Inglourious Basterds is in Amerikaansk-Dútske satiryske oarlochsfilm út 2009 ûnder rezjy fan Quentin Tarantino, dy't ta it fantasy-subsjenre fan alternate history rekkene wurde moat. De haadrollen waarden fertolken troch Brad Pitt en Christoph Waltz, mei Mélanie Laurent, Diane Kruger, Daniel Brühl en Michael Fassbender yn 'e wichtichste byrollen. De titel fan 'e film betsjut "Romleaze Smearlappen", en befettet twa opsetlike skriuwflaters (de korrekte Ingelske stavering soe Inglorious Bastards wêze moatte).
It ferhaal folget twa paralelle gearspannings om Adolf Hitler en de politike en militêre top fan nazy-Dútslân út 'e wei te romjen en dêrmei de Twadde Wrâldoarloch ta in foartidige ein te bringen. Ien plan dêrfoar komt út 'e koker fan 'e op wraak sinnende jonge Joadsk-Frânske bioskoopeigneresse Shosanna Dreyfus, wylst it oare bewurkmastere wurdt troch de Alliëarde geheime tsjinsten, mei de Amerikaanske luitenant Aldo Raine en syn mannen as úteinlike útfierders. Underwilens beleit de opportunistyske en folslein ûnmeilydsume SS-kolonel Hans Landa syn eigen plannen om 'e oansteande fal fan it nazy-rezjym te oerlibjen.
Inglourious Basterds waard foar it earst fertoand yn augustus 2009 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. De film krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. Fral de Eastenrykske akteur Christoph Waltz waard priizge foar syn fertolking fan 'e rol fan kolonel Landa. Hy wûn foar syn aktearprestaasjes in Oscar, in Golden Globe, in Screen Actors Guild Award, in BAFTA, in Satellite Award en de priis foar bêste akteur op it Filmfestival fan Cannes. Inglourious Basterds sels waard nominearre foar û.o. de Oscar foar Bêste Film en de Golden Globe foar Bêste Film – Drama, en wûn in Saturn Award en de Italjaanske David di Donatello foar bêste bûtenlânske film.
Plot Yn beset Frankryk ûnderfreget kolonel Hans Landa fan 'e SS yn 1941 boer Perrier LaPadite, dy't er derfan fertinkt beskûl te bieden oan Joadske ûnderdûkers. Ynstee fan 'e wyn dy't de boer him oanbiedt, freget Landa om in glês molke. Yndie sit de út fiif leden besteande Joadske húshâlding Dreyfus ferburgen yn 'e krûpromte ûnder de flier. Landa makket oan LaPadite dúdlik dat er it skûlplak al útfigelearre hat en stelt de man foar de kar om syn eigen gesin te rêden of it lot fan 'e famylje Dreyfus te dielen. In gûlende LaPadite kiest derfoar om syn trije dochters te rêden en wiist it krekte skûlplak fan 'e Joaden oan. Landa lit syn mannen mei mitrailleurs troch de flier hinne sjitte, wêrby't Jakob en Miriam Dreyfus en harren beide soannen de dea fine. Inkeld harren dochter, de achttjinjierrige Shosanna, oerlibbet en naait út as sit de duvel har op 'e hakken. Hja wit te ûntkommen om't Landa dat tastiet. Hy ropt har efternei: "Oant sjen, Shosanna!"
Trije jier letter, yn 1944, stalt luitenant Aldo Raine fan it Amerikaanske Leger yn opdracht fan it Office of Strategic Services (OSS, de foarrinner fan 'e CIA), in lytse kommando-ienheid gear dy't, útsein wat himsels oangiet, folslein opmakke is út Joadske Amerikanen. De út njoggen man besteande ienheid wurdt foarôfgeande oan D-Day efter de nazy-Dútske linys dropt om dêr safolle mooglik gaos te kreëarjen. Under de leden binne sersjant Donny Donowitz, dy't al rillegau de bynamme "de Bearejoad" kriget om't er kriichsfinzen nommen Dútske militêren deaslacht mei in honkbalkneppel, en korporaal Wilhelm Wicki, in Joad út München dy't foàr de oarloch de wyk nommen hat nei de Feriene Steaten en dy't de iennichste fan 'e groep is dy't Dútsk sprekt.
De mannen neame harsels de "Basterds". Ien fan harren earste dieden is om 'e Dútske soldaat Hugo Stiglitz te befrijen, dy't op 'e deastraf wachtet om't er trettjin ofsieren fan 'e Gestapo fermoarde hat. Stiglitz jout him neitiid by harren. De Basterds deadzje safolle mooglik Dútske soldaten, dy't se dêrnei skalpearje, mar fan eltse groep litte se hieltyd ien yn libben om 'e eangst foar harren dieden te fersprieden. By eltse oerlibbene wurdt lykwols troch Raine mei syn Bowiemês in heakkekrús yn 'e foarholle kurven.
