De Hieronymus fan Alphen Priis is in priis fan de Stichting Geschiedenis Kinder- en Jeugdliteratuur. De priis is neamd nei skriuwer Hieronymus van Alphen, de earste Nederlânske skriuwer dy 't spesjaal foar bern skreau. It is in priis foar minsken dy 't in soad oan behear, foarljochting, ûndersyk en publikaasjes oer de skiednis fan de Nederlânsktalige berne- en jeugdliteratuer dogge. De priis bestiet út en byldsje en in oarkonde. De priis wurdt sûnt 2008 ien kear yn de twa jier útrikt.
Priiswinners 2023 - Jacques Dane, haad ûndersyk en konservator fan it Nationaal Onderwijsmuseum 2021 - Aernout Borms, samler fan ferskate sjenres op it mêd fan âlde berneboeken 2019 - Helma van Lierop-Debrauwer, universitêr dosint, ûndersiker en auteur fan publikaasjes op it mêd fan jeugdliteratuer wêrûnder Een land van waan en wijs 2017 - Joke Linders-Nouwens, ûndersiker jeugdliteratuer, auteur en redaksjelid fan jeugdliterêre neislachwurken 2015 - Rita Ghesquiere, literatuerwittenskipper 2013 - Anne de Vries, pionier op it mêd fan de kolleksjefoarming fan berne- en jongereinboeken 2010 - Frits Booy, ynset Stichting Kinder- en Jeugdliteratuur, Genootschap Bibliofielen en de Boekhistorische Vereniging 2008 - Theo Gielen, wurk, stúdzje en publikaasjes 2007 - Jant van der Weg-Laverman, ynset foar Fryske jeugdliteratuer 2006 - Janneke van der Veer, redakteur "Boekenpost" 2005 - Lin en Piet Buijnsters, publikaasje Bibliografie van Nederlandse school- en kinderboeken 1700-1800 (BNK) en Lust en Leering, Geschiedenis van het Nederlandse Kinderboek in de negentiende eeuw 2004 - Frits Huiskamp, standerdwurk Naar de vatbaarheid der jeugd, Nederlandstalige kinder- en jeugdboeken 1800-1840 2003 - John Landwehr, bibliografyen fan yn Nederlân printe fabelboeken 2002 - Jeannette Kok, dokumintearje, ferklearje en útdrage fan de skiednis fan it berne- en jongereinboek 2001 - Toin Duijx, oprjochting fan it Landelijk Platform kinder- en jeugdliteratuur en de Werkgroep Geschiedenis Kinder- en jeugdliteratuur 2000 - Netty van Rotterdam, foarsitterskip Nederlânske Berne-en Jeugdliteratuer (Nederlandse Kinder- en Jeugdliteratuur)
Kategory:Berneboek Kategory:Nederlânske literatuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 2008