Eilenburg is in stêd en gemeente yn 'e Landkreis Noardsaksen yn Dútslân. De gemeente hat 16.539 ynwenners (2024).

Gemeente Eilenburg hat seis Ortsteile:

Behlitz Hainichen Kospa Pressen Wedelwitz Zschettgau

Twadde Wrâldkriich Eilenburg hat in skiednis dy't weromgiet nei de 11e iuw. De stêd spile troch de iuwen hinne in wichtige rol yn 'e regionale ekonomy.

Likernôch twa wiken foar de ein fan 'e Twadde Wrâldkriich waard de stêd hast hielendal ferneatige. Op 17 april 1945 waard yn Eilenburg it tankalarm ôfkundige, de stêd waard ta festing ferklearre en der waard hjitten om oant de stêd ta de lêste man te ferdigenjen. Trije dagen en trije nachten lei de stêd ûnder swier artilleryfjoer, wêrby't in grut part fan 'e bebouwing fan de stêd ferneatige waard. De striid koste twahûndert minskelibbens en 90 prosint fan it stedssintrum (65% fan alle gebouwen yn 'e stêd) waard ferwoastge, wylst de Amerikaanske troepen skraachwurk ferliezen hiene. Eilenburg wie ien fan 'e swierst fernielde stêden yn Dútslân

Ofbylden

Kategory:Plak yn Saksen Kategory:Gemeente yn Saksen Kategory:Noardsaksen (Landkreis)