Minze de Vries (folút: Minze Johannes de Vries; Bitgum, 10 oktober 1874 – Bitgum, 30 augustus 1965) wie in bekend keatser út Bitgum Hy sloech mei lofts op en die dat fûleindich en mei heupslach. Mei faasje kamen syn ballen skean op it perk oan. Hy keatste ek wol om utens en spriek tige ta de ferbylding fan keatsers en keatsleafhawwers. Minze de Vries wûn de PC yn 1896, 1897, 1900 en 1903. De earste trije kear waard er kening. Yn 1903 waard er dat eins ek mar doe skonk er dy titel oan syn keatsfreon Jan Reitsma.

Meiïnoar helle De Vries 28 earste, 33 twadde en 10 tredde prizen en dy soargen foar in puntetotaal fan 160, de punten fan de bûnspartijen dêrby net meirekkene. Tal fan keningskippen waarden him takend. Syn bêste keatsjierren wiene dy fan 1892 oant 1911.

De Vries fertsjinne de kost as boerearbeider en skearbaas. Hy wie ek amateur-keunstkilder en hold fan toaniel. Minze de Vries ferstoar op 30 augustus 1965 yn 'e âldens fan 90 jier.

Prizen 1896 - PC 1e priis 1897 - de Bond 2e priis 1897 - PC 1e priis 1899 - PC 3e priis 1900 - de Bond 2e priis 1900 - PC 1e priis 1901 - de Bond 1e priis 1901 - PC 2e priis 1903 - de Bond 2e priis 1904 - de Bond 3e priis 1905 - de Bond 3e priis 1906 - de Bond 2e priis 1911 - de Bond 4e priis 1902 - PC 2e priis 1903 - PC 1e priis 1907 - PC 3e priis 1911 - PC 2e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Frysk boere-arbeider Kategory:Frysk hierknipper Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn Bitgum Kategory:Persoan stoarn yn Bitgum Kategory:Persoan berne yn 1874 Kategory:Persoan stoarn yn 1965