right|300px|Octroaibewiis In oktroai of patint is in eksklusyf (útslutend) rjocht ta it yndustrieel meitsjen of ferkeapjen fan in produkt of it op oare wize eksploitearjen fan in útfining of libbensdoerOctrooi op leven en de geschiedenis van de Europese Octrooirichtlijn (EU 98/44)(Nederlânsktalich). In oktroai kin troch de rjochthawwende brûkt wurde as in monopoalje op in beskaat stik technyk.
In oktroai jout de oktroaihâlder it rjocht om oaren te ferbieden de útfining bedriuwsmjittich ta te passen (bygelyks te meitsjen, yn te fieren, op foarried te hawwen, ensfh.). In oktroaihâlder hat net automatysk op basis fan it ferliende oktroai it rjocht om de útfining ta te passen. Yn in soad gefallen binne dêrfoar fierdere fergunnings needsaaklik, bygelyks op grûn fan de warewet of op grûn fan de miljeuwetjouwing. It kin ek wêze dat oktroairjochten fan oaren it tapassen fan de útfining opkeare.
Wat is in oktroai? Oktroaien binne útfûn as oplossing foar in maatskiplik dilemma. Oan de iene kant binne de wittenskip en technology der mei holpen dat elk wit hoe't besteande technology wurket. Dan kin elk dêrop trochbouwe en de technyk kin fierder gean. Oan de oare kant sil de útfiner syn útfining geheim hâlde wolle, om in foarsprong op de konkurrinten te hâlden, en sa syn ynvestearring yn de útfining yn jild werom te sjen. As komprimis is it oktroai útfûn. De útfiner krijt dêrmei foar in beheinde tiid (yn de measte lannen op syn meast tweintich jier, rekkene fan de yntsjinningsdatum fan de oktroai-oanfraach ôf) it eksklusive rjocht op it útbaten fan syn útfining. Foar it jildich bliuwen fan it oktroai moat yn de measte lannen alle jierren in taks betelle wurde. Wurdt dat net (mear) dien of binne de tweintich jier om, dan kin elk de útfining tapasse of kapitalisearje.
In oktroai jildt, lykas sein, foar in lân. Om yn mear lannen oktroai te krijen, moat de útfiner yn prinsipe yn elk lân apart yn de taal fan dat lân oktroai oanfreegje. Yn Jeropa is lykwols in groep lannen ta it oprjochtsjen fan it Jeropeesk Oktroaiburo kommen, dat in sintrale ferlieningsynstânsje is foar de steaten dy't der lid fan binne. Dêr kin men yn ien fan de trije talen (Frânsk, Dútsk, Ingelsk) oktroai oanfreegje foar alle of foar in part fan de lidsteaten. Nei ferliening falt it oktroai útinoar yn nasjonale oktroaien, dy't earst nei de ferliening, foardat se yn it oanbelangjende lân jildich wurde, yn de taal fan it lân oerset wurde moatte. Ek is nei de oersetting in ratifikaasje troch it parlemint yn de measte gefallen needsaaklik.
Betingsten oan it oktroai Hieltyd mear is te oktroaien, mar net op alles kin oktroai krigen wurde. In resinte útwreiding fan dat wat te oktroaien is, is it libben sels: benammen op de genen dêrfan meitsje grutte bedriuwen gâns jacht, dêr binne al in soad oktroaien op ferliend.
De basiseasken foar in útfining binne lykas folget:
De útfining moat in te oktroaien útfining wêze. De útfining moat nij wêze. De útfining moat útfiningshichte ha. De útfining moat yndustrieel ta te passen wêze.
In útfining Oktroaien wurde allinnich ferliend op te oktroaien útfinings. Dy eask is der foar it ûnderskied mei oare foarmen fan yntellektueel eigendom. Mei de earste bepaling wurdt benammen ûnderskied makke tusken oktroai en auteursrjocht (mar ek merkerjocht en sa).
De fraach is wat in te oktroaien útfining is. Der is gjin dúdlike definysje, al fine de measte saakkundigen yn Jeropa dat in útfining in stik technyk yn him hawwe moat. Yn de Ryksoktroaiwet 1995 blykt dy technyk-eask bygelyks út de bepaling oer nijens, dy't is: In útfining wurdt as nij beskôge, as dy gjin diel fan de stân fan de technyk útmakket.' Eat suver abstraks, lykas in foto of in stik tekst, is gjin technyk en kin dus net mei in oktroai beskerme wurde.
De oktroaiwet befettet in negative definysje: in tal saken wurde eksplisyt neamd as net te oktroaien útfining. Sa binne wiskundige metoades en ûntdekkings (bygelyks op natuerkundich mêd) útsletten. In ûntdekking is op himsels noch gjin útfining, mar kin de basis wol fan in útfining wêze. De ûntdekking dat metaal stroom trochjout, kin brûkt wurde om in nije elektisiteitstried út te finen.
