thumb|left|Oerkaping Czaar Peterhuisje Gerlof Bartholomeus Salm (Amsterdam, 5 oktober 1831 - dêre, 5 april 1897) wie in Nederlânske arsjitekt

Salm liet him ynspirearje troch ferskate grutte boustilen út it ferline. Syn bouwurken binne benammen te finen yn Amsterdam. Hy wie jierrenlang de fêste arsjitekt fan de bistetún Artis. Dêrneist wie er koarte tiid foarsitter fan de Maatschappij tot Bevordering der Bouwkunst. Lange tiid wurke er gear mei syn soan Abraham Salm, dy 't ek letter syn praktyk oernaam.

Bekend wurk 1876 en 1891 Amsterdam: Rokin 17 foar Blikman & Sartorius 1879-1879 Amsterdam: Weteringschans 6-8 (Paradiso) 1879-1880 Amsterdam: Artis-akwarium (mei soan Abraham Salm) 1881-1883 Amsterdam: Synagoge en konsertseal (Rapenburgerstraat) 1887-1887 Amsterdam: Keizersgrachttsjerke, Keizersgracht 566 1895-1895 Zaandam: Oerkaping Czaar Peterhuisje

Sjoch ek List fan Nederlânske arsjitekten

Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Persoan berne yn 1831 Kategory:Persoan stoarn yn 1897