Hacksaw Ridge is in Amerikaansk-Australyske biografyske oarlochsfilm út 2016 ûnder rezjy fan Mel Gibson, mei yn 'e haadrollen Andrew Garfield en Teresa Palmer. De titel ferwiist nei de Maedarotswand op it Japanske eilân Okinawa, dy't troch Amerikaanske troepen yn 'e Twadde Wrâldoarloch 'Hacksaw Ridge' (de "Hakseachberchrêch") neamd waard. De film beskriuwt it iere libben en de wierbarde oarlochsûnderfinings fan Desmond Doss, in pasifistyske gewissebeswierde út Firginia dy't út religieuze oertsjûging wegeret om in fjoerwapen oan te reitsjen, mar yn 'e Twadde Wrâldoarloch dochs frijwillich yn militêre tsjinst giet. As hospik rêdt er yn 1945 yn 'e Slach om Okinawa mei gefaar foar eigen libben 75 Amerikaanske soldaten fan 'e dea. Doss wie de earste gewissebeswierde dy't de Medal of Honor taparte krige, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding. Hacksaw Ridge krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film wûn twa Oscars, in Screen Actors Guild Award, in BAFTA, tsien AACTA's en trije Satellite Awards. De film joech in nije ympuls oan 'e karriêre fan regisseur Mel Gibson, dy't sûnt 2006 yn it neigean rekke wie.
Plot Desmond Doss groeit yn 'e 1920-er jierren op yn 'e neite fan Lynchburg, yn 'e Amerikaanske steat Firginia, yn in húshâlding fan tige religieuze sândedeisadvintisten (kristenen dy't de sneon as de sabbat beskôgje en de snein as in wurkdei). Syn heit Tom Doss is in feteraan út 'e Earste Wrâldoarloch, dy't wrakselet mei in posttraumatyske stress-steuring en mei alkoholisme. Yn 1925, as er in jier as sân is, slacht Doss by in rûzje syn broer Hal mei in bakstien tsjin 'e holle oan. Hy sit der raar ta as er neitiid foar it ferstân kriget dat er Hal sa wol fermoardzje kinnen hie, krekt as Kaïn mei Abel die yn 'e Bibel. In oare kear ûntwrakselet er mids 1930-er jierren as opslûpen jonge syn heit in pistoal dêr't dy yn dronken tastân syn mem mei bedriget. Neitiid rjochtet Doss it pistoal op syn heit, en hoewol't er it net ôffjurret, seit er letter dat er syn heit yn syn hert wol deeglik fermoarde hie. Beide foarfallen meitsje grutte yndruk op 'e jonge Doss, dy't nei it foarfal mei it pistoal in plechtich ûnthjit oan God docht dat er nea wer in fjoerwapen oanreitsje sil.
Yn 1940, as Doss in jongeman fan goed tweintich jier is, helpt er om in jonge nei it sikehûs te bringen, dy't by in ûngemak swierferwûne rekke is. Dêrtroch ûntdekt er by himsels in fassinaasje foar genêskunde. By itselde foarfal treft er yn it sikehûs ek de ferpleechster Dorothy Schutte. Foar Doss is it leafde op it earste gesicht, en troch in net-ôflittende kampanje fan hofmakkerij wit er Dorothy foar him te winnen. Hy fertelt har oer syn belangstelling foar genêskunde, en sy lient him al har learboeken, dy't er fan kaft oant kaft útpluzet. Syn âldelju hawwe it lykwols net sa rom, dat der is gjin jild om Doss in genêskundige oplieding folgje te litten.
As de Feriene Steaten troch de Japanske oanfal op Pearl Harbor aktyf yn 'e Twadde Wrâldoarloch behelle reitsje, nimt Doss syn broer Hal militêre tsjinst. Dat komt harren heit wol op it sear, mei't dy alhiel gjin goede oantinkens oan syn eigen tsjinsttiid ûnder de Earste Wrâldoarloch hat, doe't er ferskriklike dingen sjoen hat en syn bêsten freonen ferlern hat. Nettsjinsteande de rûzje dy't Hal syn beslissing thús opsmyt, beslút Doss om himsels ek as frijwilliger oan te melden foar tsjinst yn it Amerikaanske Leger. Hy kin dan wol gjin fjoerwapen oanreitsje, mar hy ornearret dat er him as hospik ek fertsjinstlik genôch meitsje kin. Syn heit is poerlulk as Doss him fertelt wat er dien hat, en hy beslacht Doss syn ideeën oer hoe't er tsjinje kin sûnder geweld te brûken mei de gek. Dorothy is ek lulk op Doss, mar se stelt foar dat se harren daliks ferloovje sille, sadat se trouwe kinne wannear't Doss nei it ôfrûnjen fan syn training mei ferlof thús komt, foar't er nei it front stjoerd wurdt.
