thumb|right|300px|It Ferbiningskanaal tusken de Olterterpsterbrêge en Heidehuzen It Ferbiningskanaal is in wetter yn de gemeente Smellingerlân. It kanaal ferbynt de Alddrait besuden Drachten mei it Alddjip (Keningsdjip).

By de oanlis fan it Ferbiningskanaal yn it ramt fan de ruilferkaveling begjin jierren 1960 is de Nije Feart opnaam yn it trajekt fan dat kanaal. Dy rûn oant Olterterpsterbrêge, yn de wei fan Olterterp nei it Selmien, dêr't de Olterterpsterfeart der yn út komt. Historische atlas Friesland, Bonnekaart nr. 130 (1925) By dy gelegenheid is de klapbrêge oer de Nije Feart ferfongen troch in fêste brêge. Drachtster Krante, 21 septimber 1961

De namme Ferbiningsdkanaal jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Verbindingskanaal.

Sjoch ek Fryske wetters

Kategory:Drachten Kategory:Kanaal yn Smellingerlân Kategory:Bouwurk út de 20e iuw