De bevers (wittenskiplike namme: Castor) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e bevereftigen (Castoridae) en de lyknammige ûnderfamylje fan 'e bevereftigen (Castorinae). Ta dit skaai hearre allebeide noch libbene soarten bevers. Dat binne grutte, semy-akwatyske, herbivoare kjifdieren dy't yn groepen libje en yn it wetter flugger en liniger binne as op it lân. Se hawwe in ôfplatte sturt dy't har helpt by it swimmen, en se lizze damen oan om har boarch te befeiligjen. De âldste fossilen dy't fan bevers fûn binne, komme út Dútslân en datearje fan 10 oant 12 miljoen jier lyn. Njonken twa libbene soarten omfettet dit skaai ek trije ûtstoarne soarten.

Soarten

skaai bevers (Castor) bever of Jeraziatyske bever (Castor fiber) Castor zdanskyi † Castor andersoni † Kalifornyske bever (Castor californicus) † Kanadeeske bever (Castor canadensis)

Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Bevereftige