Anna Hendriks Meester-De Vries (Langsweagen, 11 augustus 1901 - It Hearrenfean, 1 oktober 1993) wie in Frysk skriuwster. Sy wie de dochter fan Hendrik de Vries en Tjitske de Vries-Mulder en wie troud mei Hendrik Meester. Hoewol't it grutste part fan har wurk ûnder har eigen namme skreaun is, hat se yn it begjin ûnder de skûlnammen Sjoerd, A., Anke en Brún skreaun om te learen wat minsken fan har wurk fine.
Libben en wurk Anna de Vries is berne as âldste dochter fan timmerman-oannimmer Hendrik de Vries en syn frou Tjitske Mulder. Nei Anna kamen der noch trije bruorren en ien suster. Se hat altyd yn Langsweagen wenne. Alhoewol’t it thús net stimulearre waard, lies Anna alles wat se yn hannen krije koe. By pake en beppe hearde wykblêd Sljucht en Rjucht ta har lektuer.
Yn 1924 troude Anna de Vries mei Hendrik Meester, dy’t yn Langsweagen op it bûterfabryk wurke en dêrnjonken in winkel yn learzens, klompen en oar guod hie. It echtpear krige twa dochters.
As skriuwster hie Anna Meester-deVries har meast produktive perioade yn de jierren 1931 oant 1956. Se debutearre yn 1933 yn wykblêd Sljucht en Rjucht mei it ferhaal, Dochs noch in Sinnestrieltsje. Utjouwer W.A. Eisma fan S. en R. stimulearre har tige om bydragen te leverjen foar syn blêd. Yn it begjin skreau se ûnder skûlnammen as Sjoerd, A., Anke en Brún, se die dat omdat se graach hearre woe wat de minsken fan har wurk fûnen. It Nieuwsblad van Friesland publisearre yn 1936 in fúljeton fan Meester-de Vries mei de titel Sibrich, se skreau it ûnder de skûlnamme Anke. Fierder ferskynden ferhalen en sketsen fan har yn de Heerenveensche Koerier, It Heitelân en de Friese Koerier. Nei de oarloch wie it benammen Frysk en Frij, de opfolger fan Sljucht en Rjucht dat nei 1941 net mear ferskynde, dat har wurk publisearre.
Anna Meester-de Vries wie in produktyf en suksesfol toanielskriuwster, har earste stik Nynke, kaam út yn 1931. It sukses fan dat stik ynspirearre har om op dat paad troch te gean, se soe dernei noch tweintich oare stikken skriuwe. Inkelde fan de bekendste wiene; Ien dei boer en boerinne (1938) en Anny út Amsterdam. Njonken blijspullen en kluchten skreau se ek earnstige stikken lyk as, Us jonge. By it fyftichjierrich bestean fan it bûterfabryk te Langsweagen skreau se de revu Gouden Frissels (1952).
Yn 1938 wûn Meester-de Vries mei har berneboek Teltsjes fen de komkommerploech in priis yn in troch de Provinsjale Underwiisried útskreaune priisfraach. Lykwols waard har meast ferneamde berneboek dat oer de swarte kat Moarke, it boek ferskynde yn 1945. Yn 1984 belibbe it de sânde printinge. Yn Moarke nimt de natoer in grut plak yn, it ferhaal wurdt ferteld troch de kat. De poes praat mei alle oare bisten op de pleats dêr’t se wennet en meiinoar belibje se in soad aventoeren. Njonken it sukses fan it boek wie der ek krityk op de ynhâld en de wize fan skriuwen. Goed tritich jier nei it ferskinen bespruts Eppie Dam it boek yn Trotwaer ( nr 5. 1979) nei oanlieding fan in fraachpetear dat Pieter Breuker holden hie mei de skriuwster. Dam wie fan betinken dat de sinnen te swier en de haadstikken te lang wiene foar de leeftyd dêr’t it boek foar bedoeld wie.
Foardat Meester-de Vries har ferhalen opskreau, hie se se ferteld oan har bern, dy wiene har ynspiraasjeboarne. Neidat dy de doar út wiene, woe it skriuwen ek net mear sa goed.
