Erwin Rommel (folút: Erwin Johannes Eugen Rommel; Heidenheim an der Brenz, 15 novimber 1891 – Herrlingen, 14 oktober 1944) wie ien fan 'e meast ferneamde Dútske generaals út 'e Twadde Wrâldoarloch. Oan it begjin fan 'e oarloch wied er kommandant fan Hitler syn liifwacht, en dêrnei fierde er it befel oer ien fan 'e pânserdifyzjes dy't mei har flugge opmars yn 1940 Frankryk ûnder fuotten hellen. Hy makke lykwols fral namme as kommandant fan it Afrikakorps, en wûn mei syn tûke militêre kampanjes yn Noard-Afrika de bynamme fan "de Woastynfoks". Hoewol't er in better strateech wie as de Britske generaals tsjin wa't er it opnaam, waard brekme oan branje, foarrieden en materieel him úteinlik needlottich, sadat it Afrikakorps yn 'e Twadde Slach by El Alamein, yn 'e Egyptyske woastyn, foargoed ferslein wurde koe troch it Britske 8e Leger ûnder generaal Bernard Law Montgomery.

Nei de weromtocht fan syn troepen nei Tuneezje kearde Rommel werom nei Jeropa, dêr't er op D-Day it befel oer de Dútske troepen yn Normanje fierde, mar de Alliëarde ynvaazje net wist te kearen. Troch de ûnferskillige hâlding fan Hitler foar syn troepen yn Noard-Afrika oer wie Rommel ferbittere rekke, en yn it foarjier fan 1944 waard er troch guon freonen fan sines sydlings behelle yn it Komplot fan 20 July, om Hitler te fermoardzjen. Doe't de oanslach mislearre, foel Rommel yn ûngenede en waard er twongen om himsels fan kant te meitsjen troch gif yn it nimmen. Rommel syn militêre súksessen en syn persoanlike eargefoel wûnen him net inkeld it respekt fan syn eigen soldaten, mar ek fan syn fijannen. Hy is de iennichste pommerant út it Tredde Ryk dy't tsjintwurdich in eigen museum hat.

Jonkheid en priveelibben Erwin Rommel waard op 15 novimber 1891 berne yn Heidenheim an der Brenz, yn it doetiidske Keninkryk Wuertemberch, yn súdwestlik Dútslân, op likernôch 45 km fan Ulm. Syn doop folge twa dagen nei de berte, op 17 novimber. Rommel wie de twadde fan fjouwer bern yn it gesin fan Erwin Rommel sr., in protestantsk luitenant by de artillery en letter boppemaster fan 'e middelbere skoalle te Aalen, en dy syn frou Helene von Luz. Hy hie in âldere broer, Karl, en in jongere broer en suster, Gerhard en Helene. Letter soed er oer syn jonkheid sizze dat dy tige lokkich west hie.

Doe't er 14 wie boude Rommel mei in maat in eigen sweeffleantúch, dat by steat wie en flean in koart eintsje. As opslûpen jonge liet er it yn him omgean om yngenieur te wurden, mar op oanstean fan syn heit, dy't foar him in militêre karriêre yn 'e holle hie, melde er him mei achttjin jier oan by it 124ste Wuertemberchske Ynfanteryrezjimint. As faandrich folge er dêrnei fan 1910 oant 1911 in ofsiersoplieding oan 'e Ofsierskadetteskoalle te Danzig (it hjoeddeiske Gdańsk, yn Poalen), dy't er mei goed gefolch ôfrûne. Yn jannewaris 1912 krige er sadwaande de rang fan luitenant yn it Keizerlike Leger.

Op 'e kadetteskoalle mette Rommel ek syn takomstige frou, de doe santjinjierrige Lucia Maria Mollin. Se trouden yn 1916, en krigen yn 1928 in soan, Manfred Rommel. Dyselde soe letter boargemaster fan Stuttgart wurde. Foarôfgeande oan syn houlik hie Rommel yn 1913 in relaasje mei in Walburga Stemmer, dêr't in dochter, Gertrud, út berne waard. Hoewol't Rommel dizze relaasje neitiid ôfbriek, ûnderhold er wol syn dochter, mei wa't er syn hiele fierdere libben in nauwe bân hie. Hja waard grutbrocht troch har beppe oan memmekant en gie troch foar Rommel syn "omkesizzer".

De Earste Wrâldoarloch Yn de Earste Wrâldoarloch focht Rommel yn Frankryk, Roemeenje en Itaalje. Hy wie as ofsier earst in hoartsje yndield by it 6e Wuertemberchske Ynfanteryrezjimint, mar waard al rillegau oerpleatst nei it Wuertemberchske Berchbataljon fan it Alpenkorps, in elite-ienheid dy't talein wie op it fjochtsjen yn bercheftige kriten. Rommel krige by dat legerûnderdiel al mei gauwens de namme dat er fluch taktyske beslissings nimme koe. Hy ynfiltrearre ferskate kearen ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster de linys fan 'e fijân en wist dan maksimaal te profitearjen fan 'e dêr troch himsels feroarsake betizing. Sa wist er ien kear mei mar fiif ûnderhearrigen 43 fijannige ofsieren en 1.500 soldaten kriichsfinzen te meitsjen.

