It Biltsk (Biltsk: Bildts) is in Hollânsk-Fryske mingtaal dy't sprutsen wurdt yn 'e ta de provinsje Fryslân hearrende lânstreek It Bilt. It is ûntstien doe't Joaris mei it Burd, de soan fan Albrecht fan Saksen, yn 1505 lju út súdlik Hollân hellen om 'e mûning fan 'e eardere Middelsee drûch te lizzen. De Hollanners setten har neitiid op it nije lân nei wenjen en trouden mei Friezen út 'e omlizzende kontreien yninoar om. Mei rekke ek har Hollânske spraak fermongen mei it Frysk, en sûnt hat dy in ûntjouwing kend dy't fierhinne parallel opgien is mei de taalûntwikkeling fan it Frysk. It doarp Minnertsgea, dat op it "âlde lân" lei en pas by de gemeentlike weryndieling fan 1984 by it Bilt kaam, heart net ta it Biltske taalgebiet.

Skiednis Untstean Om 1500 hinne bestie it Bilt út in samling kwelders en slinken dy't earder de mûning fan 'e âlde Middelsee foarme hie. De earste stappen om dy krite drûch te lizzen, waarden set troch Albrecht fan Saksen, dy't yn 1498 de macht yn Fryslân yn 'e hannen krige. Syn beweechredens wiene simpel: Fryslân hied er mar yn lien krigen fan 'e Dútske keizer, mar it Bilt waard him troch de keizer skonken yn erflik eigendom. Dat wie fansels moai, mar salang't it in ûnbewenne woastenije wie, hied er dêr neat oan. Hy moast sjen dat dêr minsken kamen te wenjen, dy't him belesting betelje koene. Troch syn hommels ferstjerren, yn 1500, waard de yndiking lykwols ferskate jierren opholden. Yn 1505 sleaten Albrecht syn soannen en erfgenamten Hindrik en Joaris mei it Burd in ferdrach mei de bruorren Jacob, Floris en Dirk Oem van Wijngaarden en Thomas Beukelaar Simonsz. Dy mannen kamen út 'e omkriten fan Doardt en hiene dêre in protte ûnderfining mei yndiking en ynpoldering. Se brochten in kloft folk mei út súdlik Hollân, foar in grut part polderwurkers, mar ek boeren, en doe't dy mei de drûchlizzing dien wurk makke hiene, setten se har foar it grutste part op it nije lân nei wenjen.

It Biltsk giet sadwaande fierhinne werom op it Aldsúdhollânsk dat de polderwurkers yn 'e sechstjinde iuw meinamen út 'e omkriten fan Doardt wei, en mear yn it miene súdlik Hollân. Mei't der fierders ek polderwurkers út West-Fryslân oanlutsen waarden, hat ek it Westfrysk in beskate ynfloed útoefene op it iere Biltsk, wylst it doe en letter sterk beynfloede waard en him fermong mei it Frysk út 'e oangrinzgjende kriten fan wat op it Bilt noch altyd 't Ouwe Land neamd wurdt. Uteinlik ûntstie der sa in mingtaal dy't foar sawol Frysktaligen as Nederlânsktaligen fierhinne nei te kommen is. Oant yn 'e tweintichste iuw bleau it Biltsk op it Bilt de dominante taal; lju út Fryslân dy't harren troch de iuwen hinne op it Bilt nei wenjen setten (yn it Biltsk Oudlanders neamd) pasten harren oan 'e besteande taalsitewaasje oan en begûnen Biltsk te praten.

It Biltsk as skriuwtaal De âldste oerlevere tekst yn in taalfoarm dy't net suver Biltsk is, mar dêr wol hiel sterk nei oerhinget, is it Aantekeningenboek van Dirck Jansz. út omtrint 1600. Dêryn wurde foarmen brûkt dy't no net mear yn it Biltsk foarkomme, lykas merdt foar de moanne "maart" (no: maart) en it efterheaksel -schep, lykas yn blitschep, "blydskip" (no: -skap). Fierders is opfallend dat yn it Aantekeningenboek de [u:] fan "drúf", de [œ] fan "put" en de [ø:] fan "reus" skreaun (en dus blykber útsprutsen) wurde as de [i:] fan "wiid", resp. de [ɪ] fan "pit" en de [e:] fan "leed". Dat ferskynsel wurdt yn 'e taalkunde ûntrûning neamd, mei't fokalen dy't mei rûne lippen útsprutsen wurde, ferfongen binne troch guon dy't sûnder rûne lippen útsprutsen wurde. Foarbylden út it Aantekeningenboek binne deer, "doar" (no: deur) en bijertdt, "buert" (no: buurt). Untrûning komt noch altyd foar yn beskate Westfryske dialekten; sa sei men yn it no útstoarne Flylânsk fan iis hiis foar "ús hûs" en yn it Egmondsk seit men derp foar "doarp". en , Fryslân Land van Talen: Een Geschiedenis, Ljouwert, 2018 (op 'e nij besjoene werútjefte), oarspr. printinge 2013 (Afûk), ISBN 978-9 06 27 39 264, s. 72-73.

