thumb| Flagge fan Dongeradiel De flagge fan Dongeradiel is de flagge fan de eardere gemeente Dongeradiel. De flagge waard op 27 oktober 1983 registrearre.

De flagge wurdt net langer brûkt omdat Dongeradiel sûnt 1 jannewaris 2019 part is fan Noardeast-Fryslân.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

In blauwe hijs wêryn boppe mekoar pleatste trije giele seispuntige stjerren; in flecht fan trije like hege weagjende banen fan read, wyt en read.

Symbolyk Weagjende baan: ferwiist nei it rivierke De Peazens dat troch de gemeente rint. Kleuren read en wyt: oernommen út it wapen fan Eastergoa. Trije stjerren: ferwize nei de trije gemeenten dy't Dongeradiel foarmen: West-Dongeradiel, East-Dongeradiel en Dokkum.

Wimpel Tagelyk mei de flagge waard in wimpel oannommen mei de folgjende beskriuwing:

In fjouwerkante hijs fan blau wêryn in giele seispuntige stjer; de flecht is in splitwimpel fan twa banen read en wyt.

Doarpsflaggen De wapens en flaggen fan de doarpen yn de gemeente Dongeradiel begjinne fansels mei it wapen en de flagge fan Dokkum. De wapens en flaggen binne troch de gemeenteried fan de gemeente Dongeradiel goedkard en fêststeld by riedsbesluit fan 28 jannewaris 1988. De flagge fan De Skâns-Oostmahorn waard pas op 20 desimber 2006 oannommen.

Sjoch ek

Dongeradiel Kategory:Dongeradiel Kategory:Skiednis fan Noardeast-Fryslân