Iris Apfel (New York, 29 augustus 1921 - Palm Beach, 1 maart 2024) wie in Amerikaansk moadeûntwerpster, ynterieurûntwerpster en moadeykoan.
Tegearre mei har man, Carl, hie se fan 1950 oant 1992 in tekstyl-en ynterieurbedriuw, wêrby't se ûnder oaren in kontrakt mei it Wite Hûs hie dat har útstuts oer njoggen presidinten. Nei har pensjonearring krige se lof foar in útstalling yn 2005 yn it Costume Institute fan it Metropolitan Museum of Art, dêr't har kolleksje kostúmjuwielen tentoansteld en mannequins klaaid waard sa't sy it drage soe. Se waard in moadeykoan en tekene yn 2019 yn de âldens fan 97 jier in kontrakt by IMG as model. Dêrneist kaam yn 2014 de dokumintêre Iris oer har út, makke troch Albert Maysles. Iris Apfel ferstoar op 1 maart 2024, yn 'e âldens fan 102 jier.
Kategory:Amerikaansk moadeûntwerper Kategory:Amerikaansk binnendoararsjitekt Kategory:Amerikaansk model Kategory:Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Oekraynsk-Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1921 Kategory:Persoan stoarn yn 2024