Ek slút de oktroaiwet suver geastlike aktiviteiten, wurkwizen foar it sakedwaan kompjûterprogramma's út fan oktroai. Neffens de oktroaiwet binne dy útslutingen lykwols beheind ta de neamde saken as sadanich. In útfining dy't mear is as in kompjûterprogramma as sadanich mei wol oktroaid wurde. Hoe't dat krekt útlein wurde moat, wie de ôfrûne jierren ûnderwerp fan fûleinich petear oer sêftguodpatinten.
Dêrneist is it ferbean oktroai oan te freegjen op beskate kategoryen útfinings. Minsken, planten en bistesoarten kinne net oktroaid wurde. Mikrobiologske prosessen en produkten dêrfoaroer wer wol, dus gentechnology is wol te oktroaien en medisinen ek. En ek útfinings dy't gefaar opsmite foar de iepenbiere oarder of feiligens of ûnseedlik binne, binne net te oktroaien. Op in nije bombrief of martelark sil dus gjin oktroai ferliend wurde.
Nij De earste eask is dat in útfining nij wêze moat. In oktroai mei net ferliend wurde op eat dat al bestie. Dat klinkt logysk, mar it is meast de grutstel angel by it oktroai.
In útfining is nij as dy noch net publyk makke is. De wize dêr't dat op bard, is net fan belang. In publikaasje yn in wittenskiplik tydskrift telt like swier as in artikel yn in doarpskrantsje. En ek mûnlinge publikaasjes (foardrachten, lêzings, diskusjes yn it iepenbier) telle.
Nijens is in enoarme hobbel yn it oktroaiwêzen, om't it in oersjoch freget fan de hiele wrâldliteratuer. De ferskate oktroaiburo's hawwe mânske bibleteken fan fan alles en noch wat en yndeksen derby om op ûnderwerpen sykje te kinnen. En noch wurde oktroaien nei ferlienen geregeld oanfochten by de rjochter omdat se net nij binne.
Wol gauris wurdt sa'n oanfjochting wûn, want de stân fan de technyk (de samling fan alles dat bekend is yn de wrâld) is ûnbidich en nimmen hat it oersjoch. Dêr moat wol by oanjûn wurde dat der fansels allinnich rjochtsaken oer de jildigens fan in oktroai oanspand wurde as it net evidint is oft in oktroai jildich is of net.
Der binne oars wol twa útsûnderings foar iepenbiermeitsjen dy't plak hawwe koart foardat de oanfraach yntsjinne wurdt. As in útfining sûnder tastimming publisearre wurdt en mei it doel de oktroai-oanfraach te sabotearjen, of as de sprake is fan in eksposysje by in Wrâldútstalling (dus net in gewoane fakbeurs), jildt de publikaasje net as de oanfraach op 'e tiid yntsjinne is.
Utfinerswurksumens De wichtichste eask by in oktroai is lykwols net nijens, mar útfinerswurksumens. Dat wurdt ek wol útfiningshichte neamd, hoewol't dat eins in germanisme is. In oktroai mei gjin triviale fariaasje fan in al besteand apparaat, produkt of wurkwize wêze. Mar hoe moat soks ynskat wurde?
As jo in papierklammer ha, dan kinne jo stikken papier byinoar hâlde. Laskje twa papierklammers oaninoar en jo kinne twa steapeltsjes papier byinoar hâlde. Mar is sa'n dûbelde papierklammer no wier in útfining of net? Is it in ynnovaasje, of leit it gewoan foar de hân fan twa papierklammers ien te meitsjen?
Yndustryiele tapasberens De lêste eask is dat in útfinings yndustrieel ta te passen wêze moat. Dat betsjut min ofte mear dat in útfining dêr't oktroai op oanfrege wurdt, boud wurde kinne moat, tapast wurde kinne moat en wurkje moat.Yndustrieel ta te passen wol net sizze dat allinnich high-tech of allinnich masines te oktroaien binne. Mar de útfining moat wol geskikt wêze om yn de yndustry makke wurde te kinnen.
H. G. Wells skreau ea in ferhaal oer in fleanmasine dy't wurke mei in metaal dat de swiertekrêft ophefte. Dêr is gjin oktroai op mooglik, want sa'n metaal bestiet net en dus kin de útfiner net útlizze hoe't sa'n útfining boud wurde moat. In perpetuum mobile is yn striid mei de natuerwetten en kin dêrom ek net oktroaid wurde (al besykje de útfiners it geregeld). En it lêste punt sil ek dúdlik wêze: in útfining dy't gewoan net wurket, is net te oktroaien.
