thumb| Wapen fan Burchwert It wapen fan Burchwert is it wapen fan it doarp Burchwert, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 1969 registrearre.

Skiednis Yn de Jehannestsjerke fan Burchwert is in skildering bewarre bleaun fan in kastiel op in terp mei stjerren oan beide kanten. It kastiel en de terp meitsje it wapen ta in sprekkend wapen.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn sulver in reade stins mei blau dak op in griene terp, en fierder twa reade seispuntige stjerren.

De heraldyske kleuren binne: sulver, kiel (read), azuer (blau) en sinopel (grien).

Symbolyk

Stjerren: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Ockinga, dy't twa stinsen yn it doarp bewenne.

Sjoch ek

Burchwert Kategory:Burchwert