In jier nei it ferskinen fan Moarke kaam fan har hân it famkesboek Unwaersfûgel út, se hie it boek al skreaun yn de oarlochsjierren (1943). De roman Jonkheit en it ferfolch dêr op Rôljende weagen kamen beide út yn 1943. Se hiene earst yn ôfleveringen stien yn Sljucht en Rjucht (1937 en 1940).
Koart foar de oarloch waard Anna Meester-de Vries troch de Provinsjale Underwiisried frege om in lêzing te hâlden, it soe de oanset wêze foar in lange rige dy’t se oeral yn de provinsje foar it fuotljocht brocht. Krekt yn 1976 soe se der mei ophâlde. Trotwaer, jaargang 11, 1979 https://www.dbnl.org/tekst/_tro005197901_01/_tro005197901_01_0047.php Ut it tydskrift Trotwaer, in ynterview mei Anna Meester-de Vries
Anna Meester-de Vries ferstoar yn 1993 yn de âldens fan 92 jier." Trotwaer. Jaargang 11, 1979 https://www.dbnl.org/tekst/_tro005197901_01/_tro005197901_01_0047.php
Bibliografy +FerhalenJierNammeTydskrift1933 Dochs noch in sinnestrieltsje Sljucht en Rjucht +ToanielstikkenJierNammeSoartOantal siden1930De nije tsjinstfaemkluchtspil yn ien bidriuw4 m., 5 f.1931Nynketoanielstik (mei sang) yn 4 bidriuwen 8 m., 4 f.1934Frou Swabber ef: Oene moat stjinbikjeneistikje yn ien bidriuw3 m., 3 f.It forlorne doekspeldtsjefoardracht for 2 personnel (mans- en frouspersoan)Ljouwert. Drukkerij Eisma1935De forjongingskuerblijspil yn trije bidriuwen1936Moderne tied klucht yn ien bidriuw24 s.Ljouwert, Eisma, SBA: 614073It twaddle houlik. toanielstik yn 4 bidriuwen. 92 s.Ljouwert, Eisma SBA: 6140741937Siikje de Sinne op fleurich stikje yn ien bidriuw42 s.Ljouwert, Eisma, SBA: 614071 Twa susterstoanielstik yn fjouwer bidriuwen79 s.Ljouwert, Eisma, SBA: 6140721938Ien dei boer en boerinneklucht (mei sang) yn ien bidriuw5 m., 4 f.De Adema'stoanielstik yn fjouwer bidriuwen5 m., 4 f. 1939Forhûzje… klucht yn ien bidriuw34 s. 5 m., 4 f.Ljouwert, Eisma1940Anny út Amsterdamklucht yn 1 bidriuw1942Ropping1945Evacué'stoanielstikje yn ien bidriuw 4 m., 4 f.1947Amor op Amelânfleurige ienakter 6 m., 5 f.1949Skjin Skipfleurich stik yn trije bidriuwen1950Lokkebrea ...klucht yn ien bidriuwDe húshâldsterfleurich stik yn trije bidriuwen1951Sa 't de âlden songen ...toanielstik yn trije bidriuwen1952Taferielen spul - Gouden frisselsTsjinstuitenklucht yn twa bidriuwenIt dagetstikje yn 3 taferielen7 f.Us jongeearnstich stikje yn ien bidriuwLoftkastielenfleurich stikje (mei sang) yn ien bidriuw7 ef 6 m., 4 f.1954De founling en de prinsestoanielstikje yn 7 taferieltsjes foar bern en greate minsken (mei motiven út it mearke fan Anders Bijma)7 m., 5 f. +ProazaJierNamme1938Teltsjes fen de komkommerploech1943JonkheitRôljende weagen 1945Moarke1946Unwaersfûgel
Prizen 1938: priis yn priisfraach Provinsjale Underwiisried foar Teltsjes fan de komkommerploech
Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Langsweagen Kategory:Persoan stoarn op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn 1901 Kategory:Persoan stoarn yn 1993