Dizze side beskriuwt de skiednis fan Hoarnstersweach.
Namme Hoarnstersweach komt oan syn namme troch de sweach (greide, lân foar fee, langhalich stik lân) fan Hoarne. Hoarne komt mooglik fan in hoeke heger lizzend lân útspringend út sompich mêd. In râne fan in sânrêch.
Yn 1408 waard it doarp as it karspel Suage oantsjut. Yn 1530 wurdt Hoernsterswage en Hornsterswaeghe neamd. Yn de 17e iuw wurde Hoornsterswaegh en Hornsterswaeg neamd.Friese plaatsnamen: alle steden, dorpen en gehuchten yn etymologiebank.nl
Yn 1525 komt Hoarnstersweach foar as Housterbage yn it Register van den Aanbreng. Foar safier is nei te gean is Housterbage allinne ien kear oerlevere, yn oare boarnen út dy tiid wurdt it doarp wol beneamd yn de trant fan ‘hoornsterzwaag’. Mooglik is it in ferskriuwwing of in ferkearde transkripsje. Sawol it diel ‘houster’ as ‘bage’ lykje wol op hoornster/hornster en zwage/zwaag. Mocht Housterbage dochs in besteande foarm wêze, dan kin it diel ‘houster;’ op ‘hou’ slaan, wat ‘oandiel yn in stik lân’ betsjut. Bage kin fan ôfbeakening of modder komme.
Prehistoarje Ut archeologyske fynsten hat bliken dien dat oan de Tsjonger by Hoarnstersweach tûzenen jierren foar it begjin fan de jiertelling al minsken fan de Tsjongerkultuer wennen. Oan de ”Skoatterlânskewei” leit, as oerbliuwsel út de iistiid, in mânske grouwe balstien. De stien wie bedobbe yn it miedlân, mar waard yn 1960 wer opdold. Ek fjoerstiennen út de iistiid sitte yn de grûn. By de Prikkedaam binne foarwerpen fan fjoerstien fûn fan sa'n 5200 foar Kristus. By de Tsjonger koene se fiskje en it wie in drinkplak dêr't bisten kamen en sa in maklike proai wiene. In pear kilometer nei it easten leit Jardingea dêr't yn it mesolitikum in slachtplak foar oeroksen by de Tsjonger wie. Dizze minsken ferdwine en dan komme de Germanen. Dêrmei einiget de prehistoarje. Yn'e tredde iuw nei Kristus wurdt it gebiet mei wetter oerspield troch klimaatferoaring en wennet der gjinien. As it lân nei twa iuwen wer drûchfalt komme der stammen út Noard-Dútslân en Denemarken oan'e kust te wenjen. De omjouwing fan Hoarnstersweach bliuwt sompich en it fean groeit en it is net botte bewenber.
Gea Yn de Midsiuwen is it lân wierskynlik útjûn troch de biskop fan Utert of in lânhearre, wêrby't elk doarp in stik lân krige fan de Tsjonger oant it fean yn it noarden. Oan 'e súdkant fan dy wei rûnen healannen nei de fallei fan de Tsjonger. De stripen lân stienen heaks op de wei. De ikkers leinen foaral noardlik fan de wei.
Noch noardliker fan de dyk leine heechfeanen. Hiel lang lyn rûn om 'e grins tusken Opsterlân en Skoatterlân in rivier. Dy rivier rekke syn ôfwetteringsmooglikheid kwyt doe't it bêd yn in drûge perioade foar in diel tichtstode. Yn de iuwen dêrnei ûntstienen sompen, foaral op in ûndergrûn fan klaailiem en troch fels of oerbank. Hoewol heechfean syn begjin fynt yn sompich gebiet set it him troch de iuwen op in groeien. Sa kwaam it heechfean hjir heger te lizzen as de heide en it lân fan de boeren. Om it soere feanwetter en it fean te kearen makken de boeren in dykje by it fean lâns: in leidyk.
By de Tsjonger lâns wiene de miedlannen dy't brûkt waarden foar it hea en as neiweide. By it winter rûnen dy lannen ûnder wat goed wie foar de fruchtberens. Sommige boeren hierden in stik lân fierderop lâns de Tsjonger en gongen dan in wike te haaien. Se kamen mei in heabult op in pream wer thús. Op de wat hegere greiden en heide weiden se fan alle soarten fee. De dong fan it fee en de seadden stutsen fan de heide waarden brûkt foar it bedongjen fan noch heger lizzende boukampen mei ûnder oaren rogge en bokweet. Op 4 juny 1812 wie de foarrie fan rogge 0 en bokweet 31 lopens (1 lopens is ± 80 liter). Dat dêr is dan noch in soad woast lân. Om de pleatsen en ikkers hinne wienen ornaris wat boskjes. De skiep en kij waarden skepere op de heide by de Tsjonger. Dêrtroch bleau de heide. Oan beide kanten fan de Skoatterlânskewei wiene plakken mei heide. Troch iuwenlange beweidzjen en ôfplagjen fan seadden foar de potstâl waarden mineralen ôffierd en ferskraalden grutte stikken fan de sângrûn. Boppedat wie troch befolkingsgroei mear hout nedich. Op dy plakken ûntstienen heidefjilden. Op 'e heide waarden ek ealjebijen hâlden foar huning. Doe begjin tritiger jierren fan de 20e iuw de Grifformearde Tsjerke mei dêrneist de pastorije boud waard oan de “Skoatterlânskewei” stienen dy op in keale flakte. Ek wie der heidebrân dy't noch tiden ûndergrûnsk troch baarnde. Dêrtroch trape men soms ûnferwachts yn in gat mei jiske.
By hûs hie men in minggat fan 3 by 4 meter yn 'e grûn foar túch en ôffal lykas griente en sa. Yn it foarjier kaam it oer it lân of tún.
De twadde helte fan de 20e iuw, wie de heide net langer mear ferbûn mei de lânbou troch de seadden foar de stâl en de ikkers en foar beweiding. Ynstee dêrfan waard de heide brûkt foar rekreaasje en toerisme (lânskip), bioferskaat en kultuerhistoarje (museumfunksje). Heide is noch te finen oan de Prikkedaam, de Laweisreed, de Jelle Heidawei, de Jan Hofswyk en de Jan Everstwyk. Ienris yn de safolle tiid komt de hoeder mei de skiep om it fergerskjen fan de heide te kearen.
Op de heide de elzen, bjirken, jeneverpôlen, de blibberbeien, de hulzenpôlen, de bjintepôlen en boskjes mei nullebeamen, spjirren en dinnebeammen. De heide mei de heidepaadsjes en de puoltsjes en it wyld, de harten, reeën, wylde bargen, hazzen, kninen en de njirre. Yn de boskjes of op it lân de koerhinnen, de fesanten, de houtdowen, houtaksters, de roeken, kaën, de klysters. By it wetter de wylgen en de snilen, moark, rusk, papekul en kantsjepôlen en de pompeblêden en de kikkertsblommen. Lâns paden de iken, de bjirken, de kûtsjekraal (kwitsenbei) en de toarnbeien en de tieneblommen. It ikenhiem (ek wol neamd de brink) by hûs en de protterbei, de beiepôlen, de koallen en de hynstebeannen.
Dêr binne ek noch myltfjoerboskjes.
Dêr is lintbebouwing oan de "Skoatterlânskewei" lâns de trochgeande wei oer de sânrêch en lintbebouwing eastlik fan Jobbegea by de Skoatterlânske Kompanjonsfeart lâns nei de buorskippen Petersburch en Moskou. Dy lêste lintbebouwing is ûntstien troch de turfgraverij.
Oarloggen en fjochteraasjes As der yn de 14e iuw striid is oer de pacht fan de healannen by Iselham tusken de biskoppen fan Utert en Stellingwerf en Skoatterwerf rekket dat ek Hoarnstersweach. Om 1408 hinne moat Hoarnstersweach 30 âlde skylden fan 33 Flaamske Grooten (totaal 990 Flaamske Grooten) betelje oan biskop Freark III fan Blankenheim.
Oft Hoarnstersweach lest hie fan soldaten fan it Spaanske leger yn Stienwyk yn de Tachtichjierrige Oarloch, dy't ek plonderden yn Skoatterlân, is ûnbekend. De grytman Tinco fan Oenema stelt dan foar Hoarnstersweach fiif doarpswachters oan. Oant 1622 bliuwt it ûnrestich yn dizze streek.
Yn de Twadde Münsterske Oarloch leit Hoarnstersweach efter de grutte skâns fan Makkingea, ûnderdiel fan de Fryske Wetterliny. Yn de jierren 1672 en 1673 leit Hoarnstersweach sadwaande ticht by it front fan de mannen fan de biskop fan Münster, Bommen Bearend, mei de Franske oerbefelhawwer Mornas tsjin de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen mei de mannen fan Johan Maurits, Hans Willem fan Aylva en de greve fan Dona.
Tusken 1695 oant 1714 hat de tsjerke seis kear de glêsmakker nedich.
Dominy Regnerus van der Molen wie legerdûmny yn 1703, 1705 en 1711 yn de Spaanske Suksesje-oarloch. Dûmny Henricus Couperus, Petrus soan wie legerdûmny by it garnizoen te Namen yn 1715. Soldaten fan Hoarnstersweach yn it leger fan Napoleon wiene Bonne Jans Bies, Sipke Jacobs Borger, Auke Roels Drenth en Johannes Engberts de Vries. Jan Klazes Doldersom, berne yn Hoarnstersweach, wie in skutter yn de Tsiendeiske Fjildtocht.
