thumb| Wapen fan Froubuorren It wapen fan Froubuorren (Biltsk: wapen fan Froubuurt) is it wapen fan it doarp Froubuorren, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 2010 registrearre.

Skiednis It wapen fan Froubuorren is oerlevere yn in rymke: "Twee beschilderde luren, is 't wapen fan Frouburen". It ûntwerp komt út 2000, mar waard yn 2010 troch in doarp keazen.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn read twa sulveren fjouwerkanten neist elkoar, elts fjouwerkant belein mei in lytser swart fjouwerkant, de fjouwerkanten fan ûnderen beselskippe fan in gouden leelje.

De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver, sabel (swart) en goud.

Symbolyk

Fjouwerkanten: oernommen út it rymke oer it wapen. Reade skyldkleur: oernommen fan de flagge fan Alde Leie. Leelje: ferwiist nei de plaknamme "(Leafe) Froubuorren". De leelje is symboal foar Marije.

Sjoch ek

Froubuorren Kategory:Froubuorren