindhoven Kategory:Baron fan Liesveld Kategory:Erf- en frijhear fan it Amelân Kategory:Steedhâlder fan Fryslân Kategory:Steedhâlder fan Grinslân Kategory:Steedhâlder fan Drinte Kategory:Frysk generaal Kategory:Frysk politikus Kategory:Fryske adel Kategory:Dútske adel Kategory:Frysk persoan fan Deensk komôf Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Frysk persoan fan Eastenryksk komôf Kategory:Frysk persoan fan Hugenoatsk komôf Kategory:Frysk persoan fan Litousk komôf Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Frysk persoan fan Poalsk komôf Kategory:Hûs Nassau-Dietz Kategory:Hûs Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn 1687 Kategory:Persoan stoarn yn 1711