Paus Aleksander III, (Siena, begjin 12e iuw - Rome, 30 augustus 1181) wie de 170ste paus (ynklusyf de tsjinpausen) fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Hy wie paus fan 1159 oant 1181.
Libbensrin Hy wie in ferneamd magister iuris yn Bologna, waard yn 1150 kardinaal en yn 1153 kânselier fan de Tsjerke fan Rome en riedsjouwer fan paus Adrianus IV, syn foargonger.
As syn opfolger fersette er him op de ryksdei fan Besançon (1157) tsjin de rykskânselier Rainald fan Dassel. Op 7 septimber 1159 keazen de anty-ymperialen him ta opfolger fan paus Adrianus IV.
Syn pontifikaat stie yn it teken fan de grutte botsing mei keizer Frederik I Barbarossa, dy’t de tsjerklike polityk fan syn Salyske foargongers besocht te fernijen en dêrom de Ghibellynske tsjinpausen Fiktor IV, Paskalis III en Kalikstus III, stipe.
Aleksander moast nei Frankryk flechtsje (1161–1165), mar fûn stipe by de measte Europeeske foarsten, benammen by it Lombardyske stêdebûn, dy't him fûleindich tsjin de Itajaanske polityk fan Barbarossa fersette. Har fêsting Alessandria waard nei him ferneamd. Yn de maitiid fan 1163 lei er, yn oanwêzigens fan Loadewyk VII fan Frankryk, de earste stien fan de Notre-Dame yn Parys.
Yn hiel it paus-keizerkonflikt toande Aleksander III him in master yn it diplomatike spul, wat him troch alle belutsenen net hieltyd yn tank ôfnommen waard. In selde foarsichtige polityk folge er oangeande Hendrik II fan Ingelân yn dy syn konflikt mei Thomas Becket (yn 1170 fermoarde, yn 1174 troch Aleksander III hillich ferklearre). Hy stipe fierders de nije kleasterbewegings, benammen de oarder fan de Sistersjinzers (1175: hillichferklearring fan Bernard fan Clairvaux). Aleksander III die útspraak yn in soad konflikten, mar ek yn mear gewoane rjochtsaken, dêr't er delegearre rjochters foar oanstelde. Under syn pontifikaat naam it oantal en it belang fan de pauslike dekretalenIn dekretaal is in pauslik fûnis yn brieffoarm. sterk ta. Fanwegen reboelje moast er op it lêst Rome ferlitte. Hy waard opfolge troch ien fan syn adviseurs yn it Barbarossa-konflikt, paus Lusius III.
Kategory:Paus Kategory:Italjaansk kardinaal Kategory:Toskaansk persoan Kategory:Persoan stoarn yn 1181