Oene Noordenbos (Boazum, 5 july 1896 – Amersfoort, 24 juny 1978) wie in Nederlânske politikus fan Frysk komôf.

Noordenbos wie in gelearde Fryske ûnderwizerssoan. Sawol syn gymnasiumoplieding as syn universitêre stúdzje waard bekostige út it Klaas Tiglerlien, in stúdzjefûns foarme út de neilittenskip fan in Fryske predikant. Ek de histoarikus Jan Romein mei wa't er al sûnt harren Leidske studintetiid befreone wie, hat him hieltyd wer holpen mei betelle opdrachten.

Hy wie in humanist dy't himsels in 'net-teologisearjende teolooch' neamde. Hy wie de meioprjochter fan de PSP, dy't yn 1962 tuskentiids lid fan de Twadde Keamer waard. As parlemintariër spruts er ûnder mear oer ûnderwiis, bûtenlânske saken, definsje, ekonomyske saken, sosjale saken, maatskiplik wurk en omropoangelegenheden. Hy stimde yn 1962 foar de Mammoetwet, syn fraksjegenoat Lankhorst stimde tsjin.

Noordenbos waard sjoen as in freonlik en beskieden man, dy't as fruchtber publisist mear yn it oantinken fuortlibbet as politikus.

Keppeling om utens DBNL-profyl

Kategory:PSP-politikus Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk pasifist Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Persoan berne yn Boazum Kategory:Persoan berne yn 1896 Kategory:Persoan stoarn yn 1978