Yn Parys hat Shosanna Dreyfus ûnderwilens in nije identiteit oannommen as Emmanuelle Mimieux, de eigneresse fan in lytse bioskoop. Hja wurdt lestich fallen troch in Dútske soldaat dy't Fredrick Zoller hjit en dy't nei't it skynt fereale op har rekke is. It docht bliken dat Zoller mank de Wehrmacht, SS en Gestapo ferneamd is om't er yn Itaalje as slûpskutter oer in perioade fan trije dagen út in tsjerketoer wei 250 Amerikaanske soldaten deasketten hat. Dêroer is yn opdracht fan 'e Dútske minister fan propaganda Joseph Goebbels in propagandafilm makke, dy't de titel Stolz der Nation ("Grutskens fan 'e Naasje") krigen hat. Zoller hat dêryn himsels spile.
Shosanna makket ferskate kearen dúdlik dat se neat mei Zoller te krijen hawwe wol, mar hy nimt gjin nee foar antwurd oan. Ynstee bepraat er Goebbels om 'e premiêre fan Stolz der Nation, dy't eins yn it Ritzhotel yn Parys holden wurde soe, te ferpleatsen nei de bioskoop fan Shosanna. Sy hat dêr sels neat oer te sizzen, mar wurdt troch de Gestapo ûntfierd foar in moeting yn in sjyk restaurant mei Goebbels en Zoller. Neitiid moat se oer de befeiliging fan 'e premiêre oerlizze mei nimmen oars as kolonel Landa, de moardner fan har famylje. Dyselde suggerearret (mar seit net planút) dat er wit wa't sy is troch foar har in glês molke te bestellen. No't gearwurking mei de nazys foar de filmpremiêre har opkrongen is, begjint Shosanna, yn 'e mande mei har negroïde minner en projeksjonist Marcel, te risselwearjen om Goebbels en de oare hege nazy-pommeranten op 'e premiêre te deadzjen troch de filmseal ôf te sluten en brân te stiftsjen.
Underwilens rekrutearret de Britske generaal Fenech yn oanwêzigens fan premier Winston Churchill luitenant Archie Hicox, in eardere filmkritikus, foar in geheime misje yn beset Frankryk. Hy moat mei de Basterds in wraam dwaan op 'e premiêre fan Stolz der Nation om 'e oanwêzige nazy-pommeranten dêre te deadzjen. Hicox wurdt dropt yn Frankryk en oppikt troch de Basterds. Dêrnei moat de groep kontakt lizze mei de Dútske filmstjer Bridget von Hammersmark, dy't as geheim aginte foar de Alliëarden wurket. As moetingsplak is in Frânsk kafee útkeazen yn it sûterrên fan in gebou yn in doarp net fier fan Parys.
Troch stomme pech sit dy jûns yn it kafee in groepke Dútske soldaten, dat ûnferwachts ferlof krigen hat om't ien fan harren, sersjant Wilhelm, dy deis heit wurden is. Hammersmark set op fersyk fan Wilhelm har hantekening foar him op in servet. De dronken Wilhelm en syn maten fersteure allegeduerigen de moeting fan 'e as Dútske ofsieren ferklaaide Hicox, Stiglitz en Wicki mei Hammersmark. As Hicox op 't langelêst syn geduld mei Wilhelm ferliest, lûkt er dêrmei de oandacht fan majoar Dieter Hellström fan 'e Gestapo, dy't tafallich ek yn it kafee oanwêzich is. Nei in lange, senuwslopende konfrontaasje ferriedt Hicox himsels sûnder erch as Ingelsman troch in ûnbelangryk hângebeart. In sjitpartij brekt los, wêrby't Hellström, alle maten fan Wilhelm, Eric de weard en servearster Mathilda de dea fine, krekt as Hicox, Stiglitz en Wicki. Inkeld Wilhelm en Hammersmark oerlibje it fjoergefjocht, mar Hammersmark rint in skotwûne yn har ûnderskonk op.
Neitiid besiket Raine mei Wilhelm te ûnderhanneljen oer it libben fan Hammersmark, mar as Wilhelm úteinlings syn mitrailleur delleit, hellet Hammersmark sels in pistoal foar it ljocht en sjit him dea. Hja wurdt troch Raine en de oare Basterds nei in dokter brocht, dêr't Raine, dy't har fan dûbelspul fertinkt, har martelet foar't se medyske help kriget. Hammersmark wit him der lykwols fan te oertsjûgjen dat sy te goeder trou is. Letter wurdt it kafee dêr't de sjitpartij wie, besocht troch kolonel Landa, dy't der middenmank de ravaazje in elegante frouljusskoech (Hammersmark harres) en it servet mei de hantekening fan Hammersmark fynt.
