Op 7 novimber 2024 waarden Israelyske supporters fan Maccabi Tel Aviv FC oanfallen yn Amsterdam nei't se in Europa League-wedstriid tsjin Ajax besocht hiene. It geweld mei oanfallen op ferskate plakken yn 'e stêd wie wiidferspraat en liket koördinearre west te hawwen.CNN: Israeli soccer fans attacked in Amsterdam, Israeli authorities say, 8 novimber 2024 De oanfallen hiene it karakter fan in hooliganisme en soargen de oare deis foar in soad beroering yn 'e nasjonale en ynternasjonale polityk en media.
Eftergrûn Al sûnt 2014 wurde joadske skoallen, organisaasjes en synagoges yn gemeenten as Amsterdam mei sichtbere en ûnsichtbere maatregels befeilige.Open Overheid, Brief oan de foarsitter fan 'e Twadde Keamer fan 'e Minister fan Justysje en Feilichheid, 24 oktober 2023. De histoarikus Marc Knobel sei yn 2019 tsjin de Britske krante The Guardian dat it der op like dat it konflikt tusken Israel en de Palestinen yn Europa importearre wurdt. Ut in ûndersyk fan 2021 yn opdracht fan 'e gemeente Amsterdam die bliken dat de Amsterdamske joadske mienskip him langer net mear feilich fielde.Gemeente Amsterdam: Tegengaan, Discriminatie, Uitsluiting, Actieonderzoek onder Joodse Amsterdammers, 7 juny 2021 (PDF)
De stêd is al in skoft it toaniel fan oanhâldende pro-Palestynske en anty-Israelyske protesten nei it útbrekken fan it konflikt tusken Israel en Hamas yn de Gazastripe yn oktober 2023.
Oanfallen Yn Amsterdam ûntstie neidat Ajax tsjin 'e Israelyske klub Maccabi Tel Aviv spile hie yn 'e nacht fan freed op sneon op ferskate plakken ûnrêst. Nei de wedstriid waarden oer Snapchat en Telegram berjochten ferspraat om Israelyske fuotbalfans oan te fallen. Yn it berjocht waarden spesifike plakken neamd dêr't de Israelyske fuotbalsupporters te finen wiene. It berjocht waard troch tsientûzenen minsken sjoen en ferspraat. De breklike tekst fan it berjocht wie:RTL 'Wees daar strijders!': zo werden de aanvallen op Israëlische supporters georganiseerd, 6 novimber 2023
(mei 'zio's' wurde 'zionisten', dus de Israelyske fuotbalfans bedoeld.)
Neffens boargemaster Femke Halsema waard der op Telegram ek oproppen ta joadejacht. Jonges op scooters sochten troch de stêd nei supporters fan Maccabi Tel Aviv. Neffens de boargemaster holpen ek taksysjauffeurs de jongerein om joaden op te spoaren.AD, Femke Halsema: Op Telegram werd opgeroepen tot Jodenjacht, dat is een schande, 08-11-24, 07:42
Op sosjale media waarden filmkes dield, wêrop groepen jongeren fan allochtoane komôf joaden opjoegen en Free Palestine rôpen. As de Israelyske fuotbalfans net op 'e tiid fuort komme koene waarden se skopt, slein, mei fjoerwurk bekûgele NOS, Israëlische minister op Schiphol: ik reken op zware straffen voor de daders, 8 novimber 2024. en op 'e knibbels twongen teksten te roppen lykas "Free Palestine".
Om't Maccabi Tel Aviv trochstrings rêstige supporters hat, waard de wedstriid net as in heechrisikowedstriid ynskaald. Dochs hie de Amsterdamske plysje 800 man op strjitte op ferskate lokaasjes yn 'e stêd.RTL, Israelische media zijn stellig: aanvallen in Amsterdam "georganiseerde pogrom". Neffens de plysje waarden der by pogrom teminsten 5 minsken ferwûne, 62 minsken binne oppakt.NU.nl, 8 novimber 2024
Om 04:30 oere lokale tiid stjoerde it Israelyske regear twa fleantugen nei Amsterdam om troffen boargers te helpen en nei hûs te heljen. Israelyske en Nederlânske autoriteiten koördinearje tegearre de medyske soarch en logistike stipe oan 'e slachtoffers.
Boargemaster Halsema, justysje en plysje ferklearren dat de gemeente Amsterdam de befeiliging fan joadske objekten fierder omheech skroeft. De trijehoeke ûnderhâldt kontakt mei û.o. it regear, de Israelyske ambassade en de joadske mienskip fan 'e stêd. Yn harren ferklearring wurdt ek skreaun dat der gjin inkel ekskús bestiet foar it antysemitysk gedrach fan 'e dieders, dy't aktyf nei Israelyske supporters sochten om se oan te fallen en te mishanneljen.RTL, ''Amsterdam schroeft beveiliging Joodse objecten op: 'Geweld gaat alle grenzen te buiten''', 8 novimber 2024.
