thumb| Wapen fan Eastermar thumb|It wapen fan Eastermar op in stien yn It Heechsân. It wapen fan Eastermar is it wapen fan it doarp Eastermar, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn 1984 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Trochsnien: 1. yn blau in farrend Frysk skouke mei spriettúch fan sulver; 2. dield: a. yn goud in stegerjend hynder fan swart; b. yn grien trije turven fan goud, pleatst 2:1.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver, goud, sabel (swart) en sinopel (grien).
Symbolyk
Frysk skouke: ferwiist nei de skipfeart op it Burgumer Mar en de oanwêzichheid fan skipswerven. Hynder: stiet foar de pleatslike hyndermerk. Turven: stiet symboal foar de feanterij yn de omkriten fan it Swartfean en It Wytfean.
Sjoch ek
Eastermar Kategory:Eastermar