thumb|Anne Bonny Anne Bonny (ferdwûn nei 28 novimber 1720) wie in seerôver dy't tsjinne ûnder John "Calico Jack" Rackham. Under de pear beskreaune froulike seerôvers yn de skiednis, is hja ien fan de bekendste seerôvers fan de Gouden Iuw fan Seerôverij wurden, mar likegoed ek yn de skiednis fan seerôverij yn it algemien.
In protte fan Bonny har eftergrûn is ûnbekend. De earste biografy fan Bonny komt út it boek fan Kaptein Charles Johnson út 1724 A General History of the Pyrates and the murders of the most notorious Pyrates, waans identiteit mysterieus bliuwt hoewol't de ynformaasje dy't Johnson oer har jout as twifelich beskôge wurdt. Neffens Johnson waard Bonny yn Ierlân berne as de oerwûne dochter fan in advokaat en syn tsjinner. Bonny en har heit soene letter nei de provinsje Carolina ferhúzje, dêr't se troude mei in seeman mei de namme James Bonny. Hoewol’t Johnson syn ferzje fan it ferhaal rûnom akseptearre wurden is, is der net folle bewiis om it te stypjen.
Op in ûnbekende datum reizge Bonny nei de Bahama's, dêr't se de seerôver John Rackham moete. Bonny soe bemanningslid fan Rackham wurde, tegearre mei in oare froulike seerôver, Mary Read, en holp om de sloep ‘William’ yn augustus 1720 te stellen. Rackham en syn bemanning soene in oantal oanfallen útfiere op keapfardijskippen yn West-Ynje oant se finzen nommen waarden nei in koart seegefjocht yn oktober 1720. Rackham, tegearre mei alle manlike bemanning, waard berjochte en ta de dea feroardiele, mar Bonny en Read krigen harren eksekúsjes útsteld om't se beide bewearden dat se swier wiene. Read stoar yn 'e finzenis om heal april 1721 hinne, mar Bonny har lot is ûnbekend.
Jonkheit thumb|Foarside fan A General History of the Pyrates. De namme fan Anne Bonny en dy fan Mary Read, steane yn in opfallend grutter lettertype as dy fan oare seerôvers lykas Swartburd of Charles Vane. De datum en berteplak fan Bonny binne ûnbekend. Der is neat definityf bekend oer harren jonkheit. Gjin primêre boarne, ynklusyf har eigen prosesferslach, neamt har leeftyd of lân fan komôf. Der waard gjin Anne Bonny dy ‘t berne is yn de lette 17e iuw fûn yn de doopregisters fan Ierlân. Der kin net iens mei wissichheid sein wurde oft se Iersk is, har namme is mear Ingelsk: Anne, de tredde meast foarkommende Ingelske foarnamme fan dy tiid, en Bonny, in Ingelske efternamme dy ‘t in soad foarkomt yn Lancashire County. Bonny stiet der net om bekend dat se foar 1713 in kolonist fan Nassau wie. Foar 22 augustus 1720 kin net folle definityf sein wurde oer Bonny har jonkheit.
Jonkheit neffens A General History of the Pyrates Alle details oer it iere libben fan Bonny komme út Kaptein Charles Johnson syn A General History of the Pyrates (in tige ûnbetroubere rige piratebiografyen). Johnson skriuwt dat Bonny berne waard yn in stêd by Cork yn it Keninkryk Ierlân. Hja wie de dochter fan in tsjinstfaam mei de namme Mary, en har wurkjouwer, in net neamde advokaat. Lettere ferzjes fan dit ferhaal soene ferwize nei de advokaat as William Cormac en de mem as Peg / Mary Brennan. Dit binne fiktive nammen foar it earst opskreaun yn 'e romantyske roman Mistress of the Seas út 1964.