It rjocht op it oktroai Yn prinsipe kin elkenien oktroai oanfreegje - in gewoan persoan of in rjochtspersoan. Yn prinsipe komt it oktroai de útfiner ta, of oan alle útfiners meiïnoar as it in groep wie. Oktroai op útfinings dy't dien binne troch persoanen yn tsjinst fan in oar, komme ta oan de wurkjouwer (bedriuwen as Philips en IBM ha in soad oktroaien). Wa't it oktroai ek yn besit hat, de echte útfiner moat op it oktroai neamd wurde (eare dy't eare takomt).
In aparte situaasje docht him foar yn gefal fan botsing: as twa persoanen of ynstânsjes op itselde stuit itselde útfine. Yn dat gefal jildt de regel wa't earst yn de roef komt, hat kâns fan plak. Dat wol sizze: de earste persoan dy't oktroai oanfreget en dêr't de oktroai-oanfraach fan publisearre wurdt, hat it rjocht op oktroai. Dyjinge dy't as earste de útfining docht, hat dus net needsaaklikerwize rjocht op oktroai - it rjocht op oktroai giet nei dyjinge dy't der it earst om freget (fansels wol nei in echte útfiner; jo kinne immen syn oktroai net stelle troch hurd nei it oktroaiburo te draven om syn útfining te claimen).
Maatskiplik plak fan it oktroai Oktroaien kinne op spande foet stean mei frije merkwurking, de oktroaihâlder kin ommers syn konkurrinten ferbiede soartgelikense produkten op 'e merk te bringen. Oktroaien binne te rjochtfeardigjen as de optelsom fan de mooglik negative effekten op konkurrinsjewurking en de positive effekten op ynnovaasje útkomt op in netto foardiel foar de maatskippij. Boppedat giet it by oktroaien útsoarte om nije produkten en tapassings, dy't gauris it paad nei in merk noch fine moatte dy't fóár de útfining noch net bestie. Yn sa'n nije merk kin dochs al gjin merkwurking wêze.
It útsjoch op it krijen fan in beleanning yn de foarm fan in oktroai is bedoeld om bedriuwen te prikkeljen ynvestearrings te ferheegjen dêr't de mienskip úteinlik baat by hat. Yn tsjinstelling ta it bedriuwsgeheim is in oktroai publyk te besjen mei it doel oaren te ynspirearjen.
De oktroaihâlder kin in lisinsje oan oaren jaan en dêrmei ynkomsten generearje. Oktroaien kinne ek strategysk ynset wurde mei it doel de konkurrint dwers te sitten en te ferswakjen.
Yn Nederlân rapportearre de kommisje Giskes yn 2005 oan steatssiktaris Karien van Gennip: It hat de Advyskommisje yn har omgong bliken dien dat der grutte maatskiplike ûnfrede is oer de kwaliteit fan oktroaien yn it algemien en op it mêd fan sêftguod yn it bysûnder, yn dy sin dat de minsken fan miening binne dat oktroaien ferliend wurde op triviale of marzjinale útfinings. De Advyskommisje befellet oan dat Nederlân syn ynfloed brûkt yn de Administrative Council fan de Jeropeeske Oktroai-organisaasje om dat kwaliteitsprobleem te adressearjen en har der foar ynset dat de kwaliteit fan ferliende oktroaien, yn it bysûnder yn it gefal fan sêftguod, ferhege wurdt. Dat soe kinne troch de noarm foar ynventiviteit oan te skerpjen. It Jeropeesk Oktroaiburo is in ynternasjonale organisaasje en falt net ûnder de Jeropa-wetjouwing; wol kin de Jeropeeske Oktroai-organisaasje Jeropeeske wetjouwing oernimme, wat bygelyks yn 1999 dien is as it giet om biotechnologyske útfinings: Rigels 26 o/m 34 EPC2000 binne basearre op de Jeropeeske rjochtline 98/44/EG. De Administrative Council bestiet út troch de lidsteaten oanwiisde leden.
Yn de praktyk blike Multynationals ûnderinoar gauris in juridyske wapenstilstân te hawwen wêrby't op grutte skaal krúslisinsjes ôfjûn en krigen wurde sûnder jildstreamen. Foar grutte bedriuwen binne oktroaien in middel om lytse meidoggers op 'e merk ûnder druk te setten mar de praktyk fan de ôfrûne jierren hat leard dat lytse meidoggers ek grutte bedriuwen mei súkses oankleie kinne fanwege oktroai-ynbrek, bygelyks Eolas fersus Microsoft.
Nederlân De beneaming oktroai wurdt yn de Nederlânske wetjouwing brûkt; it wurd patint wurdt lykwols ek algemien brûkt yn in net-offisjele kontekst foar itselde begryp.