Rommel rekke yn dy jierren trije kear ferwûne, twa kear oan it Westfront en ien kear ûnder de Roemeenske Fjildtocht. Hy waard yn 1914 ûnderskaat mei it izerne krús, twadde klasse, en it jiers dêrop mei it izerne krús, earste klasse. Ek wûn er yn 1918 de Pour le Mérite-medalje, de heechste Prusyske militêre ûnderskieding, nei syn oandiel yn 'e Slach by Caporetto, yn noardeastlik Itaalje, dêr't er mei mar 100 man it Italjaanske bolwurk Matajur ynnaam en 7.000 Italjaanske militêren kriichsfinzen makke. Rommel tsjinne ûnder de Earste Wrâldoarloch in hoartsje yn deselde ienheid mei Friedrich Paulus, dy't it letter ek ta fjildmaarskalk bringe soe.

It Ynterbellum Nei de ein fan 'e Earste Wrâldoarloch, de fal fan it Dútske keizerryk en de stifting fan 'e Weimarrepublyk, allegear yn 1918, behold Rommel earst syn posysje as kommandant fan in ynfanterykompanjy. Under it Ynterbellum wied er fan 1929 oant 1933 ynstrukteur oan 'e militêre skoalle te Dresden, dêr't er ferskate non-fiksjewurken op it mêd fan 'e kriichskunde skreau. Neitiid fierde er fan 1933 oant 1935 as ofsier by de Wehrmacht it befel oer in jagerbataljon fan it Alpenkorps. Yn dy hoedanichheid kaam er foar it earst yn 'e kunde mei Adolf Hitler, doe't er by in militêre parade wegere om syn bataljon te presintearjen om't er de hage fan SS-troepen dy't Hitler beskermje moast, as in mislediging fan syn Alpenjagers beskôge.

Mei dat optreden hied er blykber yndruk makke op 'e Führer, want dy pleatste him oer nei Potsdam, dêr't er fan 1935 oant 1938 ferbiningsofsier foar de Wehrmacht by de Hitler-Jongerein wie. Yn 1937 liet Rommel syn deiboeken út 'e Earste Wrâldoarloch útjaan, in publikaasje dy't yn militêre fermiddens tige goed ûntfongen waard. Underwilens bestie syn wurk by de Hitler-Jongerein út jaan fan lêzings en it ynspektearjen fan 'e ûnderskate kampen fan 'e jongereinmilysje. Hy rekke lykwols al rillegau deilis mei it haad fan 'e Hitler-Jongerein, Baldur von Schirach, û.m. om't er fûn dat de Wehrmacht mear ynfloed krije moast op 'e trening fan 'e jongereinmilysje, wat Schirach as in ynbrek op syn eigen macht beskôge. Hoewol't der neitiid dochs legerynstrukteurs by de Hitler-Jongerein kamen, wie harren taak folle beheinder as wat Rommel foar eagen stien hie.

Rommel sels waard yn 1938 mei de rang fan kolonel oerpleatst nei de Militêre Akademy fan Wiener Neustadt, dêr't hy kommandant waard. Koarte tiid letter krige er lykwols op oanstean fan Hitler sels it befel oer it saneamde Führerbegleitbataillon, in bataljon dat de Führer oaral bûten Dútslân begelate en beskerme. It wie yn dy perioade dat er yn 'e kunde kaam en befreone rekke mei Joseph Goebbels, de minister fan propaganda. Dyselde waard in fanatike bewûnderer fan Rommel, en joech him yn 1941 in foarbyldfunksje as nazy. Dêrby liet Goebbels him net troch de wurklikheid liede, mar werskreau er Rommel syn hiele libben troch him ôf te skilderjen as de soan fan in ienfâldich mitselder dy't al ier lid fan 'e NSDAP wurden wie (yn it echt wie Rommel nea lid fan 'e nazypartij). Doe't Rommel him dêroer beklage, krige er te hearren: ''Wenn es auch nicht stimme, wäre es doch gut, wenn es stimmen würde" ("Al is it net wier, it soe moai wêze as it al wier wie"). Rommel liet it net slûpe, mar easke in rektifikaasje, dy't Goebbels him úteinlik ek joech, op in sa ûnopfallend mooglik plak as er mar fine koe.

De Twadde Wrâldoarloch

De Poalske Fjildtocht (1939) Doe't op 1 septimber 1939 mei de Dútske ynfal yn Poalen de Twadde Wrâldoarloch begûn, wie Rommel, ûnderwilens as generaal-majoar, noch altyd kommandant fan it Führerbegleitbataillon. Yn dy hoedanichheid wied er net sasear by de eigentlike striid belutsen, mar befûn er him ornaris wol deun efter de frontliny. Nei't de Poalen ferslein wiene, kearde Rommel werom nei Berlyn foar de Dútske oerwinningsparades.