Yn de Twadde Wrâldoarloch binne fan Hoarnstersweach trije minsken omkaam. Harm Portyk as soldaat by in ûngelok mei in wein yn it leger op 11 maaie 1940 yn Heerde. Wietze Jonker, masinist KNSM by de Nederlânske Keapfardij, troch in sykte yn Curaçao op 19 septimber 1941. Tjeerd van der Draai troch in trein by de Arbeitseinsatz yn Bremen op 27 april 1942. Lieuwe van der Molen is sneuvele by de Yndonesyske ûnôfhinklikensoarloch yn Nederlânsk-Ynje.
Feanterij en lânoanmakkerij Piter Dekema fan de Skoatterlânske Kompanjy kocht al foar 1551 grutte stikken heechfeangrûn by Hoarnstersweach.
2 februari 1639; Joannes Overney, dienaar des godlijken woords in 't oosterkwartier van Schoterland, mitsgaders Jan Wybes Rouckema, assessor van 't gerecht van voors. grietenij en de ingezetenen van Hoornsterzwaag, hebben in pacht en eigendom toegestaan en overgedragen aan de heer Amelius van Oenama, alzodanige veenen als op hun pastorie zathen, gelegen in voors. dorp bij Reinske Roelofs en Roelof Harmens wordende bewoond, vallen, hebbende Wessel Ubles ten oosten, en Albert Hanses ten westen, beginnende zuidwaarts 50 roeden boven de noorderse Leidijk ieder perceel en voorts in lengte noordwaarts, strekkende tot in de veenscheiding en voorts hun andere pastorie veenen, voor ieder roede veen die de zathen in de breedte zullen kunnen uitbrengen, ten einde mate ten einde geld in eens 6 caroli gulden pacht te betalen in 2 termijnen op 1e mei 1639 en 1e mei 1640 en 3 St. voor ieder roede vulling der voors. veenen als die vergraven zullen zijn enz.
De Skoatterlânske Kompanjonsfeart wie yn 1732 trochlutsen oant Hoarnstersweach. De feanen binne ta turf wûn en de turf waard oer de noardlik rinnende Skoatterlânske Kompanjonsfeart ferfierd. Yn de tiid fan de feanterij kamen feanarbeiders fan bûten en setten har ta wenjen oan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart en de wiken. Dy noardlike buert hiet eartiids de Hoornsterzwaagstercompagnie en wie part fan De Kompenije. It turfstekken barde oan yn de tritiger jierren fan de 20e iuw ta. De lawei (joech de arbeidstiid oan foar de feanarbeiders) hat stien by de 15de wyk foar de skoalle oer. Letter oan de 17e wyk en noch letter noch eastliker. Om 1878 binne ûnder it heechfean beamstammen fûn mei in dikte fan 1 ½ a 2 meter. Hja leine west-east. Miskien foar in paad of brêge om izeroer te winnen. Foar in part binne se troch de feanwurkers ta brânhout makke en foar in part binne se op itselde plak lizzen bleaun. Neidat it fean oant it sân fergroeven wie en mingd war mei bolster, waard it brûkt foar lânbou (sânboekweet). Ek op it fean waard al boekweet boud nei feanbanen (feanboekweet). Ek kamen dêr heidefjilden troch de skiep. Op de heidefjilden sette se boskjes foar brânhout en geriifhout. De lannen binne yn kultuer brocht, lykwols restearje ek boskperselen, de karakteristike wiken en fraaie leanen. Yn it fean binne ek fynsten dien. Dêr binne tritich âlde jildstikken fûn. De measten wiene leeuwengrooten út de 14e iuw. Dy munten binne slein ûnder it regear fan Loadewyk II fan Male, greve fan Flaanderen (1346—1384) en Willem V, greve fan Hollân (1354—1359). Yn it feanbokweetfjild, dêr't earder heechfean ôfgroeven wie, binne tweintich sulverstikken fûn fan 1601 – 1619 mei Latynske opskriften. Ek is in goatyske brûnzen ljochter fûn.
Om 1730 hinne begûn de earmoed al ûnder de feanarbeiders. It wie seizoenarbeid en it wie swier om yn de oare tiid fan it jier wurk te finen. Der wie oanbod fan in soad arbeiders trochdat by Giteren en yn de kop fan Oerisel it fean op rekke en de feanarbeiders hjir hinne kamen en troch trekarbeid fan minsken út Dútslân. De konsintraasje fan earme minsken luts ek wer earme minsken oan fan bûten. Der wie soad konkurrinsje fan oare feangebieten, lykas de Opsterlânske Kompanjy, dy fia de Opsterlânske Kompanjonsfeart wol in oan- en ôffier hie mei de Drintske Haadfeart wylst de Skoatterlânske Kompanjonsfeart en de Tsjonger dit net hiene en troch de feanterij yn de Stellingwerven. Der ûntstie yn it gebiet wêr de feanen ûntgûn waarden in mienskip fan earme minsken mei in eigen identiteit, De Kompenije.