thumb| Wapen fan Mitselwier It wapen fan Mitselwier is it wapen fan it doarp Mitselwier, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn azuer in lofterskeanbalke fan sulver, rjochtsboppe in seispuntige stjer en loftsûnder in sinneblom, beide fan goud.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver en goud.
Symbolyk
Skeanbalke: oernommen út it wapen fan East-Dongeradiel, de gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Seispuntige stjer: dit is in saneamde gidsstjer dy't in haadplak oanjout, Mitselwier wie it haadplak fan East-Dongeradiel. Sinneblom: ferwiist nei de kwekerij noardlik fan it doarp op Ropta.
Sjoch ek
Mitselwier Kategory:Mitselwier