thumb|right|250px|Mirjam van Houten in 2019 Mirjam van Houten (Beetstersweach, 18 oktober 1977) is in Fryske yllustratrise en berneboekeskriuwster.
Biografy Mirjam van Houten hat Nederlânsk studearre oan de NHL, nei't se earst in jier Romaanske talen en kultuer studearre hie. Dêrnei hat se in skoft by de Friesland Post wurke en as ynternetredakteur Partoer. Sûnt 2010 wurket se foltiidsk as auteur en yllustrator.
Har debút Tije dêr't se sawol de tekst as de yllustraasjes foar makke, waard publisearre yn 2016 by de Afûk. Dat boek waard yn 2018 nominearre foar de IBBY-honourlist.The IBBY Honour List 2018 catalogue It waard yn 2019 ek nominearre foar de Simke Kloostermanpriis.Fiif nominaasjes Simke Kloostermanpriis 2019 Yn 2020 waard Tije útbrocht yn it Faeroersk troch Bókadeild Føroya Lærarafelags ûnder de titel Tije – drongurin og rottumaðurin.Tije - drongurin og rottumaðurin
It printeboek By beppe útfanhûs dat yn 2021 útkaam by de Afûk, wûn yn 2022 de Diet Huberpriis. De priis foar it moaiste yllustrearre berne- of jongereinboek yn it Frysk fan de ôfrûne trije jier. Yn it sjueryrapport stiet ûnder oaren: "De yllustraasjes binne net allinne moai fan foarm en kleur, mar litte mear sjen as de tekst jout. Se fertelle in eigen ferhaal. It boek is krekt sa't Diet Huber it sels ek ha woe: "ûnferfangber en autentyk". Mirjam van Houten wint de earste Diet Huberpriis mei har yllustraasjes - Omrop Fryslân
Wurk Berneboeken Tije (2016) By beppe útfanhûs (2021) Jelle en Juf (2022) Simke Kloostermanpriis It grutte pake en beppe foarlêsboek (2024)
Keppelingen om utens https://mirjamvanhouten.nl/ Sietse de Vries: Sa'n priis is in befestiging dat ik wol wat kin. (Leeuwarder Courant, 9 aug. 2022) Elisabeth Post: Hert ferlern oan meitsjen fan ferhalen foar bern. (Leeuwarder Courant, 4 jan. 2024)
Kategory:Frysk yllustrator Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Beetstersweach Kategory:Persoan berne yn 1977