De sniefink (Plectrophenax nivalis) is in fûgel út de famylje fan de iisfinkfûgels (Calcariidae), dy 't besibbe is oant de goarsfûgels. It is in fûgel fan it noarden dy't de toendra's brûkt om te brieden.
Foarkommen In folwoeksen mantsje is hiel maklik te werkennen oan syn swartwite fearren. It duorret lykwols twa jier foar dat it wyt fan de jonge fûgels sa ljocht wurden is. Dan binne de fûgels wat bruner, krekt as de âldere mantsjes ek by't winterdeis binne. It wyfke is ek wat bruner, mar hat ek wol in wite ûnderkant. De wjukken fan de sniefink binne relatyf lang, de snaffel is lykwols koart. De Sniefinken binne sa'n 16.5 sm lang en wage tusken de 26 en 40 gram. Dêrmei binne se nei grutte te ferlykjen mei de Mosk.
Fersprieding Yn Jeropa binne de sniefinken allinnich yn it noarden te finen. Sy briede yn de simmer op de tûndra's fan Skandinaavje en ek yn Skotlân, meast boppe de beammegrins. Yn Yslân en ek yn it midden fan Noarwegen bliuwe se it hiele jier. By winterdeis lûke de fûgels nei it suden en binne dan by de Noardsee en Eastseekust te finen. Ek yn Nederlân en Fryslân binne se wolris yn lytse groepkes te sjen; yn 2013-2015 wiene der sa'n 1000-3000 wintergasten yn Nederlân.
Iten It iten fan de sniefink bestiet út lytse siedden en ynsekten.
Fuortplanting Yn maart begjint de briedtiid. Earst komt it mantsje op it briedplak om it territoarium mei syn sjongen ôf te beakenjen. At it dan lykwols somtiden wer snijt dan sammelje se harren wer yn lytse groepkes. It wyfke komt faak in pear wike letter. It nêst leit meast tusken wat stiennen as yn rotsspleten en is makke fan plantestâlen, de beklaaiïng bestiet út hier en fearren. Meast wurde twa nêsten grutbrocht yn ien jier. It wyfke leit fjouwer oant seis aaien dy't yn sa'n 12-13 dagen útbret wurde.
Taksonomy De sniefink hat trije ûndersoarten: Plectrophenax nivalis nivalis, Noard-Noard-Amearika, Noard-Jeropa Plectrophenax nivalis vlasowae, Iislân Plectrophenax nivalis townsendi, Eilannen Beringsee
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Sniefink Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spitsbergen Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân