De oliifgriene ibis (Bostrychia olivacea) is in fûgel út de famylje ibissen en leppelbekken.
Beskriuwing thumb|left|Tekening fan 'e fûgel út 1838. De fûgel is tusken de 65 en 75 sm lang. De donkere gesichtshûd en de toef ûnderskiede de fûgel fan oare soarten út it skaai Bostrychia. De swartbrune boppekant glânzget brûnsgrien. De wjukken ha irisearjende koper- en fioletblauwe kleuren. It ûnderbealchje is donkerbrún. It swartblauwe gesicht fan 'e fûgel is sûnder fearkes. De grieneftige oant donkerreade poaten rikke by de flecht net fierder as de sturt.
Fersprieding De oliifgriene ibis komt yn westlik, sintraal en eastlik Afrika foar. De fûgel foerazjeart allinne, yn pearkes of lytse groepkes fan 5 oant 12 eksimplaren yn iepen plakken fan it bosk en yn sompige gebieten. De fûgel wurdt ek oan rivieren, streamkes en mangrovebosk waarnomen. Yn Gabon wurdt de fûgel ek yn ferlitten plantaazjes waarnommen. It biotoop bestiet út tichte bosken yn it leechlân mei beammen sûnder al tefolle leechhout, yn Kenia en Tanzania komt de fûgel lykwols oant de beamgrins (3.700 m) yn berchwâlden foar. Nachts slept de fûgel yn beammen. Undersoarten De oliifgriene ibis bestie(t) út fjouwer ûndersoarten. Earder waard ek de dwerchibis of de lytse oliifgriene ibis op it eilân Sao Tomee as in ûndersoarte fan é oliifgriene ibis beskôge, mar dy fûgel wurdt no as in aparte soarte behannele om 't de fûgel in stik lytser is en morfologysk ferskilt.
Foarhinne waard oannommen dat de Bostrychia olivacea rothschildi fan it eilân Prinsipe yn 1901 útstoar. De soarte is yn 1991 lykwols dochs noch waarnommen. Yn 2007 waard it mooglik achte dat der noch in groep fan heechút tsien fûgels op it eilan libbe.Tim Dodman, 2007. Estimating the size and status of waterbird populations in Africa. Ostrich 78:475-480
Bostrychia olivacea olivacea: leechlânbosk fan Sierra Leöane, Libearia en Ivoarkust. Bostrychia olivacea cupreipennis: leechlânwâlden fan Kameroen, Gabon, Kongo en Kongo-Kinsjasa. Bostrychia olivacea rothschildi: Prinsipe (†?). Bostrychia olivacea akeleyorum: de berchwâlden fan Kenia en Tanzania.
Status De populaasje wurdt op 3.000 oant 45.000 folwoeksen fûgels rûsd mar om 't de fûgel skou is en yn dreech tagonklike gebieten libbet is der in soad ûnwis. Oannommen wurdt dat de populaasje troch û.o. jacht en ferneatiging fan biotoop ôfnimt, mar net sa hurd dat de fûgel bedrige wurdt. De soarte stiet op 'e Reade list fan IUCN as net bedrige klassifisearre (2020).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Afrikaanske griene ibis Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania