De Geau is in mar yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De mar leit tsjin de jachthaven fan Warns oer. Troch de mar en nei it westen rint it Johan Frisokanaal nei Starum. Oan de eastkant is de ferbining fia de Houtendaam mei De Moarre. Yn De Geau leit in eilantsje as ôfskieding mei it Johan Frisokanaal.

De namme De Geau jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme De Geeuw.

Kategory:Warns Kategory:Wetter yn Himmelumer Aldefurd Kategory:Wetter yn Nijefurd Kategory:Wetter yn Súdwest-Fryslân Kategory:Mar yn Fryslân