Hammersmark bringt oan Raine út dat net inkeld Goebbels by de premiêre fan Stolz der Nation oanwêzich wêze sil, mar de Dútske diktator Adolf Hitler sels ek. Raine beslút om it plan foar de moardoanslach troch te setten, mei himsels, Donowitz en Omar Ulmer yn 'e rol fan ynfiltranten dy't eins foar Hicox, Stiglitz en Wicki weilein wiene. It probleem is dat Raine, Donowitz en Ulmer gjin Dútsk sprekke, mar Raine en Donowitz binne wol wat Italjaansk machtich. Hammersmark, dy't sels omreden fan har status as filmstjer foar de premiêre útnûge is, beslút harren te yntrodusearjen as Italjaanske freonen fan harres. Hoe't se mei har skotwûne rinne kin, wurdt oplost troch Raine, dy't har skonk yn it gips sette lit as hat se dy brutsen by it berchbeklimmen ("dat ommers alle Dútsers graach dogge").
Op 'e premiêre ynfiltrearje Raine, Donowitz en Ulmer ûnder begelieding fan in mankepoatsjende Hammersmark it selskip fan nazy-pommeranten mei tiidbommen oan harren skonken bûn. Landa lit Donowitz en Ulmer gewurde, mar freget Hammersmark oft er har ûnder fjouwer eagen te wurd kin. As se allinnich binne, docht er har de skoech út en hellet er de skoech foar 't ljocht dy't er yn it kafee oantroffen hat, dy't er har, as wie se Jiskepûster, oanprebearje lit. It ding blykt har te passen as wied er foar har makke (wat ek sa is). Nei dat ûnnedige teäterstikje grypt Landa Hammersmark ûnferhoeds by de kiel en smoart er har oant se dea is. Dêrnei lit er Raine en de bûten wachtsjende Smithson Utivich, in oar lid fan 'e Basterds, oppakke. Ynstee dat er besiket om Hitler en de nazy-top te rêden, iepenet Landa ûnderhannelings oer syn eigen lot nei de oarloch. Hy lit Raine tillefoanysk kontakt lizze mei syn superieur by it OSS, wêrnei't er dy generaal oanbiedt om 'e oanslach op Hitler-en-dy troch Donowitz en Ulmer trochgean te litten yn ruil foar frije trochtocht troch de Alliëarde linys, amnesty foar al syn oarlochsmisdieden, de Amerikaanske nasjonaliteit en in lângoed op it eilân Nantucket yn Massachusetts. De dea fan Hitler is de Alliëarden hiel wat wurdich, dat Landa kriget syn sin en set mei Raine en Utivich ôf rjochting it front yn Normanje.
Yn 'e bioskoop glûpt Zoller ûnderwilens ta de filmseal út om him by Shosanna yn 'e projektorromte te jaan, mei as doel om seksuele omgong mei har te hawwen. Syn oanwêzigens hat hja ferlet fan as pinemûle, mar de sympatyk lykjende Zoller lit no syn wiere aard blike troch dúdlik te meitsjen dat er gjin nee fan har akseptearje sil. Shosanna beart dat se tajout en freget him de doar te beskoatteljen, mar se hellet út har hântaske in derringer foar 't ljocht en sjit him yn 'e rêch. Dom genôch kontrolearret se net oft er wol dea is, wat Zoller by steat stelt om sels in pistoal te lûken en Shosanna del te sjitten. Allebeide beswike se neitiid oan harren wûnen. Net folle letter krije de nazys yn 'e filmseal ynienen bylden fan Shosanna te sjen, dy't se sels yn Stolz der Nation ynfoege hat. Se seit har kjel wurden publyk oan dat se op it punt steane om fermoarde te wurden troch in Joadinne. Dêrop stekt Marcel efter it filmskerm in mânske bulte tige flambere nitraatfilm oan, mei as gefolch dat de filmseal al rillegau yn ljochte lôge stiet. Op frijwol datselde stuit falle Donowitz en Ulmer de lôzje fan Hitler binnen, dy't se, yn 'e mande mei û.o. Goebbels, trochsingelje mei kûgels. De nazys yn 'e seal besykje fuort te kommen, mar de doarren fan 'e seal binne troch Marcel hermetysk ôfsletten. De nazys sitte as rotten yn 'e fâle en komme úteinlings allegearre om as de tiidbommen ôfgeane dy't Donowitz en Ulmer yn 'e seal efterlitten hawwe.
Landa berikt de Alliëarde linys, dêr't er Raine en Utivich frijlit en himsels formeel oan harren oerjout. Raine jout lykwols neat om 'e oerienkomst dy't Landa mei syn oerhearrigen berikt hat, en nimt de tiid om earst in heakkekrús yn 'e foarholle fan 'e SS-er te kervjen.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise luitenant Aldo Raine Brad Pitt kolonel Hans Landa Christoph Waltz
byrollen