De earste literêre publikaasjes yn it Biltsk wiene fan 'e hân fan 'e grutte Fryske skriuwer Waling Dykstra (1821-1914), dy't yn Froubuorren berne wie. Syn grutte wurken skreau er lykwols yn it Frysk; sûnt de tachtiger jierren fan 'e tweintichste iuw binne dy allegearre nei Biltsk ta oerset. Mar nettsjinsteande it wurk fan Dykstra en oare iere Biltske skriuwers, wie it Biltsk oant likernôch 1940 ta dochs fral in sprektaal, dêr't gjin fêste stavering foar bestie.

Tusken 1940 en 1950 lei Hotze Sytses Buwalda (1915-1994) út Westhoek de basis foar it Biltsk as skriuwtaal. Sa sette er yn in artikel yn Us Wurk, it tydskrift fan it Frysk Ynstitút oan 'e Ryksuniversiteit Grins, sekuer útinoar hoe't it Biltsk stavere wurde moatte soe. Yn syn fisy wiene der dêrby twa grûnregels: yn it foarste plak moast de Biltske stavering sa ticht mooglik by dy fan it Nederlânsk bliuwe en dêrnjonken moast men út it skreaune Biltsk dúdlik de útspraak opmeitsje kinne. Om fral dat lêste te bewurkmasterjen, stelde Buwalda de ynfiering fan in hiele rige lûden mei diakrityske tekens foar (â, è, ê, î, ô, û, en ú), om't it Biltsk no ien kear oer folle mear ferskillende lûden beskikt as it Nederlânsk.

Yn 1953 kaam der foar it earst in Biltsk lêsboek foar de legere skoallen: Fan de Bildtse Grônd. Yn 1962 waard Hoe skrive wij in 't Bildts útjûn, dat in popularisearre ferzje fan Buwalda syn artikel oer de Biltske stavering wie. Yn deselde tiid wie men by de Fryske Akademy yn Ljouwert, dy't harsels beskôget as de hoeder fan alle, dus ek it net-Fryske, kultuerguod yn Fryslân, begûn mei it tarieden fan in Biltsk wurdboek. Oan it haad fan dat projekt stie wer Hotze Sytses Buwalda, dy't sûnt 1940 in meiwurker fan 'e Fryske Akademy wie. Doe't dyselde yn 1970 mei pinsjoen gong, bleau al it tariedende wurk foar it Biltske wurdboek foarearst lizzen, sawol om't de Fryske Akademy der gjin spesjalist mear foar hie, as om't der op dat stuit gjin jild foar wie. It duorre oant 1987 foar't de bal wer oan it rôljen kaam. Tsjin dy tiid wie it Amelânske wurdboek ree en it Ljouwerter wurdboek fierhinne klear, dat dêrnei koe it Biltske oanpakt wurde. Yn gearwurking mei û.o. de Stichting Ons Bildt kaam it wurk dan einlings en te'n lêsten ôf en koe yn 1996 it mânske, goed achttjintûzen wurden tellende Woordeboek fan 't Bildts publisearre wurde.

Neitiid wurke redakteur Sytse Hotzes Buwalda (de soan fan) fyftjin jier oan in nije edysje fan it wurdboek, dat der úteinlik kaam ûnder einredaksje fan Hindrik Sijens fan 'e Fryske Akademy. It hie oarspronklik yn 2010 ferskine moatten, mar der ûntstie opûnthâld troch ûnienichheid tusken Buwalda en de Stichting Ons Bildt, dy't úteinlik sels late ta in brek tusken dy beide partijen. De nije edysje kaam der wol, mar waard troch Buwalda yn eigen behear útjûn, en wie doe fyftjin euro djoerder as dat hoecht hie. Likegoed fûn op 15 novimber 2013 de presintaasje op swide wize plak yn 'e Groate Kerk te Sint Jabik. De nije edysje telde 22.000 lemma's, mei dêrûnder neologismen, lykas kompjûtertermen, en teffens omfieme it de staveringsgids Hoe Skrive Wy in 't Bildts?, dy't û.m. oandacht besteget oan klamtekens op 'e wurden, meartallen en ferlytsingsfoarmen.

Buwalda ferfolmakke syn beskriuwing fan it Biltsk mei twa lytse taalgidsen: de Woordenlijst Nederlands-Bildts (mei't it Woordeboek fan 't Bildts inkeld fan it Biltsk nei it Nederlânsk oerset), en de Grammatica van het Bildts. Dy boekjes kamen yn 2022, resp. 2023 út by de nije, mei troch Buwalda sels oprjochte útjouwerij De Bildtse Boekerij. Dêr waard ek de nije edysje fan it Woordeboek fan 't Bildts by ûnderbrocht.

