Ernst Kasimir (Dillenburch, 22 desimber 1573 – Roermond, 2 juny 1632) fan 1606 oant 1632 greve fan Nassau-Dietz, fan 1620 oant 1632 steedhâlder fan Fryslân en fan 1625 oant 1632 steedhâlder fan Grinslân en Drinte.
Libben Ernst Kasimir wie in soan fan Jan fan Nassau, de broer fan Willem fan Oranje en Elisabeth fan Leuchtenberg. As greve folge hy syn heit op, as steedhâlder fan Fryslân syn âldere broer Willem Loadewyk.
Ernst Kasimir wie benammen bekind as in treflik militêr lieder. Hy oermastere in oantal stêden, û.o. Stienwyk en Oldenzaal op de Spanjerts. Troch de bewenners fan Fryslân waard hy tige wurdearre, alhoewol't hy net folle yn Fryslân oanwêzich wie. As tank foar syn militêre súksessen krige hy fan de Friezen de tasizzing dat syn soan him nei syn dea opfolgje mocht.
Yn juny 1632 kaam Ernst Kasimir te ferstjerren doe't hy by in ynspeksje fan rinfuorgen by it Belis fan Roermond troch in kûgel troffen waard. Hy waard opfolge troch syn soan Hindrik Kasimir I.
Houlik en bern Ernst Kasimir troude yn 1597 mei de op dat stuit 14-jierrige Sofia Hedwich fan Brunswyk-Wolfenbüttel, de dochter fan greve Hindrik Julius fan Brunswyk-Lüneburg. Sy krige njoggen bern, dêr't mar twa fan folwoeksen wurde soenen. Hindrik Kasimir I (1612-1640), net troud Willem Freark (1613-1664), troud mei Albertine Agnes fan Oranje-Nassau en stamheit fan it tsjintwurdich keninklik hûs yn Nederlân.
Literatuer ; (2012) Gulden Vrijheid?: Politieke cultuur en staatsvorming in Friesland, 1600-1640, Verloren, Hilversum, 464 s.
Kategory:Greve fan Nassau-Dietz Kategory:Greve fan Katzenelnbogen Kategory:Baron fan Beilstein Kategory:Steedhâlder fan Fryslân Kategory:Steedhâlder fan Grinslân Kategory:Steedhâlder fan Drinte Kategory:Dútsk generaal Kategory:Dútsk politikus Kategory:Dútske adel Kategory:Frysk generaal Kategory:Frysk politikus Kategory:Fryske adel Kategory:Steatsk militêr yn de Tachtichjierrige Oarloch Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op lân Kategory:Dútsk persoan fan Eastenryksk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Litousk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Poalsk komôf Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Frysk persoan fan Eastenryksk komôf Kategory:Frysk persoan fan Litousk komôf Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Frysk persoan fan Poalsk komôf Kategory:Hûs Nassau-Dietz Kategory:Persoan berne yn 1573 Kategory:Persoan stoarn yn 1632