Doss wurdt foar training nei Fort Jackson stjoerd, in legerbasis dêr't er yn in ienheid komt dy't ûnder befel stiet fan kaptein Glover. De training fan 'e manskippen falt ta oan sersjant Howell. It docht bliken dat Doss útblinkt yn lichaamlike fitheid, mar syn wegering om in fjoerwapen oant te reitsjen of om op sneon te trainen soarget fuortendaliks foar swierrichheden. Syn oerhearrigen sjogge syn hâlding as klearebare ynsubordinaasje. Kaptein Glover besiket Doss út it leger te ûntslaan foar psychiatryske ûngeskiktheid, mar de legerpsychiater dy't him ûndersiket, komt ta de konklúzje dat der geastlik neat mis mei him is. Dêrop besykje Glover en Howell om Doss syn wil te brekken sadat er út himsels opstapt, troch him oan ien wei troch ferfelende putsjes ta te partsjen, lykas it himmeljen fan 'e húskes. Ek sette se aktyf de oare rekruten yn syn ienheid tsjin him op, wat op 't langelêst liedt ta in nachtlik wan bruien dat Doss kniesd en oerdutsen mei blauwe plakken efterlit. Doss wegeret lykwols ta te jaan en teffens wegeret er de dieders fan 'e mishanneling oan te wizen.
Wannear't Doss syn ienheid de training trochrûn hat, ferwachtet Doss dat er mei ferlof nei hûs kin om mei Dorothy te trouwen, mar de kolonel dy't oan it haad fan it rezjimint stiet, stelt dat hy nearne hinne mei om't er syn training pas folôge hat as er sjitoefenings dien hat. Doss wegeret op 'e nij, mei as gefolch dat er fêstsetten wurdt yn ôfwachting fan in sitting fan 'e kriichsried. Kaptein Glover siket Doss yn syn sel op om nochris, fergees, op him yn te praten. Hy regelet ek dat Dorothy Doss yn syn sel opsykje kin, yn 'e hoop dat sy him op oare gedachten bringe kin. Doss seit lykwols dat er nea de man wêze sil dy't er yn har eagen wêze koe as er syn opfettings kompromittearret.
Underwilens klaait syn heit Tom himsels yn syn âlde legerunifoarm en beävensearret in moeting mei de eardere kaptein Musgrove, ûnder wa't er yn 'e Earste Wrâldoarloch oan it Westfront yn Frankryk fochten hat. Dy man is no in brigadegeneraal op it Ministearje fan Oarloch yn Washington, D.C. Wannear't Doss foar de kriichsried komt, ûntstriidt er dat er wat misdien hat, mei as gefolch dat er foar de rest fan 'e oarloch de sel yn driget te draaien. Syn heit brekt lykwols yn 'e sitting yn om in brief fan generaal Musgrove te bringen, wêryn't dyselde stelt dat gewissebeswierden beskerming genietsje ûnder de Amerikaanske Grûnwet. De oanklacht tsjin Doss wurdt dêrop ynlutsen en hy wurdt talitten ta de oplieding ta hospik. Foar't er mei syn ienheid útstjoerd wurdt, trout er mei Dorothy.
Mei de Amerikaanske 77e Ynfanterydifyzje wurdt Doss ynset yn 'e Pasifyske Oarloch tsjin Japan. Yn 1945, yn 'e Slach om Okinawa, yn 'e Rjûkjû-eilannen, kriget syn ienheid de opdracht om 'e Maedarotswand te beklimmen en it boppelizzende plato te feroverjen op it Keizerlike Japanske Leger. De Amerikaanske soldaten, dy't de rotwand oantsjutte as "Hacksaw Ridge", klimme fia in grut net dat by de rotswand delhinget, in meter as santich nei boppen ta. Yn it earste gefjocht mei de Japanners rêdt Doss it libben fan Smitty, ien fan syn slimste narders by de training, troch in Japanske soldaat fansiden te triuwen as dy Smitty besiket dea te sjitten. Smitty kriget dêrtroch in nij respekt foar Doss en as se letter tegearre de nacht yn in ynslachkrater trochbringe, biedt Smitty syn ûntskuldigings oan foar syn eardere behanneling fan Doss.
