De Yndyske wite ibis (Threskiornis melanocephalus) is in fûgelsoarte út it skaai hillige ibissen (Threskiornis) fan 'e famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte is foar it earst yn 1790 troch John Latham publisearre.

Beskriuwing thumb|left|De ibis oan de Mula Mutha-rivier yn 'e Yndiaaske steat Maharashtra. De Yndyske wite ibis hat in soad fan 'e hillige ibis. De trochstrings 65-76 sm lange fûgel is foar it measte wyt. De kop, snaffel, hals en poaten binne swart. De sierfearren by de sturt binne ljochtgriis, dy't yn 'e briedtiid swart wurde.

Der binne fierder gjin ferskillen tusken it wyfkes en mantsjes, de mantsjes binne trochstrings wat grutter as de wyfkes.

Fersprieding De fûgel komt foar yn grutte dielen fan Yndia, Bangladesj, Nepal, Sry Lanka, Birma, it suden fan Tailân, Malakka, West- en Súd-Sumatra en West-Java en noardeastlik Sina. As swalkfûgel komme se ek wolris yn Japan, de Koreä's, Laos en Mongoalje foar.

Alhoewol't de Yndyske wite ibis faak in wetterfûgel neamd wurdt, foerazjeart er yn ferskillende natuerlike en troch de minske oanleine habitats.

Fuortplanting en iten thumb|left|Nêst fan 'e Yndyske wite ibis. De fûgel briedt yn 'e reintiid yn koloanjes, faak mei oare wetterfûgels. It nêst leit by de grûn, yn leechhout of yn beammen. Wyfkes lizze twa oant fjouwer aaien, dy't yn likernôch 21 dagen bebret wurde. By it fuorjen pakt de jonge fûgel de snaffel fan 'e âlder fêst, wêrnei't dy de ynhâld fan 'e kiel útbraakt yn ' bek fan 'e pyk. Jonge fûgels fleane nei fiif oant seis wiken út. Yn it briedseizoen wurde de keale plakken ûnder de wjukken bloedread.

Mei syn lange snaffel siket de fûgel yn 'e boaiem nei ynsekten, skaaldieren en oare dierkes. Ut en troch pakt er ek lytse sûchdieren of reptilen.

Status De populaasje wurdt op 10.000 oant 20.000 folwoeksen fûgels rûsd. De fûgel wurdt troch in grut tal ûntwikkelingen bedrige, lykas it drûchlizzen fan sompen, feroarings yn 'e lânbou, jacht, fersteuring en it sammeljen fan aaien en nêstjongen. Yn Tailân, Kambodja, Fjetnam en Yndoneezje rinne de oantal yn guon gebieten tebek. Fral de populaasje fan Sumatra is de lêste jierren ynheech tempo oan it ferdwinen. Mei't it ferspriedingsgebiet grut is, klassifisearret de IUCN de Yndyske wite ibis as net bedrige.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Hillige ibis Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia