right|thumb|250px|Munt mei ôfbylding fan Konstantyn III Konstantyn III, folút Flavius Claudius Constantinus (sa. 370 – 18 septimber 411) wie Romeinske keizer fan 407 oant 411. Hy kaam yn opstân tsjin rjochtmjittige keizer Honoarius en wurdt dêrom in usurpator neamd. Yn âlde Britske leginden komt er foar as in mytyske kening.

Ofkomst Oer de ôfkomst fan Konstantyn is neat bekend. Fermoedlik wied er fan lege komôf. Hy tsjinne yn it Romeinske leger en hie twa soannen: Konstâns II en Julianus.

Literatuer C.E. Stevens, Marcus, Gratian, Constantine, Athenaeum (1957), siden 316-47.

Keppeling om utens Online Encyclopedia of Roman Emperors: in biografy fan Konstantyn (Ingelsk) Brittania.com: in stambeam fan Britske keningen (Ingelsk)

Kategory:Romeinsk generaal Kategory:Romeinsk politikus Kategory:Keizer fan it Romeinske Ryk Kategory:Britsk persoan yn de Romeinske Tiid Kategory:Persoan dy't de deastraf krigen hat Kategory:Persoan berne yn 370 Kategory:Persoan stoarn yn 411