Kaptein Glover ferkearde yn 'e ûnderstelling dat de oerwinning sa goed as binnen wie en dat der inkeld noch wat lêste restanten fan ferset opdweild wurde moasten, mar de oare moarns by it lemieren komt in grutte Japanske troepemacht út it mânske tunnelstelsel dat de fijân ûnder it plato oanlein hat, en fiert in ferrassingsoanfal op 'e Amerikanen út. Dy binne dêr net op taret en moatte tebekwike. Yn it gefjocht komt Smitty om, wylst sersjant Howell en ferskaten fan Doss syn eardere trainingsgenoaten ferwûne reitsje en efterbliuwe. Fan 'e 155 man fan kaptein Glover slagget it mar 55 om fia de netten by de Maedarotswand del te kommen. De kaptein ropt de help fan 'e Amerikaanske Marine yn, en de swiere kanonnen fan 'e Amerikaanske slachskippen dy't foar de kust fan Okinawa lizze, begjinne dea en ferdjer op it plato del te reinen.
Doss is de lêste dy't de netten berikt. Hy is oerstjoer troch de dea fan Smitty en freget God wat dy no eins fan him wol. As er dêrop it roppen om in hospik heart fan in ferwûne Amerikaanske soldaat fierderop op it plato, nimt er dat foar in antwurd oan. Ynstee dat er de oare Amerikanen by de netten del folget, set er middenmank it bombardemint it plato wer op, dêr't er de ferwûne Amerikaan opspoart, syn sitewaasje stabilisearret en him en nei de netten begjint te slepen. Underweis komt er in oare ferwûne Amerikaan tsjin, dy't er ûnthjit dat er foar him weromkomme sil. By de netten arrivearre, lit er de earste ferwûne oan in tou by de rotswand del sakje. Op 'e grûn wurdt de ferwûne opfongen troch de feralterearre skyldwachten dy't kaptein Glover dêr pleatst hat.
Doss keart werom foar de oare ferwûne Amerikaan, dy't er ek nei de netten sleept en omleech sakje lit. Dêrnei giet er it plato wer op om mear ferwûnen te sykjen. De iene nei de oare bringt er nei de râne fan it plato ta en lit er delsakje. Sa wurket er de hiele dei en de dêropfolgjende nacht troch, wêrby't er ferskate kearen mar nauwerneed oan 'e patrûljearjende Japanners wit te ûntkommen. Uteinlik is er skjin ynein fan alle ynspannings, mar eltse kear as er in ferwûne by de rotswand del sakje litten hat, bidt er oan God om him te helpen om noch ien man mear te finen en yn feilichheid te bringen. Sa rêdt er úteinlik it libben fan 75 Amerikaanske soldaten (en inkele Japanners). De oankomst fan 'e suver einleaze stream deawaande ferwûnen yn it Amerikaanske kamp lûkt lang om let de oandacht fan 'e ofsieren, en kaptein Glover kin syn earen suver net leauwe as him troch de rêden manskippen ferteld wurdt dat it allegearre it wurk is fan ien man: de as nutteleas beskôge pasifistyske gewissebeswierde Doss.
As it wer locht wurdt, fynt Doss op 't langelêst sersjant Howell, dy't ferwûne is oan syn skonken en net mear rinne kin. Wylst de Japanners harren op 'e hakken sitte, sleept er de sersjant nei de râne fan 'e rotswand ta en smyt him der oan in tou oerhinne. Howell makket in neat te sêfte lâning, mar oerlibbet it. Dêrnei springt Doss mei in lêste ferwûne soldaat oan in tou oer de râne, wylst de Japanners fan 'e platorâne ôf it fjoer op him iepenje. Howell en de Amerikaanske soldaten dy't ûnderwilens ûnderoan de rotswand gearklofte binne, sjitte werom en driuwe de Japanners fierder it plato op, sadat Doss en de lêste ferwûne rêden wurde kinne.
Kaptein Glover komt letter by Doss en biedt syn ûntskuldigings oan om't er miende dat Doss in leffert wie. Ek seit er dat de ienheid befel krigen hat om mei fersterkings in nije wraam op it plato te dwaan, mar dy oanfal stiet pland foar sneon. Glover wol sûnder Doss net oanfalle. Doss, dy't ek wol begrypt dat oarloch him net oan 'e regels hâldt, stimt deryn ta om op 'e sabbat oan 'e oanfal mei te dwaan. Dy sneons wurdt de oanfal opholden trochdat Doss earst syn sabbatsgebedens dwaan moat. De oare soldaten en ek de ofsieren fan 'e ienheid steane no kalm te wachtsjen oant hy safier is, en ek in lulk tillefoantsje fan hegere ofsieren bringt dêr gjin feroaring yn. De oanfal set dan úteinliks dochs útein en de Amerikanen klimme wer by de rotswand op. De útputte en nûmeryk ferswakke Japanners wurde oerweldige en it plato wurdt ferovere.