Neitiid waard him op syn eigen oanstean it befel jûn oer ien fan 'e fjouwer nije pânserdifyzjes fan 'e Wehrmacht. Hoewol't der by syn ûnderhearrigen, dy't him inkeld koene as in berchynfanterist, yn 't earstoan twifel oer bestie oft er him wol mei tanks rêde kinne soe, seach Rommel sels net safolle ferskil. Syn oerwinnings út 'e Earste Wrâldoarloch hied er ommers behelle mei in kombinaasje fan it ferrassingselemint en faasje, en dat wie persiis wêr't pânserdifyzjes foar makke wiene. Wat er noch net wist, learde er fluch by, sadat syn 7e Pânserdifyzje begjin 1940 ree wie om mei te dwaan oan Fall Gelb, de Dútske útbraak nei it westen troch de Benelúkslannen hinne.

De Slach om Frankryk (1940) Oer de Maas Op 10 maaie 1940 gie de 7e Pânserdifyzje as ûnderdiel fan generaal Hermann Hoth syn XVe Legerkorps mei yn 'e oanfal. Rommel en syn mannen trieken de Belgyske grins oer en berikte mei gauwens de Maas by it Waalske Dinant. Dêr moast men hohâlde om't de Alliëarden de brêge opblazen hiene, en de Dútske troepen kamen ûnder fjoer te lizzen fan 'e Belgyske ferdigeners op 'e westigge fan 'e rivier. Mei't de Dútsers net oer reekgranaten beskikten, joech Rommel befel en stek in stikmannich huzen yn 'e brân. Under dekking fan 'e reek dy't dat opsmiet, stiek de Dútske ynfantery mei rubberboaten de rivier oer om in brêgehaad te foarmjen. Dêrnei eigene Rommel him de pontons fan 'e 5e Pânserdifyzje ta om in needbrêge te slaan, en sadree't dy funksjoneel wie, gie Rommel der yn 'e twadde tank oerhinne.

Ienris oer de rivier teach de 7e Pânserdifyzje de Ardinnen út en Frankryk yn. Dêrby wie it Rommel syn taktyk om terrein te winnen troch oanhâldend oan te fallen en de fijân gjin kâns te bieden om te wergroepearjen. Hy fierde flankearjende oanfallen út en omlûkende maneuvers om 'e Frânske ienheden yn 'e rêch te treffen, en makke dêrby tankber gebrûk fan sawol de Dútske loftmacht, de Luftwaffe, as fan mobile artillery. Sa ûntjoech de ynfantery-ofsier fan in healjier earder him ta ien fan 'e bêste tankkommandanten fan 'e Blitzkrieg. In wichtich ûnderdiel fan syn súkses wie de psychologyske skok dy't sokke felle oanfallen by de fijân tewei brochten. It moreel fan 'e Frânske troepen rekke der raar fan yn 'e nederklits, en se begûnen har massaal oer te jaan.

De Slach by Atert Op 15 maaie ferovere Rommel syn difyzje Kameryk (Cambrai), dêr't er in skoftke stilhâlde moast om't troch de flugge opmars de benzine op wie en de kommunikaasje mei it Dútske haadkertier ferlern gien wie. Fiif dagen letter berikte de 7e Pânserdifyzje Atert (Arras), dêr't Rommel besocht om it Britske ekspedysjeleger fan 'e kust ôf te snijen. Yn it earste stadium fan 'e Slach by Atert wist it Dútske ferkenningsbataljon fan kolonel Hans von Luck mei stipe fan Stuka-dûkbommesmiters it La Bassée-kanaal oer te stekken, mar de oare deis diene de Britten in tsjinoanfal mei har swiere Matilda Mk I- en Matilda II-tanks, dy't ûnkwetsber wiene foar de Dútske 37 mm-antytankwapens. In batterij fan 80 mm-houwitsers wist de earste Britske tankkolône tsjin te hâlden, mar de twadde kolône kaam oant binnen in km ôfstân fan Rommel syn fjildhaadkertier, en koe úteinlik mei muoite opkeard wurde troch in batterij 88 mm-antyloftgeskut.

Nei de Slach by Atert liet Hitler syn troepen hohâlde wylst er besocht om ta in ôfsûnderlike frede te kommen mei Grut-Brittanje. Dat smiet in pear dagen rêst op, dy't de 7e Pânserdifyzje goed brûke koe. De Britten hiene lykwols gjin serieuze belangstelling foar frede, mar woene inkeld tiid winne om harren troepen út Belgje en noardlik Frankryk werom te lûken nei Dúntsjerk (Dunkerque), dêr't se mei skippen wei evakuëarre wurde koene nei it heitelân.