Biltsk en Frysk Lange tiid hawwe de Bilkerts harren ôfset tsjin 'e Friezen en it Frysk, wylst de Friezen delseagen op 'e Bilkerts en it Biltsk. Yn 1980 kaam dizze lytse taalstriid ta in klimaks, mei't doe it Frysk in ferplichte fak waard op 'e basisskoallen yn Fryslân. Op it Bilt wie dêr safolle ferset tsjin, dat de Stichting Ons Bildt oprjochte waard, om foar de belangen fan 'e Bilkerts en it Biltsk op te kommen as wjergader fan 'e Ried fan de Fryske Beweging. Nei in ferheftige krêftmjitting kaam der in kompromis: it Frysk waard in ferplichte fak op 'e skoallen, mar net-Frysktalige gemeenten koene ûntheffing oanfreegje en dan ynstee fan it Frysk de eigen taal ûnderwize. Dêrta waard de Kemissy Bildts ("Kommisje Biltsk") oprjochte, dy't derfoar soarge moast dat der lesmateriaal foar it Biltsk kaam.

It iroanyske is, dat de Bilkerts, nei har jierrenlang tsjin it Frysk ôfset te hawwen, ynseagen dat der mear te winnen wie mei gearwurking en dat de Stichting Ons Bildt, dy't oprjochte waard om it wurk fan 'e Ried fan 'e Fryske Beweging te bestriden, ûnderwilens ien fan 'e lidorganisaasjes fan dyselde Ried wurden is. Dêrtroch hat de Ried him ek ta ynset foar it Biltsk ferplichte. En sa koe it dat de Ried foar de Fryske Beweging der by it Nederlânske regear op oanstien hat om it Biltsk as minderheidstaal erkend te krijen, mei in gelikense wetlike status as it Frysk, it Nedersaksysk en it Limburchsk. Spitigernôch hat dat om 'e nocht west. Sa't Henk Kas, lid fan 'e Kemissy Meertalighyd, it ferwurde: "Bildts en Frys naast nander. Metnander werke an 't behouwen fan kultuur en mimmetaal. Neffens mij kin 't niet mooier."

De hjoeddeistige taalsitewaasje Sûnt de ein fan 'e 1970-er jierren hat it Biltsk tige oan status wûn. Dat komt net yn it lêste plak trochdat de gemeente It Bilt sûnt de iere jierren tachtich stadichoan úteinset wie mei it aktyf befoarderjen fan 'e eigen taal. Sa waard om 1980 hinne yn 'e Biltske gemeenterie noch útslutend Nederlânsk sprutsen, wylst in goede tsien jier letter eins alle leden, ynklusyf de boargemaster, Biltsk praten, útsein fansels de Frysktalige Minnertsgeasters. Fierders binne der twa lokale partijen, de Werkgroep Het Bildt en de Frije Bilkerts, dy't opkomme foar de Biltske taal en kultuer en oare Biltske belangen.

Bûten it bestjoerlike mêd hat de Stichting Ons Bildt, dy't subsidiëarre wurdt troch sawol de gemeente as de provinsje, sûnt syn oprjochting in berch wurk ferset. Sa ferskynden der allinnich al tusken 1980 en 1993 tritich Biltsktalige boeken, wat in protte is foar sa'n lyts taalgebiet. Dêrûnder wiene romans, gedichtebondels, skiednisboeken, berneboeken, skoalboeken, fotoboeken en it folsleine oeuvre fan Waling Dykstra. Fierders waarden der winskkaarten, kalinders en tegels en boarden mei Biltske spreuken útbrocht. En boppedat jout de stifting healjierlikse kursussen Biltsk, sawol foar Biltsktaligen as net-Biltsktaligen, en teffens kursussen Biltske skiednis jûn.

De Kemissy Bildts hat yn 1999 syn namme feroare yn Kemissy Meertalighyd ("Kommisje Meartaligens") en giet noch altyd troch mei it ûntwikkeljen fan lesmateriaal foar de legere skoallen yn 'e gemeente. Sa waard yn 2000 it lêsboek Din Din Doasy (sis mar "Hop Hop Hynke") oan 'e skoallen oanbean, dêr't yn it Biltsk oersette ferhalen en rymkes foar bern yn steane, dy't Fryske skriuwers spesjaal dêrfoar skreaun hiene. De Kemissy Meertalighyd, dy't krekt as de Stichting Ons Bildt finansjeel stipe wurdt troch gemeente en provinsje, wurket trouwens op allerhanne mêden hieltyd nauwer gear mei de Afûk, dy't foar it Frysk itselde wurk ferrjochtet. In nije opdracht foar de Kemissy is, sûnt 1999, it advisearjen fan 'e gemeente oer hoe't der yn 'e praktyk it bêste omgien wurde kin mei de trijetaligens (Biltsk-Frysk-Nederlânsk) op it Bilt.

Yn 2015 waard op inisjatyf fan 'e gemeente It Bilt de Stichting Bildts Aigene oprjochte, in koepelorganisaasje dêr't de Stichting Ons Bildt, it Bildts Dokumintasysintrum, it kultureel besikerssintrum de Aerden Plaats en de Kemissy Meertalighyd yn feriene binne.