Gerriet Postma (Twizelerheide, 30 oktober 1932 - Grins, 27 febrewaris 2009) wie in Fryske skilder. Hy is te omskriuwen as in fûlbannich man, dy't ferheftige skilderijen makke, mei farveëksploazjes en abstrakte kleurekleaune, wêr't figuraasje yn trochskimert.
Ien fan syn lêste megadoeken wie in fjouwerlûk, skildere op fjouwer seilen fan it tradisjonele frachtskip "Klipper Anna". It fjouwerlûk mjit 270 m². It skip waard ta beskikking steld troch it skipperspear Gijs en Inge van Hesteren út Harns. It fjouwerlûk hat yn 2004 in simmer lang rûnom en lâns de Waadsee te sjen west, omdat it skip alle dagen mei de beskildere seilen fard hat.
Gerriet Postma wie wyls de ferneamdste noch libbene Fryske keunstskilder. Syn wurk wie bûten Nederlân te sjen yn stêden as Parys, Brussel en Barselona.
Neist it skilderjen wie Gerriet mâl op it dûnsjen fan de tango. Op 17 septimber 1999 iepene er tegearre mei Johan Meijering "Salon de Tango y Cultura". In multykultureel sintrum, fêstige yn de Nieuwe Boteringestraat yn Grins. It bea in poadium foar kreativelingen mei in foarnaam plak foar de Argentynske tango. Nei finansjele problemen, sleat it sintrum yn 2002. johanmeijering.com, tangosalon La Pasión sluit na ruim twee jaar de deuren
Gerriet Postma stoar yn de âldens fan 76 jier.Kunstenaar Gerriet Postma (76) overleden, Dagblad van het Noorden, 1 maart 2009
Keppelings om utens Offisjele webside
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn Twizelerheide Kategory:Persoan berne yn 1932 Kategory:Persoan stoarn yn 2009