Welling is in plak yn 'e lânkring Mayen-Koblenz yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak leit op in plato dat it Maifeld neamd wurdt en heart by de ferbânsgemeente Maifeld, dy't de sit yn Polch hat.

Skiednis Welling waard foar it earst yn 1247 neamd.

Op 31 desimber 1975 fusearre de earder selstannige gemeente Trimbs as Ortsteil mei de gemeente Welling. Dat bleau sa oant 1 april 1994, doe't Trimbs wer lykas foar 1976 in aparte gemeente waard.

It besjen wurdich De neogoatyske katolike parochytsjerke Sint-Paulinus (boud fan 1881 oant 1883) mei in 73 m hege toer. De ruïne fan 'e eardere 13e-iuwske tsjerke, dy't hjoed-de-dei as kriichsmonumint tsjinnet.

Kategory:Plak yn Rynlân-Palts Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts