thumb|It earehôf Earehôf Noardwâlde leit op it tsjerkhôf fan de Herfoarme tsjerke yn Noardwâlde yn de gemeente Weststellingwerf. Der steane acht stiennen mei de folgjende nammen: Namme Funksje Underdiel Squadron Stoarn AldensReginald Thomas AdamsBoardskutterRoyal Air Force Volunteer Reserve405 (R.C.A.F.) Sq30-06-194221Walter Percy BeareRadiotelegrafist/boardskutterRoyal Air Force Volunteer Reserve405 (R.C.A.F.) Sq30-06-194227James William BellWaarnimmerRoyal Canadian Air Force405 (R.C.A.F.) Sq30-06-194228Henry Adolphus Chinn (wiere namme: Echin)PiloatRoyal Australian Air Force405 (R.C.A.F.) Sq30-06-194222Winston James DickinsonRadiotelegrafist/boardskutterRoyal Canadian Air Force405 (R.C.A.F.) Sq30-06-194225William Jessup HarrellPiloatRoyal Canadian Air Force405 (R.C.A.F.) Sq30-06-194221Paul Patrick Augustus OnesonRadiotelegrafist/boardskutterRoyal Canadian Air Force405 (R.C.A.F.) Sq30-06-194226Alexander SimpsonBoardmeganisienRoyal Air Force405 (R.C.A.F.) Sq30-06-194221
Skiednis Yn 'e nacht fan 29 op 30 juny 1942 fleagen 251 fleantugen oer IJmuiden, de Iselmar, Drinte en Noard-Oerisel nei Dútslân om dêr Bremen te bombardearjen. Mar it wie in heldere nacht en mei it noarderljocht wie it foar de Dútske nachtjagers fan 'e fleanbasis Ljouwert ienfâldich om dy bommesmiters op te spoaren. In Handley Page Halifax soe Bremen nea berikke en syn flecht einige nei in ûntploffing oan de Dwersfeartwei yn Noardwâlde.
Nei alle gedachten waard de bommesmiter yn de omkriten fan Frederiksoard troffen. Fleanend oer Vledder en Boyl moast it tastel in needlanning meitsje en dêrom waarden der trije tûzenpûners yn in iepen fjlid njonken de Easterstreek smiten. Ek yn 'e greide súdeast fan it doarp waarden noch in soad brânbommen delsmiten, dy't oars by de lanning in grut gefaar wiene. Op in lytse ôfstân fan de Dwersfeartwei eksplodearre it tastel lykwols dochs noch. De hiele bemanning fan acht persoanen kaam om it libben. Se op it hôf fan de Nederlânsk Herfoarme tsjerke yn Noardwâlde beïerdige.
In soad Noardwâldsters brochten de omkommen bemanning de lêste eare ta, ek al wie dat net nei't sin fan de besetter. De nammen fan de bemanningsleden fan de delstoarte Kanadeeske Halifax steane net fermelde op de tinkstien oan de Dwersfeartwei. Drenthe in de oorlog, oproppen 7 july 2023
Kategory:Begraafplak yn Weststellingwerf Noardwâlde Kategory:Noardwâlde