De frou fan de advokaat wie siik wurden en waard in pear kilometer fierderop nei it hûs fan har skoanmem brocht om fersoarge te wurden. Wylst syn frou fjouwer moanne fuort wie, begon hy om te slaan mei Mary. De frou fan de advokaat ûntduts de affêre nei in komysk fersin mei sulveren leppels. Dit teatrale misferstân begûn mei in learloaier dy't Mary koe, dy ‘t trije sulveren leppels wist te stellen en se yn har bêd ferstoppe. Mary rôp de plysje der by, mar se waarden net fûn. Doe't de frou weromkaam, fertelde de learloaier har it hiele ferhaal oer de stellerij fan sulveren leppels, mar joech ta dat it mar in grap wie. De frou fûn de trije sulveren leppels yn Mary har bêd, krekt sa't de learloaier sein hie. Hja rekke lykwols erchtinkend, de learloaier hie opmurken dat er de sulveren leppels al dagen lyn ferstoppe hie. De frou frege har ôf wêrom't Maria net yn har bêd sliepen hie. De frou gie der doe fanút dat har man har de ôfrûne fjouwer moanne besoademitere hie. De frou bleau op bêd en wachte op 'e advokaat, dy't Mary rôp en yn har bêd lizzen gie, en de affêre befêstige. De frou lei doe de sulveren leppels wer yn 't bêd, en doe't Maria sliepen gyng, fûn se se en ferburch se yn har koffer. De frou beskuldige Mary letter fan stellerij en belle in plysje, dy't har ûnterjochte arrestearre. Doe't de saak oan it ljocht kaam, skiede de frou fan de advokaat en ferhuze nei in oar hûs. Mary rekke swier fan de affêre en joech it libben oan in dochter, Anne, wylst se yn 'e finzenis siet. Nei de berte fan Anne waard Mary út meilijen frijlitten. De skoanmem fan de advokaat stoar net lang dêrnei, en liet út meilijen in slompe jild nei as ynkomsten foar de fan de advokaat ferfrjemde frou. Hoe't Johnson op ‘e hichte wie fan 'e stellerij fan'e leppels en de krekte aard fan Anne har berte wurdt nea dúdlik.
Om't elkenien yn 'e stêd wist dat Mary in oerwûne dochter krigen hie, brocht de advokaat Anne grut as jonge, en bewearde dat se it bern fan in freon wie. De advokaat hope sels Anne op te fieden as klerk. De frou fan de abbekaat ûntduts al gau wa't it bern wie, en annulearre alle útkearings dy't se him jûn hie. De advokaat beëinige doe de list en gie mei Anne wenjen as syn dochter, mar it skandaal wie skealik foar syn reputaasje en net folle pleatslike bewenners woene mei him gearwurkje. De advokaat waard twongen om earne oars hinne te ferhúzjen. De advokaat ferhuze earst nei Cork, mar dat blykte net fier genôch. De advokaat ferhuze doe nei de provinsje Carolina, dêr't er Anne en har mem Mary mei hinne naam. Earst besocht de advokaat syn juridyske karriêre troch te setten, mar úteinlik waard er ynstee keapman. Hy blykte frijwat súksesfol as keapman, en fertsjinne genôch jild om in grutte plantaazje te keapjen. Mary stoar op in ûnbekende tiid, Anne Bonny wie no in folwoeksene.
Johnson beweart dat Bonny in fûl temperamint hie, lykas sein waard troch in tsjinstfaam mei in mes dea te stekken. In bewearing dy't er daliks fersmiet. Hy seit ek dat hja ris in man bot slein hat omdat er by har sliepe woe. Der is gjin dokumintearre foarbyld fan in advokaat dy't yn 'e 17e en 18e ieu plantaazje-eigner waard yn 'e Carolinas, dat gou benammen foar ien mei in dochter mei de namme Anne Bonny en in skiednis fan geweld.
De advokaat ferwachte dat Bonny in goeie man trouwe soe, mar ynstee troude se mei in earme seeman. De advokaat wie sa lilk dat er har derút sette. Yn de oarspronklike bondel fan A General History wurdt de man fan de seeman net by namme neamd. Yn A General History diel II, publisearre yn 1728, wurdt de seeman James Bonny neamd.
