De Kaap-Yorkrôt (wittenskiplike namme: Rattus leucopus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte rotten (Rattus). Dit bist is lânseigen yn it noardeasten fan Austraalje en it suden fan Nij-Guineä. It is in middelgrutte rôt mei in nokturnale libbenswize en in omnivoar dieet. De IUCN klassifisearret de Kaap-Yorkrôt as net bedrige.

Fersprieding De Kaap-Yorkrôt is lânseigen yn it noardeasten fan Austraalje, dêr't er yn it noarden fan 'e dielsteat Queenslân in diskontinuë fersprieding hat op it grutte Kaap-Yorkskiereilân. Hy komt dêr foar yn in langrutsen krite by de súdeastkust lâns, rûchwei fan fan Cooktown oant Townsville, en teffens op 'e noardpunt fan it skiereilân, oan 'e Torresstrjitte ta, de see-ingte dy't it Kaap-Yorkskiereilân fan it eilân Nij-Guineä skiedt.

Oare kant dat wetter bewennet de Kaap-Yorkrôt ek de hiele súdlike helte fan Nij-Guineä, oan it Maokeberchtme en it Sintraal Berchtme ta. Oan 'e eastlike útein, yn Papoea Nij-Guineä, krôlet it ferspriedingsgebiet in lyts eintsje om 'e útein fan it Owen-Stanleyberchtme hinne nei de noardkust fan it Papoeaskiereilân. Yn it westen, yn Yndoneezje, bestiet der in isolearre populaasje op 'e noardlikste eilannen fan 'e Arû-arsjipel.

Uterlike skaaimerken De Kaap-Yorkrôt is in middelgrut lid fan it skaai fan 'e echte rotten (Rattus). Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 131/2–21 sm, mei in sturtlingte fan 14–21 sm en in gewicht fan 90–205 g. De efterpoaten binne 33–40 mm lang. De krap behierre earkes, dy't brún binne, mjitte 18–24 mm. De brune oant witige sturt is rank en keal en likernôch like lang as de kop-romplingte. De snút is lang en spits fan foarm. De wyfkes hawwe trije pear oerkes.

De pels is rûchhierrich en hat hjir en dêr sels lytse stikeltsjes troch it hier hinne sitten. By jonge eksimplaren is de pels sêfter en binne de stikels noch net ta ûntwikkeling komme. De boppeste lichemsdielen, benammen de kop en de rêch, hawwe in swartich brune oant goudbrune kleur, dy't yn 'e nekke en op 'e siden wat taljochtet. De ûnderste lichemsdielen (kiel, boarst, bealch en poaten) binne ljochtgriis, krêm of wyt.

Biotoop Kaap-Yorkrotten komme benammen foar yn ûnoantaast tropysk reinwâld, mar dêrnjonken libje se ek yn rivierwâlden, sekundêr wâld en tunen yn ferstedske gebieten. Yn it súdeasten fan it Kaap-Yorkskiereilân dielt de Kaap-Yorkrôt syn ferspriedingsgebiet mei de Australyske strûkrôt (Rattus fuscipes). Yn reinwâldfragminten dominearret de Kaap-Yorkrôt, mar yn gebieten dy't mear troch de minske fersteurd binne, oerhearket de Australyske strûkrôt. Yn berchtmen komt de Kaap-Yorkrôt foar oant op in hichte fan 1.200 m boppe seenivo.

Hâlden en dragen Hoewol't de Kaap-Yorkrôt wol klimme kin, docht er dat mar komselden en libbet er fierhinne op 'e wâldflier, dêr't er syn kostje byinoar fandelet troch tusken en ûnder de ôffallen blêden te foerazjearjen. It is in nachtdier, dat de dei yn rêst yn in ûndergrûnske hoale trochbringt. Kaap-Yorkrotten libje ornaris yn groepkes fan ferskate folwoeksen eksimplaren en guon healwoeksen bisten, mar in solitêre libbenwize komt ek foar. De yngongen fan 'e hoale, yn 'e wâldflier, wurde ferburgen ûnder ôffallen blêden en oar fergeand plantaardich materiaal. Soms wurde hoalen net yn 'e grûn makke, mar tusken de woartels fan in beam of yn it rotsjende hout fan in omfallen beam. De hoalen hawwe ferskate yngongen en ferskate ûnderling ferbûne romten.

De Kaap-Yorkrôt hat gjin spesifike peartiid, mar kin him ynstee it hiele jier rûn fuortplantsje. Dêrby moat oantekene wurde dat der yn 'e reintiid in dúdlike pyk yn 'e fuortplanting sit en oan 'e ein fan 'e drûge tiid in dúdlike dip. De draachtiid duorret 21–24 dagen, wêrnei't it wyfke yn 'e hoale in nêst fan 2–5 jongen smyt. Ofhinklik fan 'e geunstigens fan it pleatslike klimaat en de dêrmei gearhingjende beskikberens fan fretten kin in wyfke maksimaal 3 nêsten jongen yn 't jier fuortbringe. De jongen komme blyn, keal en helpleas te wrâld en ûntjouwe har frij stadich yn ferhâlding ta de jongen fan oare soarten echte rotten dy't yn Australaazje foarkomme. Mei 22 dagen geane de eachjes iepen en mei likernôch 25 dagen wurde de jongen ôfwûn. Se binne geslachtsryp mei likernôch in fearnsjier. Dat betsjut dat wyfkes teminsten 4 moannen âld binne ear't se foar it earst sels jongen krije kinne.

Fretten De Kaap-Yorkrôt is in omnivoar, waans dieet foar it meastepart bestiet út ynsekten, nuten, fruchten en sieden. Dêrnjonken wurde ek poddestuollen gauris ferslynd. Mar de foarkar liket dit bist te jaan oan ynsekten.

Natuerlike fijannen De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e Kaap-Yorkrôt binne ferskate soarten rôffûgels, ûlen en slangen. Yn Austraalje spilet datoangeande ek de dingo (Canis lupus dingo) in rol, en fierders twa troch de minske yntrodusearre ynvasive eksoaten: de foks (Vulpes vulpes) en de ferwyldere kat (Felis catus).

Status De Kaap-Yorkrôt hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. De soarte liket boppedat gjin lêst te hawwen fan lykfol hokker earnstige spesifike bedrigings.

Undersoarten Der binne 5 (stân fan saken yn 2020) erkende ûndersoarten fan 'e Kaap-Yorkrôt (Rattus leuopus): R. l. cooktownensis Tate, 1951 (de súdeastkust fan it Kaap-Yorkskiereilân yn Queenslân) R. l. dobodurae Troughton, 1946 (súdeastlik Nij-Guineä) R. l. ingens Peters & Doria, 1880 (súdlik sintraal Nij-Guineä) R. l. leucopus Gray, 1867 (de noardpunt fan it Kaap-Yorkskiereilân yn Queenslân) R. l. ratticolor Jentink, 1908 (súdwestlik Nij-Guineä, nei alle gedachten ynkl. de Arû-eilannen)

Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Echte rôt Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä