De Geastmer Mar is in mar yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De mar leit súdwestlik fan Dokkum en de Wâldfeart, yn de rjochting fan Rinsumageast. Eartiids waard de mar Dokkumermar neamd. By de mar, dy't yn in natuergebiet leit, wie in mûne fan 1968 oant 2014. Dy mûne waard de Marmearmin neamd en wie boud fan earder sloopte mûnen út Fryslân. Yn 2014 waard de mûne oerkocht troch in stifting en waard er ferhuze nei Damwâld.
De namme Geastmer Mar jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Geestmermeer.
Keppeling om utens - de mole Marmearmin
Kategory:Dokkum Kategory:Mar yn Fryslân Kategory:Wetter yn West-Dongeradiel Kategory:Wetter yn Dokkum (gemeente) Kategory:Wetter yn Dongeradiel Kategory:Wetter yn Noardeast-Fryslân