De Amerikaanske oehoe (wittenskiplike namme: Bubo virginianus) is in fûgel út it skift fan 'e ûle-eftigen (Strigiformes), de famylje fan 'e ûlefûgels (Strigidae) en it skaai fan 'e oehoes (Bubo). Dit bist komt foar yn sawol Noard- as Súd-Amearika en is in frij algemiene stânfûgel. It is in grutte ûle, dy't benammen nachts aktyf is en oerdeis rêst hâldt op beskutte plakken yn beammen. Amerikaanske oehoes hawwe in skutkleur en fertoane yn har uterlik gjin seksuele dimorfy; wat lichemsgrutte oangiet, binne de wyfkes lykwols wat foarser en swierder as de mantsjes.
Dizze fûgels komme foar yn alderhanne biotopen, salang't der mar beammen, of eventueel gebouwen, binne om yn of op te rêsten en te nêsteljen. De Amerikaanske oehoe is in karnivoar, waans wichtichste proaien hazze-eftigen, mûseftigen en wrotmûseftigen binne. Yn 'e ornitology wurdt de Amerikaanske oehoe gauris ferlike mei de (gewoane) oehoe (Bubo bubo) út Jeraazje, dy't grutter is mar deselde ekologyske nys ferfollet. De IUCN klassifisearret de Amerikaanske oehoe as net bedrige. De Amerikaanske oehoe is de offisjele provinsjale fûgel fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta.
Taksonomy De Amerikaanske oehoe waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1788 troch de Dútske biolooch en taksonoom Johann Friedrich Gmelin, foar dy syn op 'e nij besjoene en útwreide edysje fan 'e Systema Naturæ fan Carolus Linnaeus. Gmelin pleatste dizze fûgel yn it skaai Strix, dat no foar de wâldûlen brûkt wurdt, mar dat doedestiden in soartemint sammelbak wie foar alle ûlen. De oarspronklike wittenskiplike namme fan 'e fûgel wie Strix virginiana, wêrby't it soartspesifike diel ferwiisde nei de Amerikaanske steat Firginia. Tsjintwurdich wurdt de Amerikaanske oehoe yn it skaai fan 'e oehoes (Bubo) pleatst, dat yn 1805 yntrodusearre waard troch de Frânske biolooch André Duméril.
Gmelin basearre syn beskriuwing op in eardere beskriuwing troch de Ingelske biolooch George Edwards, dy't de Amerikaanske oehoe yn 1747 opnommen (en yllustrearre) hie yn syn wurk A Natural History of Uncommon Birds ("In Natoerhistoarje fan Net Algemien Foarkommende Fûgels"). Edwards hie in libben spesimen fan 'e soarte sjoen yn it lânhûs fan Richard Boyle, 3e greve fan Burlington te Chiswick. Dat bist wie fongen yn wat doe noch de Britske Koloanje Firginia wie. Sadwaande de ferwizing nei Firginia yn 'e wittenskiplike namme fan 'e dizze fûgel.
Evolúsje De Amerikaanske oehoe is ien fan trije soarten oehoes dy't yn 'e Nije Wrâld foarkomme, en dy't dêr bedarre wêze moatte troch it oerstekken fan 'e Beringlânbrêge yn 'e prehistoarje. Ornitologen ornearje dat de Magelhaenoehoe (Bubo magellanicus) en de Amerikaanske oehoe dúdlik ôfstamje fan in lêste mienskiplike foarâlder dy't de Nije Wrâld al berikt hie. Mar it tinken is dat de snie-ûle (Bubo scandiacus) him al fan 'e oare oehoesoarten ôfspjalten hie foar't er Noard-Amearika berikte. Behalven oan 'e Magelhaenoehoe liket de Amerikaanske oehoe it naust besibbe te wêzen oan 'e (gewoane) oehoe (Bubo bubo) út Jeraazje. Party ornitologen is fan betinken dat dy beide fûgels eins ien soarte foarmje. Der is nammentlik ien gefal bekend dat yn in dieretún in manlike Amerikaanske oehoe en in wyfke fan 'e gewoane oehoe in skynber sûne, hybride pyk fuortbrochten.
Ut it Pleistoseen binne yn Noard-Amearika fossilen fan oehoes weromfûn. Inkelen waarden alhiel yn Georgia oantroffen, mar de measten komme út 'e Rocky Mountains. Ut frijwol alle fossilen docht bliken dat it gie om ûlen dy't grutter wiene as de moderne Amerikaanske oehoe. It is ûndúdlik oft it spesimina fan oare soarten oehoes binne of dat it eksimplaren fan útstoarne of letter ta lytsere grutte evoluëarre ûndersoarten fan 'e Amerikaanske oehoe binne.
Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e Amerikaanske oehoe beslacht it grutste part fan Noard-Amearika, útsein it Sewardskiereilân en it kustgebiet fan westlik Alaska, en it Arktyske noarden fan Kanada. Op it fêstelân fan Midden-Amearika is de fersprieding fragmintarysk, mei't dizze fûgel alhiel ûntbrekt oan 'e súdlike Golfkust fan Meksiko, yn noardlik Gûatemala, sintraal en súdlik Belize en oan 'e Karibyske kust fan Hondoeras, Nikaragûa en Kosta Rika. Yn súdlik Gûatemala, El Salvador, súdlik Nikaragûa en Kosta Rika is dizze fûgel seldsum, en út it westen fan Panama binne mar twa waarnimmings bekend. Der libbet in isolearre populaasje op it Jûkatanskiereilân fan súdeastlik Meksiko en de noardpunt fan Belize.
De Amerikaanske oehoe komt yn 'e Stille Oseaan foar op 'e Kodiakeilannen, foar de súdkust fan Alaska, de Aleksanderarsjipel foar de kust fan Súdeast-Alaska, en Vancouvereilân yn 'e Salisjaanske See. Oan 'e Atlantyske kant fan it kontinint binne der populaasjes op Nijfûnlân, Prins Edwardeilân, Cape Bretoneilân en Anticosti, allegearre yn 'e Saint-Lawrencebaai. Mar foar de rest mist dizze fûgel op eilannen, mei't er it blykber dreger fynt om einen oer see te fleanen as oare ûle-eftigen, lykas de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata) of de fjildûle (Asio flammeus). Dêrom ûntbrekt er op û.o. de Keninginne Sjarlotte-eilannen, foar de Kanadeeske westkust, en teffens op alle eilannen yn it Karibysk Gebiet.
Yn Súd-Amearika komt de Amerikaanske oehoe foar yn 'e noardlike Andes fan Kolombia oant Perû, en by de noardkust lâns fan Kolombia oant de mûning fan 'e Amazône yn it noardeasten fan Brazylje. In grutte isolearre populaasje komt foar yn in ferspriedingsgebiet dat de súdlike helte fan Brazylje beslacht, hiel Paraguay en Oerûguay, it easten en noarden fan Bolivia, in diel fan it easten fan Perû en noardeastlik Argentynje fan 'e tropen oant de pampa's. Súdliker wurdt de ekologyske nys fan 'e Amerikaanske oehoe ferfolle troch de nau besibbe Magelhaenoehoe (Bubo magellanicus), dy't foarkomt oant op Fjoerlân, oan 'e uterste súdpunt fan Súd-Amearika.
Uterlike skaaimerken De Amerikaanske oehoe is swier boud, mei in silinderfoarmich lichem, in oergrutte kop en brede wjukken. It is de grutste en swierste ûle fan Midden- en Súd-Amearika en de op ien nei grutste en swierste fan Noard-Amearika, nei de snie-ûle (Bubu scandiacus). Folwoeksen eksimplaren hawwe in totale lichemslingte fan 43–64 sm, mei in gemiddelde fan 55 sm. De wjukspanne bedraacht 91–153 sm, mei in gemiddelde fan 122 sm. Wyfkes binne oer it algemien justjes grutter en foarser as mantsjes. It gewicht is trochinoar 1,6 kg foar wyfkes en 1,2 kg foar mantsjes. Ofhinklik fan 'e ûndersoarte kin it trochsneed gewicht oprinne oant 2,5 kg.
It fearrekleed fan 'e Amerikaanske oehoe hat fierhinne in skutkleur, mei in brunige grûnkleur en in griis oant swart spikkele patroan dêroerhinne op 'e efterholle, nekke, rêch, wjukken en sturt. Op it boarst en de siden wurde de spikkels ferlinge ta streekjes. Op 'e kiel sit in wite bef fan in grutte dy't ferskilt nei ûndersoarte. Fan 'e bef ôf kin in wite line oer de midden fan it boarst hinne nei de bealch ta rinne, dy't ek wyt is. De poaten, dy't wytbefearre binne, hawwe grutte en fjoerskerpe kloeren, dêr't de oehoe him mei fêsthâlde kin oan in tûke of in oar sitplak, mar dêr't er like maklik in ûnfertochte proai mei fan 'e grûn ôf de loft yn skuorre kin. De grypkrêft fan 'e Amerikaanske oehoe is nei alle gedachten ferlykber mei dy fan 'e keningsearn (Aquila chrysaetos), dat in folle gruttere rôffûgel is. De hurde, swarte snaffel is frij lyts en bûcht sterk nei ûnderen ta. Hy mjit 3,3–5,2 sm yn lingte, hoewol't it út 'e plasse stekkende diel mar 2,1–3,3 sm lang is.
De eariepenings, dy't ferskûle sitte ûnder de fearren oan 'e sydkanten fan 'e kop, binne yn ferhâlding lytser as dy fan 'e (gewoane) oehoe (Bubo bubo). It gehoar fan 'e Amerikaanske oehoe is nei alle gedachten wol tsien kear sa goed as dat fan in minske. Krekt as by oare ûlen is de pleatsing fan 'e earen ek by de Amerikaanske oehoe net symmetrysk, wat de fûgel by nacht better by steat steld om 'e lokaasje te bepalen fan lûden makke troch potinsjele proaidieren. De eartoefkes boppe-op 'e kop binne inkeld opsteande fearkes. It is noch altyd ûndúdlik hokker evolúsjonêre wearde dy hawwe, mar ornitologen binne it der unanym oer iens dat se yn elts gefal neat út te stean hawwe mei it gehoar.
