thumb| Wapen fan Hantumhuzen It wapen fan Hantumhuzen is it wapen fan it doarp Hantumhuzen, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Rjochtsskeand fan sulver en sinopel; oer alles hinne in tsjerke fan kiel, de toer nei links.
De heraldyske kleuren binne: sulver, sinoplel (grien) en kiel (read).
Symbolyk
Skeane yndieling: ferwiist nei it wapen fan West-Dongeradiel, de gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Tsjerke: ferbyldet de Sint-Annetsjerke fan Hantumhuzen. Grien fjild: ferwiist nei de greiden om it doarp hinne.
Sjoch ek
Hantumhuzen Kategory:Hantumhuzen