De Verbandsgemeinde Brohltal is in ferbânsgemeente yn 'e lânkring Ahrweiler yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It gemeentehûs stiet yn Niederzissen.

De gemeente leit yn 'e Fulkaaneifel en is ferneamd nei it dellingsgebiet fan 'e 20 km lange Brohlbach, dy't by Brohl-Lützing yn 'e Ryn útmûnet. Ek bekend binne de Laacher See en de abdij Maria Laach. De Brohltalbahn is in smelspoarbaan mei in spoarbreedte fan ien meter.

It gebiet is ryk oan natoer en kuier- en fytspaden.

Ortsgemeinden De ferbânsgemeente bestiet út santjin Ortsgemeinden:

Brenk Burgbrohl Dedenbach Galenberg Glees Hohenleimbach Kempenich Königsfeld Niederdürenbach Niederzissen Oberdürenbach Oberzissen Schalkenbach Spessart Wassenach Wehr Weibern

Kategory:Gemeenteferbân yn Rynlân-Palts Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1970