It opfallendste skaaimerk fan 'e kop wurdt foarme troch de fan in swarte iris foarsjoene giele eagen, dy't mar amper lytser binne as de eagen fan in minske. It binne, ferhâldingsgewiis nei lichemsgrutte, de grutste eagen fan alle ûlen, en teffens guon fan 'e grutste eagen fan alle op lân libjende wringedieren. De eagen wurde oan 'e bûtenste sydkanten en de ûnderkant omjûn troch in skiifeftige fearreformaasje, dy't helpt om lûd yn 'e rjochting fan 'e eariepenings te lieden. Fan boppen ôf rinne de brún-mei-swarte fearren fan 'e nekke yn in V-foarm troch nei de snaffel. It resultaat is dat it wol liket as hâldt de oehoe syn wynbrauwen oan ien wei troch fronsele, wat it bist yn minsklike eagen in wat sikkeneurige gesichtsútdrukking jout.
Biotoop Amerikaanske oehoes komme foar yn in wiidweidich ferskaat oan biotopen, lykas leafwâld, mingd wâld, nullewâld, tuskenbeiden, subtropysk en tropysk reinwâld, mangrovewâld, oan wâldsiggen en op iepen plakken yn wâlden, yn berchtmen, op 'e prêrje, pampa, savanne, steppe, yn 'e woastyn, op 'e toendra, op kultuerlân lykas ikkers, greiden en parken en sels yn 'e beboude kom fan stêden. In betingst is wol dat der beammen oanwêzich wêze moatte om yn te rêsten en te nêsteljen, mar dat kin soms ek dien wurde yn beskate gebouwen, lykas skuorren en hokken. Yn 'e bergen libje Amerikaanske oehoes oant op in hichte fan 2.100 m boppe seenivo yn it Pasifyske= Kustberchtme fan Kalifornje, oant 3.300 m yn 'e Rocky Mountains en oant 4.500 m yn 'e noardlike Andes.
Hâlden en dragen Territoarium De Amerikaanske oehoe is yn syn hiele ferspriedingsgebiet in stânfûgel. Hy is boppedat tige honkfêst en behâldt faak syn hiele folwoeksen libben ien-en-itselde territoarium. Amerikaanske oehoes komme almeast foar yn pearkes fan in mantsje en in wyfke. Se ferdigenje har territoarium troch te roppen. Hoewol't it mantsje dêrfan it meastepart foar syn rekken nimt, helpt syn wyfke him út en troch as der sprake is fan in konflikt mei in oanbuorjend pearke of mei in ynkringer. As it roppen net helpt, giet de Amerikaanske oehoe oer op it útsprieden fan 'e wjukken, klepperjen mei de snaffel, blazen en it útbringen fan heechtoanige gjalpen. Bringt dat de ynkringer noch net op oare gedachten, dan folget in fysike oanfal wêrby't de ferdigenende fûgel besiket om 'e ynkringer te klauwen mei de kloeren. It komt foar dat by sokke gefjochten deaden falle. Soms wurdt de deade ûle troch de oerwinner kannibalisearre, mar it konflikt is yn alle gefallen territoriaal fan aard, en net predatoriaal, dat it opiten fan 'e deade rivaal is mar in bykommend ferskynsel.
Sang De sang fan 'e Amerikaanske oehoe is ornaris in leechtoanich mar lûd ho-ho-hûû-hûû-hûû, dat fiif of fjouwer wurdlidden oanhâldt. It is in resonante rop yn it nachtlik tsjuster, dy't wol omskreaun is as "plechtich" of "njoer". De rop fan it wyfke is heger fan toan om't hja in lytsere syrinks hat. De sang fan 'e Amerikaanske oehoe kin fral om 'e midsnacht hinne heard wurde. De omskreaune rop is benammen bedoeld as ôfbeakening fan it territoarium, en oard om in partner te lokjen. Dat roppen begjint benammen yn it neijier, yn 'e oanrin ta de peartiid. Yn 'e regel belunet it yn 'e rin fan febrewaris of maart, krekt foar't it wyfke aaien leit. Ut en troch bringt de Amerikaanske oehoe fierders ek fluch efterinoaroan in ferskaat oan gjalpen, skreauwen, kriten en op it miaukjen fan in kat en it laitsjen fan in minske lykjende lûden fuort. Dy lûden binne sa ferskillend dat it wol liket as wurde se troch folslein ferskillende bisten makke.
Fleanen en rinnen Amerikaanske oehoes kinne by it fleanen in topfaasje berikke fan 65 km/h. It binne lykwols knoffelige rinners en as se alris in pear stappen dogge, geane se alderraarst oer de side.
Nachtdier