Reinder Brolsma (Stiens, 23 maaie 1882 - Ljouwert, 23 novimber 1953) wie in Frysk skriuwer en sjoernalist.
Libben As ien fan de acht bern fan Uilke Hessels Brolsma en Jantsje Jolkes Timmerman kaam Brolsma op syn sechtjinde yn de lear by syn âldere broer Jolke om ferver te wurden. Yn 1910 festige er him as ferversbaas yn Lichtaard. Letter wurke er as sjoernalist by de Ljouwerter Krante. Hy skreau ûnder mear de rubryk 'Gesprekken op de brug'. Op 5 maart 1910 boaske Brolsma yn Ferwert mei Janke Lieuwes Westerbaan. It pear krige trije bern. Soan Lieuwe Brolsma en pakesizzer Ulke Hessel Brolsma hawwe ek yn it Frysk skreaun. De lêste fjirtjin dagen fan syn libben wenne Brolsma yn it St. Antonius Gasthûs. Brolsma kaam om troch selsferdrinking yn it Van Harinxmakanaal. Dy selsmoard wie mooglik mei it gefolch fan syn hâlden en dragen yn de kriich. Yn 2001 ferskynde de libbensbeskriuwing Sa'n tûzen blauwe skriften fan de hân fan Doeke Sijens.
Wurken Yn syn soad romans, ferhalen, sketsen en toanielstikken toant er him in skerp waarnimmer fan it libben op it plattelân en fan de wenstige man en efterbuertbewenner út de stêd. Syn wurk is realistysk, mei in mylde blik op syn meiminske. Faak byldet er de minsken út yn 'e swiere striid om it bestean, lykas dy yn 'e lânboukrisis fan 1880 en 1930 troch in soad fierd wurde moast. Hy ûntliende syn ynjouwing faak oan de doarpsbewenners fan syn berteplak Stiens of oan syn húshâlding, bygelyks syn ferhaal 'Hy' yn 'Sa seach ik Fryslan'. Brolsma wie sekretaris fan de rederikerskeamer Halbertsma yn Stiens. Syn earste publikaasje, it koarte ferhaal 'Sinnestrielen', ferskynde yn 1903 yn it tydskrift Sljucht en rjucht. Yn It Beaken, tydskrift fan de Fryske Akademy, jiergong 1971, is in beskriuwing jûn fan Brolsma's wurk. Hanskriften, brieven en soksoarte binne troch de famylje yn brûklien jûn oan Tresoar.
Twadde Wrâldkriich Yn de Twadde Wrâldoarloch liet Brolsma ta dat syn letterkundich wurk brûkt waard yn tsjinst fan it kultuerbeleid fan de Dútske besetter en syn hantlangers. Yn 1942 akseptearre er de Harmen Sytstra-priis foar Fryske letteren fan it nasjonaalsosjalistyske Ofdieling fan Folksfoarljochting en Keunsten. Op 25 foarmoanne 1942 hold er op 'e radio in praatsje oer it eigen wurk. Yn 1943 ferskynden twa printingen fan syn roman De stroojonker, út it Frysk yn it Nederlânsk oerset troch J.D. de Jong en H.D. Vriesema by de nasjonaalsosjalistyske útjouwerij De Schouw. Syn hâlden en dragen hie ta gefolch dat him yn 1945 foar koarte tiid in publikaasjeferbod oplein waard.
Publikaasjes Romans 1926 - It Heechhof (diel 1 fan de trilogy It Heechhof, 7de pr. yn 1993) 1929 - De Skarlún (2de pr. yn 1953) 1934 - Sate Humalda (3de pr. yn 2004, mei ynlieding en taljochting fan Doeke Sijens) 1938 - It Aldlan (diel 2 fan de trilogy It Heechhof, 5de pr. yn 1969) 1940 - Groun en minsken (6de pr. yn 1995) 1941 - It widdou's bern 1947 - Richt (diel 3 fan de trilogy It Heechhof, 3de yn 1993) 1994 : Heechhôf-trilogy (dêryn: It Heechhôf, It Aldlân en Richt)
Novellen en ferhalebondels 1923 - It forgift 1927 - Spegels 1928 - De boer en de arbeider op Ekema 1930 - De reamme fan it libben 1931 - Neisimmer 1932 - Salmsteich, in forhael út ’e rige Sate Humalda 1933 - De reis nei it âlde doarp (2de pr. yn 1942) 1933 - De bouwers, in forhael út ’e rige Sate Humalda 1934 - Fen it Hegelân, in forhael út ’e rige Sate Humalda 1934 - Trije novellen 1935 - Mearke út Noardlik Fryslân 1936 - Striid en oare ferhalen 1940 - Mame en de greate boer 1940 - Bylâns de wei (2de pr. yn 1973) 1942 - Ypeus 1951 - Sa seach ik Fryslân (2de pr. yn 1962) 1952 - Folk fan Fryslân 2002 - Ut stêd en doarp, tsien ferhalen 2011 - Spegel fan Fryslân
Toaniel 1931 - Under it skaed fen justysje 1934 - Estafette 1936 - Pension “Nij Frisia” 1937 - Trammelantsje 1939 - De Nôtharne
Prizen 1941 - Harmen Sytstra-priis
Keppeling om utens Ynljochtings oer Reinder Brolsma by Tresoar Biografy Brolsma op IngHist side
Kategory:Frysk ferver Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Selsmoarddogger Kategory:Persoan berne yn Stiens Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1882 Kategory:Persoan stoarn yn 1953