De Tongaanske toskdo (wittenskiplike namme: Didunculus placopedetes) is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e do-eftigen (Columbiformes), de famylje fan 'e dofûgels (Columbidae) en it skaai fan 'e toskdowen (Didunculus). Dit bist wie endemysk op 'e súdlike eilannen fan Tonga, yn 'e Stille Súdsee, mar stoar yn 'e prehistoarje út.
Taksonomy De Tongaanske toskdo waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 2006 troch de Amerikaanske paleöntolooch David Steadman, op basis fan subfossilen dy't opdobbe wiene by argeologyske opgravings yn Tonga. De fûgel waard yn it skaai fan 'e toskdowen (Didunculus) pleatst. De iennichste neie sibbe is, ynsafier bekend, de krityk bedrige toskdo (Didunculus strigirostris), dy't foarkomt yn Samoä.
Fersprieding De Tongaanske tosdo wie in stânfûgel, dy't endemysk wie op 'e súdlike eilannen fan Tonga, yn 'e Stille Súdsee. It gie dêrby spesifyk om 'e eilannen Tongatapu, Lifuka, Ha‘ano, ‘Uiha en Ha‘afeva.
Uterlike skaaimerken De Tongaarske toskdo moat der fierhinne itselde útsjoen hawwe as syn libbene sibbe, de toskdo (Didunculus strigirostris), mar in slachje grutter. Hy hie in totale lichemslingte fan 31–38 sm en in gewicht fan likernôch 400 g. De sturt wie koart en de snaffel bûgde licht nei ûnderen ta.
Libbenswize It tinken is dat de Tongaanske toskdo fierhinne op 'e grûn libbe. It wie in herbivoar mei in menu dat foar it meastepart bestie út 'e fruchten fan 'e Tahitysumak (Rhus taitensis). Dêrnjonken friet er ek sieden fan 'e Samoäkreefteklau (Heliconia laufao), muskaatnuten fan muskaatbeammen (Myristica), knollen fan yamplanten (Dioscorea) en beien fan ferskate plantesoarten. De wichtichste natuerlike fijân fan 'e Tongaanske toskdo wie nei alle gedachten de Australyske goudûle (T. j. delicatula), in ûndersoarte fan 'e eastlike goudûle (Tyto javanica).
Utstjerren De Tongaanske toskdo ferdwûn in ûnbeskaat skoft neidat Tonga om 1200 f.Kr. hinne yn it ramt fan it Grutte Polynezyske Folkeferfarren foar it earst kolonisearre wie troch de minske. It tinken is dat it útstjerren te witen wie oan oerbejaging, habitatferlies en de ynfloed fan 'e troch de minske op 'e eilannen yntrodusearre eksoaten, lykas de Polynezyske rôt (Rattus exulans).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Toskdo Kategory:Bist útstoarn yn it Holoseen Kategory:Fossile fûgel Kategory:Fossyl yn Tonga