Nei 't se der útskopt wiene, ferhuzen Anne en James Bonny nei Nassau, op New Providence Island, dat bekend stie as in haven foar seerôvers. Johnson beweart dat nei de komst fan gûverneur Woodes Rogers yn 'e simmer fan 1718, James Bonny in ûndergeskikte offisier fan 'e gûverneur waard nei 't er graasje krigen hie. Anne joech net folle om James en bedroech him faak. It is tige ûnwierskynlik dat James Bonny Woodes Rogers tsjinne, omdat der gjin James Bonny foarkomt yn de list fan seerôvers fan Captain Vincent Pearse dy’t in keninklik pardon krigen ha. Gjin inkele dokumintaasje bûten ‘’A General History’’ befêstiget sels dat der sels mar in James Bonny wie, wat it mooglik makket dat hy ien fan Johnson syn fiktive kreaasjes is, fergelykber mei Captain Misson. thumb|John "Calico Jack" Rackham thumb|left|Mary Read John Rackham en seerôverij Wylst se yn Nassau wie, moete Bonny op in stuit John "Calico Jack" Rackham. De aard fan syn relaasje mei har is ûndúdlik; A General History beweart dat it romantysk wie, wylst har eigen prosesferslach der neat oer seit. Se wie wierskynlik goed bekend mei Rackham yn it jier 1720, nei de Oarloch fan de Fjouwerfâldige Alliânsje en twa jier nei it bewâld fan gûverneur Rogers. thumb|Proklamaasje troch gûverneur Rogers 5 septimber 1720 dat Anne Bonny neamt as bemanningslid van Rackhams. Se wurdt by namme neamd as Ann Fulford ofwol Bonny. Yn augustus 1720 stielen Bonny, Rackham en in oare frou, Mary Read, tegearre mei sa'n tsien oare bemanningsleden fan 'e seerôvers, de sloep William, dy't doe foar anker lei yn de haven fan Nassau, en setten de see op. De bemanning brocht moannen troch yn West-Ynje om hannelsskippen oan te fallen. Bonny die mei oan seerôverij mei de manlju, en ferdielde buskrûd oan kollega-seerôvers, in baan dy't faaks oantsjutten wurdt as in "poeieraap". Op 5 septimber 1720 joech gûverneur Rogers in proklamaasje út, dy’t letter publisearre waard yn The Boston Gazette, dêr't de arrestaasje fan Rackham en syn meiwurkers yn easke waard. Under de neamde minsken binne Anne Bonny en Mary Read.
A Genearal History beweart dat Bonny úteinlik fereale rekke op in oare seerôver oan board, allinich om út te finen dat it Mary Read wie. Om de oergeunst fan Rackham, dy't in romantyske relaasje tusken de twa fermoede, te beheinen, fertelde Bonny him dat Read in frou wie en liet him swarre dat geheim te hâlden. Dit is net wierskynlik, om't de proklamaasje fan Rogers iepentlik beide froulju neamt. Lettere tekeningen fan Bonny en Read soene har froulikens beklamje, hoewol dit wierskynlik net de realiteit wjerspegele. In slachtoffer fan 'e seerôvers, Dorothy Thomas fan Jamaika, soe Bonny en Read harren uterlik yn detail beskriuwe by harren proses: Se "droegen manljusjassen, en lange broeken, en bûsdoeken om har hollen bûn: en ... elk fan har hie in kapmes en in gewear yn hannen en se ferflokten en swarden tsjin de manlju dat se har (Dorothy Thomas) deadmeitsje soene". Thomas skreau ek dat se wist dat se froulju wiene, "fanwege de grutte fan harren boarsten”.
Fangst en finzennimming Op 22 oktober 1720 waarden Rackham en syn bemanning oanfallen troch in sloep ûnder lieding fan Jonathan Barnet, dy't ûnder lieding stie fan Nicholas Lawes, gûverneur fan Jamaika. Rackham en syn bemanning fersetten har wol, mar joegen har koart nei it begjin fan 'e slach oer. Se waarden nei Jamaika brocht, dêr't se yn groepen berjochte waarden foar de misdied fan seerôverij. Rackham waard op 16 novimber berjochte en skuldich fûn. Syn eksekúsje yn Port Royal waard twa dagen letter útfierd, op de 18e.
Anne Bonny waard tegearre mei Mary Read berjochte foar seerôverij op 28 novimber yn Spanish Town. Lykas Rackham wie it proses koart en it oardiel ûnûntwynber. Nei it oproppen fan trije tsjûgen en in koarte perioade fan diskusje, fûn gûverneur Lawes Bonny en Read skuldich oan seerôverij en feroardiele se beide ta de strûp.
Doe't it oardiel útsprutsen waard, pleiten Bonny en Read beide ‘foar harren buken’, en fregen om genede, in sjuery fan matroanen ferliende harren nei alle gedachten útstel oant se in bern krigen hiene, mar it is de fraach oft se eins swier wiene. Read stoar yn de finzenis troch ûnbekende oarsaken om april 1721 hinne. In grêfregister foar de parochy fan Sint Katarina skriuwt har begraffenis op 28 april 1721 op as "Mary Read, seerôver". thumb|Begraffenisakte fan in Ann Bonny yn 'e parochy fan Saint Catherines, 29 desimber 1733. Lot Der is gjin ferslach fan Bonny har frijlitting, en dit hat laat ta spekulaasjes oer har lot. Johnson skriuwt yn A General History dat: "Se bleau yn 'e finzenis oant de tiid fan har ferstjerren, en dêrnei krige se fan tiid ta tiid útstel; mar wat sûnttiids mei har bard is kinne wy net fertelle; wy witte allinich, dat sy net eksekutearre waard."