Reaksjes Politike reaksjes Kening Willem Aleksander tsjin president Yitzhak Herzog: "Wy ha de Nederlânske joadske mienskip yn 'e Twadde Wrâldkriich yn 'e steek litten en ha dat fannacht nochris dien."Times of Israel, Dutch king: We failed the Jewish community during WWII, last night we failed again Premier Dick Schoof neamde de oanfallen op Israelyske fuotbalfans antysemitysk. Hy sei him te skamjen dat soks yn Nederlân barde, útrekkene op 'e dei foar de betinking fan 'e Kristallnacht yn 1938. De dieders sille fûn en ferfolge wurde.|AT5: ''Schoof veroordeelt 'antisemitische aanvallen' rondom Ajax-Maccabi, Netanyahu spreekt van 'zeer gewelddadig incident''', 11 novimber 2024AT5, 8 novimber 2024 Minister Van Weel fan Justysje spriek oer tige slimme antysemtityske oanfallen op Israelyske supporters: "Der rieden minsken troch de stêd op 'e strún nei joaden. Se fregen wat de nasjonaliteit wie en wêr't se wei kamen. As op dat stuit ien Israelysk wie, waard dy yninoar slein. Slimmer antysemitisme kin it hast net".NOS, Politiek veroordeelt geweld tegen Maccabi-fans in Amsterdam, koning is geschokt, 8 novimber 2024. Benjamin Netanyahu neamde de oanfallen op 'e Israelyske fuotbalfans it wiere gesicht fan it radikale terrorisme dêr't se tsjin fjochtsje. Hy rôp de Westerske wrâld op om no wekker te wurden. Danny Dannon, permaninte fertsjintwurdiger fan Israel by de Feriene Naasjes: "Wy krije hiel ferûntrêstigjende berjochten oer ekstreem geweld tsjin Israelyske en joadske minsken yn 'e strjitten fan Nederlân. Der is yn 2024 sprake fan in pogrom yn Europa.”Jewish News Syndicate, ‘Pogrom’ in Amsterdam: five in hospital, 62 arrested, police say, 8 novimber 2024. 20px Ursula von der Leyen op X: "Ik bin poer oer de efterbakse oanfallen fan justerjûn op Israelyske boargers yn Amsterdam. Ik feroardielje se en antysemitisme hat gjin plak yn Europa. Wy binne fêst yn ús striid tsjin alle foarmen fan haat." Olaf Scholz op X: "De berjochten oer geweld tsjin Israelyske fans yn Amsterdam binne net te fernearen. Soks kinne wy net oer ús kant gean litte. Wa't joaden oanfalt, falt ús oan. Joaden moatte harren yn Europa feilich fiele." Emmanuel Macron op X: "It geweld tsjin Israelyske boargers yn Amsterdam docht ús tinken oan 'e meast tsjustere tiid fan 'e skiednis. Ik feroardielje dat en libje mei de ferwûnen mei. Frankryk sil sûnder omhaal striidzje tjin it grouwelige antysemitisme. " Joe Biden neamde de antysemityske oanfallen op Israeliërs walglik en in echo fan 'e tsjustere tiden yn 'e skiednis fan 'e joadeferfolging.Times of Israel 8 novimber 2024. Justin Trudeau op X: "It berjocht út Amsterdam fannacht is ferskriklik. Dit is in tsjuster momint foar ús wrâld - ien dy't wy earder seagen. Myn hert giet út nei de slachtoffers en de hiele Joadske mienskip. Kanada feroardielet dit walglike antysemitisme."
Reaksjes út de sport KNVB: Wy binne skrokken fan 'e bylden út de Amsterdamske binnenstêd ... It geweld stiet fier ôf fan 'e moaie fuotbaljûn yn 'e Johan Cruijff ArenA. Wy ferwachtsje dat de dieders pakt en straft wurde.Sportnieuws: ''Ajax en KNVB reageren geschokt op geweldsincidenten in Amsterdam: 'Wij veroordelen dit geweld ten zeerste''', 8 novimber 2024. Ajax: Nei in sportjûn mei in moaie sfear yn it stadionn ... binne wy ferslein oer wat der yn it Amsterdamske sintrum fannacht barde. Wy feroardielje dit geweld.Sportnieuws: ''Ajax en KNVB reageren geschokt op geweldsincidenten in Amsterdam: 'Wij veroordelen dit geweld ten zeerste''', 8 novimber 2024.
De Marokkaansk-Nederlânske fuotballer Hakim Ziyech sette in filmke op Instagram fan in groep dy't op in pear Israelyske boargers jeije. By it filmke skreau er sels de tekst "As it gjin froulju en bern binne rinne se fuort".AD: ''Hakim Ziyech over aangevallen Maccabifans: Als het geen vrouwen en kinderen zijn rennen ze weg, 8 novimber 2024.
Kategory:Antysemitisme Kategory:Skiednis fan Amsterdam Kategory:Barren yn 2024