Pieter Post (Haarlim, doopt 1 maaie 1608 - De Haach, 2 maaie 1669) wie in Nederlânske arsjitekt en keunstskilder. Hy waard yn 1645 de hofarsjitekt fan steedhâlder Frederik Hendrik en Amalia fan Solms. Post kin beskôge wurde as in belangrike fertsjintwurdiger fan it Hollânsk klassisisme, mei Jacob van Campen, Philip Vingboons en Arent van 's-Gravesande. Hy krige opdrachten fan ferskate Hollânske stedsbestjoeren.
Biografy Post wie de soan fan in Leidske glesker. Hy waard ynearsten keunstskilder, lykas syn jongere broer Frans. Nei in oantal jierren yn Haarlim wurksum west te hawwen as skilder, kaam er yn tsjinst by Jacob van Campen en assistearre er by de bou fan it Mauritshûs (De Haach), yn opdracht fan Johan Maurits fan Nassau-Siegen, en it Huygenshuis en Hofwijck van Constantijn Huygens. Nei 1640 krige Post hieltyd mear selsstannige opdrachten. Syn ynfloed op it wurk fan Jacob van Campen mei net ûnderskat wurde en is ûnderwerp fan diskusje.
Pieter Post wurke mooglik as bouopsichter of tekener oan Huis Honselaarsdijk - it meast ambisjeuze fan alle Oranjepaleizen - en Huis ter Nieuwburch yn Rijswijk. Guon skriuwers litte it foarkomme dat Pieter Postlykas syn broer Frans yn Brazilië west hat, mar dat is hiel ûnwierskynlik. Der is ek gjin inkelde oanwizing dat Pieter Post út Hollân wei ûntwerpen foar Mauritsstêd levere hawwe soe. Terwen & Ottenheym 1993, s. 28-29
Yn 1651 publisearre Post in achttal gravueres nei oanlieding fan de begraffenis fan steedhâlder Frederik Hendrik. Cornelis Ryckwaert wie in meiwurker en learling fan Post. De dochter fan Pieter Post troude mei Frederik Ruysch, de Amsterdamske anatoom-biolooch-samler.
Post hearde by de freonerûnte fan Constantijn Huygens. Doe 't er ferstoar skreau Huygens yn syn deiboek fan 1669: 2 Meij, na een sieckte van slechts twee dagen, sterft mijn Vriend P. Post, bouwkundighe. en Obit amicus meus Petrus Post, Architectus. J.J. Terwen, K.A. Ottenheym: Pieter Post (1608-1669): architect, Walburg Pers, Zutphen, 1993, Ek skreau er foar Pieter Post in grêfskrift yn jambysk metrum: Terwen & Ottenheym 1993, s. 238
Pieter Post waard op 8 maaie 1669 beïerdige yn de Kleastertsjerke oan it Lange Voorhout yn De Haach.Thieme en Becker, Allgemeines Lexikon der bildenden Künstler, Diel XXIIV, s. 298
Wurk De ûntwerpen fan Pieter Post waarden yn hiel in Europa neifolge.
Sjoch List yn it Nederlânsktalige artikel
Bouwurken In kar:
Skilderijen Der binne net in soad skilderijen fan Pieter Post bekend. Syn betide wurk út de perioade 1629 -1633 is beynfloede troch Esaias van de Velde, Cornelis Vroom en Pieter de Molijn, dy 't mooglik ek syn learmaster wie. Om 1635 -1639 hinne ûntwurp er it beskildere plafond fan it hûs "Groot Salet" oan de Zijlstrjitte 62-64 yn Haarlim. Van Schaik & Taverne 2020 Ek letter, doe 't er foaral aktyf wie as arsjitekt, hat er út en troch skildere, wêrûnder in skoarstienstik dêr 't Caesar fan Everdingen de figueren foar skildere. Foar de skouboarch fan Jacob van Campen (yn Amsterdam) skildere er twa yllúzjonistyske dekorstikken, dy 't ferlern gien binne. Fierder is in grut tal sinjearre tekeningen fan syn arsjitektuerûntwerpen bewarre bleaun. Terwen en Ottenheym 1993, s. 12-16, 246
Ofbyld Titel Jier Ferbliuwplak 150px Abraham en Lot verdelen het land onderling en gaan elk huns weegs (Genesis 13:6-12) Sjoch RKD ± 1630 Haarlim, Frans Hals Museum 150px Italiaans landschap Priveesamling (Ierlân) 150px Overval op een legerkonvooi (pendant fan de folgjende) 1631 De Haach, Mauritshûs 150px Ruitergevecht (pendant fan de foarige) 1631 De Haach, Mauritshûs Ruitergevecht Keulen, Wallraf-Richartz-Museum 150px Gezicht op de bleekvelden bij Haarlem P.I. Post. / 1631 Parys, Fondation Custodia 150px Landschap met ruiters op een zandweg Kopenhagen, Statens Museum for Kunst 150px Duinlandschap met hooischelf ± 1630-1633 De Haach, Mauritshûs 150px Pieter Post (arsjitektuer) en Caesar van Everdingen (figueren):Handvestverlening van graaf Willem II van Holland aan het Hoogheemraadschap van Rijnland 1655 Leiden, Gemeenlandshuis van Rijnland (oarspronklik it skoarstienstik yn de grutte seal fan Gemeenlandshuis Swanenburg yn Halfweg) Panoramisch landschap met in het verschiet kasteel Plön in Sleeswijk-Holstein, gezien vanuit het zuidwestenSjoch RKD ± 1665 Priveekolleksje
Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn 1608 Kategory:Persoan stoarn yn 1669