Fieke Gosselaar (Finsterwolde, 1982) is in skriuwster en dichteres yn it Nederlânsk en it Grinslânsk.
Gosseler is hikke en tein yn Finsterwolde. Se studearre rjochten oan de Ryksuniversiteit Grins. Se wurke as strafrjochtjurist by de rjochtbank Noard-Nederlân oant ein desimber 2023. Nederlandse Poëzie Encyclopedie Linkedin announcement https://www.linkedin.com/feed/update/urn:li:activity:7146092433544548352/ Sûnt febrewaris 2023 is Fieke Gosselaar ek streektaalkonsulint by de provinsje Grinslân. Sy is troud mei de dichter Kasper Peters.
Gosseler skriuwt proaza yn it Nederlânsk en gedichten yn it Grinslânsk. Har gedichten yn it Grinslânsk kinne fûn wurde yn de blomlêzings fan Dichters in de Prinsentuin en Dag van de Grunneger Toal, en de bondel Verrassend Nedersaksisch. Har wurk is ek faker publisearre yn de Grinzer literêre tydskriften Krödde en Oader.
Bibliografy Nova Zembla (2013, gedichten) Uitgeverij kleine Uil Tussen de anderen (2014, proazabondel) ambo|anthos uitgevers Spinnetje (2016, jeugdboek) Rock Ink Het land houdt van stilte (2018, roman) ambo|anthos uitgevers t Leven as olifantpuzzel (2018, samle kollums) Uitgeverij kleine Uil Als je ze kent (2022, roman) ambo|anthos uitgevers
Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk skriuwer Kategory:Kultuer yn Grinslân Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1982