thumb|Blom fan Cyclamen purpurascens Alpenfioeltsjes (Cyclamen purpurascens komme foar yn de kalkrike berchwâlden fan Midden- en Súd-Europa, fan Frankryk oant Poalen, fan Slowakije nei Kroaasje en Bulgarije.

Cyclamen purpurascens waard neffens Linnaeus lange tiid Cyclamen europaeum neamd en waard ûnder dy namme ferkocht troch kwekers en aptekers. De namme Cyclamen europaeum waard ek brûkt foar oare Europeeske soarten, wêrûnder Cyclamen repandum en Cyclamen hederifolium. Dizze dûbele oantsjutting waard úteinlik formeel ôfskaft.

De blommen mei of sûnder ear oan de basis binne in pearsread, selden wyt (f. album). Se bloeie yn 'e simmer en iere hjerst. Dizze syklamen wurdt 'alpenfioeltsje' neamd, om't it in noflike geur fan fioeltsjes of maaieklokjes ferspriedet.

De rûne oant nierfoarmige blêden mei stompe tosken hawwe in wyttekene boppekant. De blêden fan f. fatrense, ôfkomstich út Tsjechje, en 'Verdume' út Itaalje binne igaal grien. Dizze fan 'e rassen 'Limone' en 'Lake Garda form', út it gebiet om de Gardamar hinne, binne sulvereftich. Neist de f. album binne der noch farianten mei sulvereftige blêden, lykas 'Garribaldi', 'Green Ice' en 'Green Lake'. De ûnderkant fan 'e blêden is meast read.

Cyclamen purpurascens hâldt har blêden it hiele jier troch. De measte oare syklamesoarten ferlieze se yn 'e simmer.

Kategory:Plantesoarte Kategory:Syklaam Kategory:Lânseigen floara yn Frankryk Kategory:Lânseigen floara yn Dútslân Kategory:Lânseigen floara yn Switserlân Kategory:Lânseigen floara yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen floara yn Eastenryk Kategory:Lânseigen floara yn Itaalje Kategory:Lânseigen floara yn Sloveenje Kategory:Lânseigen floara yn Tsjechje Kategory:Lânseigen floara yn Slowakije Kategory:Lânseigen floara yn Poalen Kategory:Lânseigen floara yn Kroaasje Kategory:Lânseigen floara yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Eksoat yn Roemeenje Kategory:Eksoat yn Ruslân